Wapen fan Surhuzum
It wapen fan Surhuzum is it wapen fan it doarp Surhuzum, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 1991 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in punt fan kiel, toppe mei in krús fan azuer, beselskippe links fan in boekweetkerl, rjochts fan in ikel, beide fan sinopel en fan boppe fan in krús fan azuer; en in weagjende skyldhaad fan azuer, belein mei twa leeljes fan goud.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), azuer (blau) en sinopel (grien).
Symbolyk
bewurkje seksje- Blau skyldhaad: ferwiist nei it rivierke De Lauwers eastlik fan it doarp.
- Leeljes: symboal foar it Sistersjinzers kloaster Jeruzalim. De leelje komt ek foar yn it wapen fan de famylje Haersma.
- Reade punt mei blau krús: ferwizing nei in blau krús dat neist de tsjerketoer ferskine wêze soe nei in preek fan Olivier fan Keulen yn 1214.
- Ikel: ferwiist nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.
- Boekweetkerl: stiet foar de teelt fan boekweet.