Seer of Sevenwaters
Seer of Sevenwaters is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier, dy't ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy heart. De titel betsjut: "Sjenneresse fan Sevenwaters". It boek fertelt it ferhaal fan 'e jongfaam Sibeal, dy't yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen in skipbrekling rêdt en dêrtroch belutsen rekket by in aventoer mei alderhanne boppenatuerlike aspekten. Seer of Sevenwaters is it fyfde diel fan 'e Sevenwaters-searje, en is as sadanich in op himsels steand ferfolch op 'e eardere dielen fan 'e searje, wêryn't oare leden fan it skaai fan Sevenwaters de haadrol spilen. Seer of Sevenwaters waard yn 2010 publisearre troch de Australyske difyzje fan útjouwerij Pan Macmillan. It boek waard yn 2011 yn it Nederlânsk oerset troch Maren Mostert en ûnder de titel Ziener van Zeven Wateren publisearre troch Utjouwerij Luitingh-Sijthoff.
Seer of Sevenwaters | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Juliet Marillier | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2010, Sydney | |
oarspr. útjwr. | Pan Macmillan | |
rige | ||
rige | Sevenwaters-searje | |
● foarich diel | Heir to Sevenwaters | |
● folgjend diel | Flame of Sevenwaters | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 33 04 04 136 |
Ynhâld
bewurkje seksjeSibeal (útspr.: "Sjibbeel") is ien fan 'e seis dochters fan Sean fan Sevenwaters, in ealman út it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen. Hja hat leard foar druïde en stiet op it punt om har ûnthjitten ôf te lizzen en as folweardich lid yn 'e selibatêre mienskip fan druïden opnommen te wurden, mar foarôfgeande dêroan bringt se de simmer troch op Inis Eala, in eilantsje foar de Ierske noardkust, dêr't twa fan har susters wenje. Sibeal is dêr noch mar kwealk as der by in stoarm in skip fergiet op it rif foar de kust fan Inis Eala. De measte opfarrenden ferlieze dêrby it libben, útsein ien man fan Noarsk komôf, dy't fan Knut hjit, en dy syn frou, de tige kreaze Svala, dy't net prate kin. Svala is tige drôf en hâldt en draacht har hiel apart, eat dat troch Knut ferklearre wurdt mei it ferlies fan harren jonge soan, dy't ek oan board fan it skip wie.
Dy nacht liede Sibeal har fermogens as sjenneresse har nei in ôfhandich diel fan 'e kust fan it eilân, dêr't in trêde oerlibbene oanspield blykt te wêzen. Hy is mear dea as libben, en sy rêdt him mei gefaar foar eigen libben as er troch de opkommende floed wer yn see spield driget te wurden. Letter docht bliken dat de man syn ûnthâld ferlern hat en sels syn eigen namme net mear betinke kin. Sibeal jout him dan de namme Ardal, en hja is nau belutsen by syn ferpleging. Stadichoan groeie sy beiden mear nei inoar ta, hoewol't foar beide dúdlik is dat it nea wat tusken harren wurde kin, mei't Sibeal foarbestimd is foar in selibatêr bestean, en Ardal grif syn eigen libben hat, ek al hat er dêr no gjin weet fan.
Knut is alhiel net bliid mei it feit dat Ardal de skipbrek oerlibbe hat. Foar de bûtenwrâld is er ien en al freonlikens en sympaty, mar as er allinne mei Ardal is, bedriget er dyselde mei de dea. Knut is nammentlik fan betinken dat Ardal syn ûnthâldsferlies mar beart, en hy wol koste wat kost foarkomme dat de bewenners fan Inis Eala mear oer de reis fan harren fergiene skip te witten komme. As Knut dêrta suggerearret dat er Sibeal wat oandwaan sil as Ardal syn mûle iependocht, beslút Ardal dat er sa gau mooglik sjen moat dat er wer opbetteret, sadat er Inis Eala ferlitte kin en Sibeal wer feilich wêze sil. Underwilens ûntdekt Sibeal dat se op breklike wize telepatysk kommunisearje kin mei de eksintrike Svala. As dy har in fizioen sjen lit fan in seedraak dy't it fergiene skip oanfalt, freget Sibeal har ôf wat dat betsjut. Neitiid besprekt se har fizioen mei har susters Muirrin en Clodagh en inkele oare froulju fan it eilân.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Knut guon manlju oer in seedraak praten heart, is er derfan oertsjûge dat sok praat by Ardal weikommen wêze moat. Hy is no wis dat it ûnthâldsferlies mar in ferlechje wie, en beslút om aksje te ûndernimmen. Nachts kringt er de keamer binnen dêr't Ardal sliept en besiket him te smoaren, mar Sibeal, dy't it oangrinzgjende fertrek hat, fernimt him troch har fermogens as sjenneresse, en har gjalpen bringe oaren, dy't Knut rillegau oermasterje. Under de wrakseling hat Ardal de holle stompt dat er bewusteleas rekke is, en as er wer by besleur komt, hat er syn ûnthâld weromkrigen.
Foar Sibeal har neef Johnny, de lieder fan 'e mienskip op Inis Eala, fertelt Ardal, dy't eins Felix hjit, dan syn ferhaal. Hy is in Bretonsk ealman dy't yn ballingskip yn Ierlân gien is om't er thús troch syn wegering om kristlike dogma's te oanfurdzjen yn oanfarring kommen wie mei de machtige geastlikheid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Mei't er in leard man is, wist er foar himsels en syn broer Paul in plak te winnen oan it hof fan 'e kening fan Munster, dêr't er as tolk en klerk fungearre. Mei ferskate oare hôvelingen waarden de beide bruorren op in stuit útstjoerd nei de Orkaden, om geskinken te bringen en in houlik te beävensearjen tusken de kroanprins fan Munster en de dochter fan 'e Orkadyske greve.
Underweis rekke harren skip lykwols út koerts troch in stoarm en se waarden fier de Atlantyske Oseaan opblaasd en rekken ferskate bemanningsleden kwyt dy't oerboard sloegen. Uteinlik fûnen se beskûl yn in beskutte baai fan in iensum, rotsich eilantsje, dat lykwols it domein bliek te wêzen fan in seedraak. Nei't se oan in oanfal fan it bist ûntkommen wiene, setten se harren skip dêr op it kiezelstrân en stjoerden in groep ferkenners út om nei drinkwetter te sykjen. Felix bleau op it skip om in sike reisgenoat te fersoargjen. Mar in koart skoftke letter naam Knut mei in groepke trewanten it skip oer en sylde dermei fuort, om't er syn kâns skoan seach om te ûntkommen doe't de seedraak de ferkenners oanfoel. Felix syn broer Paul besocht Knut tsjin te hâlden, mar waard oermastere en yn it rom smiten, krekt as in neakene frou, Svala, dy't Knut-en-dy blykber op it eilân oppikt hiene. Nei dagen fan reizgjen fergie it skip by in nije stoarm foar de kust fan in oar eilantsje, dat Inis Eala bliek te wêzen. Dêrby liet Felix syn broer Paul it libben, om't Knut him fêstbûn holden hie.
No't er alles wer wit, wol Felix sa mooglik weromkeare nei it eilân fan 'e seedraak, om 'e mannen te rêden dy't dêr efterlitten binne. As Knut troch Johnny ûnder druk set wurdt, jout dy ta dat Felix fierhinne de wierheid ferteld hat oer de reis en de seedraak, en teffens jout er no ta dat hy en Svala nea in soan hân hawwe; dat hied er inkeld betocht om Svala har apart hâlden en dragen út te lizzen. Mar hy hâldt fol dat Svala syn frou is. Felix leit dêr tsjinyn dat dat net wier wêze kin om't se har nea sjoen hiene ear't se it eilân fan 'e seedraak berikten.
Nei alles yn omtinken nommen te hawwen, beslút Johnny in ekspedysje út te stjoeren nei it eilân fan 'e seedraak, dy't er ûnder lieding stelt fan syn freon Gareth. Felix giet mei en ek Sibeal, mei't se út it smiten fan 'e runen wit dat de ekspedysje op in ramp útrinne sil as sy der net by is. Fierders giet ek Svala mei, dy't neat leaver liket te wollen as werom te kearen nei it eilân fan 'e seedraak, wylst Johnny ek Knut mei stjoert, dy't sa in kâns bean wurdt om syn earder dwaan rjocht te breidzjen. Mei help fan Svala witte se it eilân fan 'e seedraak werom te finen. Wat tichter oft se dêr by komme, wat selsstanniger oft Svala wurdt. As Knut úteinlik yn panyk Felix oanfalt, om't er út noch yn net nei it eilân werom wol, is it Svala dy't yngrypt en dêrby Knut de learene koarde ôfskuort dy't er om syn hals draacht.
Oankommen by it eilân blykt der yndie in seedraak te wêzen, mar dy't liket benammen bliid te wêzen mei harren komst, en it grutste gefaar is dat er mei syn útskroeven hâlden en dragen harren skip ta sinken bringe sil. Svala is ek alhiel optein, mar dat feroaret as se oan lân giet en omdôch om it ien of oar siket. Se kin Sibeal lykwols net oan it ferstân krije wat it is dat se mist. De oare deis geane Sibeal, har sweager Cathal en ferskate oaren op 'e siik nei de groep ferkenners dy't troch it oare skip útstjoerd wiene, en mei Sibeal har help witte se trije oerlibbenen te finen, dy't beskûl socht hawwe yn in grot en har yn libben holden hawwe mei fûgelaaien, seewier en wat fierder mar op it eilân foarhâns is. De jonge en de beide mannen binne der min oan ta. De sykste fan 'e trije is troch de oare beide ôfdutsen mei in bombidich stik lear of sa dat se nei eigen sizzen op it strân fûn hawwe.
Op 'e weromweis komt de seedraak it selskip oer it mad, en dan blykt dat Sibeal ek mei him kommunisearje kin, op in selde soarte manear as dy't se brûkt om mei Svala te praten. Ut syn gedachten makket se einlings en te'n lêsten op wat Svala siket: it stik lear dat de trije oerlibbenen brûkt hawwe om waarm te bliuwen. Dêrop geane Sibeal en Cathal werom nei de grot om it op te heljen. Werom op it strân docht bliken dat it lear Svala har oare hûd is. Hja slacht it om en feroaret dan sels ek yn in seedraak. It is dan dúdlik wat der bard is: Knut wie har yn har minsklike foarm oer it mad kommen en hie har ûntfierd, en dêrby in stripe fan har drakehûd ôfsnien dy't er om 'e hâls droech om har yn betwang te hâlden. No't se wer har drakefoarm hat, is it earste wat Svala docht de jammerjende Knut oppakke en opfrette.
Neitiid keare Sibeal, Felix, Cathal, Gareth en de oaren mei de trije oerlibbenenen werom nei Inis Eala, dêr't Sibeal har learmaster Ciarán harren opwachtet. Sibeal en Felix binne ûnder de reis ta de ûntdekking kommen dat se safolle faninoar hâlde, dat se inoar ferfolmeitsje, mar Sibeal sjocht gjin mooglikheid om har leafde foar Felix te kombinearjen mei in libben as druïde, dat har lotsbestimming is, en se wurdt alhiel ferskuord troch har gefoelens. Uteinlik biedt de strange Ciarán, fan wa't Sibeal it it minst ferwachte hie, útkomst: hy wit fan in religieuze mienskip yn súdlik Ierlân, dy't troude stellen akseptearret. It binne net alhiel druïden, mar it komt der hiel ticht by yn 'e buert, en hy hat neat oars as lof oer dy lju heart. Sibeal grypt dy mooglikheid mei beide hannen oan, en sy en Felix fersizze harren oaninoar. Seer of Sevenwaters einiget as Felix op reis giet nei Munster om dêr by de kening ferslach te dwaan fan 'e misse reis nei de Orkaden, wêrnei't er trochreizgje sil nei Bretanje om syn âlden tynge te dwaan fan 'e dea fan syn broer Paul. Dêrnei sil er weromkomme om him mei Sibeal yn súdlik Ierlân te fêstigjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |