Flame of Sevenwaters

Flame of Sevenwaters is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Flam fan Sevenwaters". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jongfaam Maeve, dy't yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen weromkeart nei har berteplak en dêr behelle rekket by aparte en njoere dingen. Flame of Sevenwaters is it sechsde diel fan 'e Sevenwaters-rige, en is as sadanich in op himsels steand ferfolch op 'e eardere dielen fan 'e searje, wêryn't oare leden fan it skaai fan Sevenwaters de haadrol spilen. Flame of Sevenwaters waard yn 2012 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. It boek waard yn 2015 yn it Nederlânsk oerset troch Maren Mostert en ûnder de titel Vlam van Zeven Wateren publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.

Flame of Sevenwaters
algemiene gegevens
auteur Juliet Marillier
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2012, Sydney
oarspr. útjwr. Pan Macmillan
rige
rige Sevenwaters-searje
● foarich diel Seer of Sevenwaters
kodearring
ISBN 978-1 74 26 12 218

Maeve (útspr.: "mev") is ien fan 'e seis dochters fan Sean fan Sevenwaters, in ealman út it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen. As jong famke is hja slim ferwûne rekke by in brân, mei as gefolch dat se har hannen net mear brûke kin en dat de sydkant fan har holle skeind rekke is. Se is dêrom fierder opgroeid yn 'e húshâlding fan har muoike Liadan, yn Kumbria, dy't in tige kundige genêzeresse is. Dêr hat Maeve har fermoedsoene mei har lichaamlike beheinings en ûntdutsen dat se in talint hat om mei har stim bisten te kalmearjen. Fan gefolgen hat se har talein op it belearen fan hynders. Flame of Sevenwaters iepenet tsien jier nei de brân, as Liadan har man, Maeve har omke Bran, har freget om Swift, in tige jinstige jonge hynst, te begelieden, dy't er as geskink nei Sevenwaters stjoert.

Maeve stimt ta yn dat fersyk, mar hoewol't har groeden genêzen binne, is se geastlik noch fragyl en is se huverich om har berteplak werom te sjen en de konfontaasje mei har ferline oan te gean. As Maeve en har like âlde tsjinstfaam Rhian (dy't al fan bern ôf oan as har hannen fungearret) mei in pear stâlfeinten yn Sevenwaters oankomme, is de hiele hearlikheid yn ûnstjoer. Mac Dara, in foarst fan 'e Tuatha Dé Danann, dy't no oer de Oare Wrâld hearsket, besiket Sean fan Sevenwaters te twingen om him syn ienlingssoan Cathal werom te jaan (sjoch: Heir to Sevenwaters), dy't no troud is mei Sean syn dochter Clodagh en op it eilân Inis Eala libbet, foar de noardkust fan Ierlân, dêr't Mac Dara him net berikke kin. Om syn sin te krijen hat Mac Dara in groep ûnskuldige reizgers oan 'e grinzen fan Sevenwaters ûntfierd en no wurde dy mannen ien foar ien fermoarde weromfûn. Om't it hjirby om it reisselskip fan Tiernan en Artagan gie, de soannen fan in tige ynfloedrike Ierske ealman fan 'e Uí Néill-famylje, stiet Sean ûnder grutte druk om 'e saak op te lossen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Foar Maeve is it dreech om it plak fan 'e brân werom te sjen, mar de hertlike ûntfangst troch har famylje makket in protte goed. Fral har heit en har jongere broer, de sânjierrige Finbar, kin se tige goed mei opsjitte, hoewol't der tusken har en har mem in beskate ôfstannigens bestean bliuwt. Fierders wurdt se in pear swerfhûnen yn it wâld fan Sevenwaters gewaar, dy't se Bear en Das neamd, en dy't se mei har stim en lekker iten wit te troaien oant se ûnskiedber fan har binne. As Maeve op in dei lykwols ien fan 'e fermiste leden fan it selskip fan Tiernan en Artagan dea yn 'e bosk oantreft, wurdt se mei de noas op 'e feiten drukt.

Net folle letter naait Swift út, en de jonge Finbar giet der op eigen manneboet efteroan. Op dat stuit binne Maeve en Finbar allinnich, dat Maeve hat gjin oare kar as om mei de beide hûnen de efterfolging yn te setten. Earne yn 'e bosk geane sy en Finbar de grins oer fan 'e minskewrâld nei de Oare Wrâld. Neitiid docht bliken dat sy en har broer mei opsetsin dêrhinne lokke binne. In ealfrouwe fan 'e Tuatha Dé Danann, Caisin Sulverhier, is nammentlik fan doel om Mac Dara fan 'e troan te stjitten, en dêrta hat hja in âlde, suver fergetten profesije opdjippe, dy't sprekt oer in ealmanssoan en in fanke mei hannen dy't neat fêsthâlde kinne. Maeve, dy't graach har famylje helpe wol, lit har troch Caisin bedrage. Se leaut dat de ealfrouwe in rjochtskepener persoan is as Mac Dara, mar as sy en Finbar meigeane nei it Grutte Konklaaf, in gearkomste fan 'e Tuatha Dé Danann dêr't Caisin Mac Dara útdaagje sil ta in krêftmjitting, docht bliken dat Caisin gjin hier better is. De ealfrouwe is folslein ree om sawol Maeve as Finbar op te offerjen foar har eigen ambysje, en inkeld de tuskenkomst fan Bear en Das kin harren dea foarkomme.

Op it hichtepunt fan it konklaaf, as Caisin en Mac Dara ôflaat binne troch harren ûnderlinge striid, ferskine ynienen Ciarán, de druïde fan Sevenwaters, dy't in âldomke fan Maeve is, en har sweager Cathal, de soan fan Mac Dara. Tegearre witte dy beiden sawol Mac Dara as Caisin te oermasterjen. Cathal is kommen mei de bedoeling om syn heite plak yn te nimmen, ek al soe dat betsjutte dat er syn frou Clodagh en syn bern nea wer weromsjen soe, mar op it lêste stuit besparret Ciarán him dat lot troch sels it bestjoer fan 'e Oare Wrâld op him te nimmen. (Dêrta is er berjochtige om't syn mem in tsjoenster wie dy't fan de Tuatha Dé Danann ôfstamme; sjoch Child of the Prophecy.) Ciarán wol Mac Dara en Caisin Sulverhier yn ballingskip stjoere, mar de grutske Mac Dara stegeret sa'n beskamsum lot ôf, en yn syn lêste die sleept er de feralterearre Caisin mei yn in selskeazen dea.

Neitiid is ien fan Ciarán syn earste dieden om Bear en Das werom te feroarjen yn 'e ealmanssoannen Artagan en Tiernan. It docht no bliken dat hja troch de boppenatuerlike Fomoaren (fan wa't de famylje fan Sevenwaters ôfstammet) yn hûnen feroare wiene om har tsjin Mac Dara te beskermjen. Maeve en Artagan reitsje op slach smoarfereale opinoar. Artagan freget har om mei him te trouwen, en Maeve, dy't altyd tocht hie dat se omreden fan har skeinde hannen en holle nea trouwe soe, jout him tawurd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

de Sevenwaters-searje
Sevenwaters-trilogy (Daughter of the Forest • Son of the Shadows • Child of the Prophecy) | Heir to Sevenwaters | Seer of Sevenwaters | Twixt Firelight and Water (koart ferhaal) | Flame of Sevenwaters