Flagge fan Surhuzum
De flagge fan Surhuzum is de flagge fan it doarp Surhuzum, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. De flagge waard yn 1991 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen giel-blau-giel elk fan 1/3 flaggehichte, in reade broekingstrijehoeke, reitsjend oant 2/3 flaggehichte. De reade punt belein mei in giele leelje fan 3/5 flaggehichte, de middelline fan de leelje op 1/5 flaggehichte fan de broek.
De kleuren komme út it wapen fan Surhuzum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Blauwe baan: ferwiist nei it rivierke De Lauwers eastlik fan it doarp.
- Leelje: symboal foar it Sistersjinzers kleaster Jeruzalim. De leelje komt ek foar yn it wapen fan de famylje Fan Haersma.
- Reade punt mei blau krús: ferwizing nei in blau krús dat neist de tsjerketoer ferskine wêze soe nei in preek fan Olivier fan Keulen yn 1214.
- Giel: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.