Sevenwaters (romansearje)
Sevenwaters is in romansearje dy't skreaun is troch de Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier. De rige heart ta it sjenre fan 'e fantasy, en mear spesifyk ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy. De ferhalen spylje yn it Ierlân fan 'e Iere Midsiuwen, dêr't Marillier fantasy-eleminten lykas tsjoenderij en mytyske wêzens yn yntrodusearre hat tsjin in histoaryske eftergrûn. De titel betsjut: "Sânwetters", en ferwiist nei in fiktive hearlikheid yn it súdeasten fan Ulster, dêr't yn in djip wâld sân beken útmûnje yn in mar. De Sevenwaters-searje bestie yn 't earstoan út in trilogy, dy't tusken 1999 en 2001 útjûn waard troch de Australyske poat fan 'e útjouwerij Pan Macmillan. Mei it earste diel, Daughter of the Forest, dat Marillier har debútroman wie, briek se daliks troch. Letter skreau se noch trije ferfolchboeken. Fan alle dielen fan de searje is in Nederlânske oersetting ferskynd.
Sevenwaters | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Juliet Marillier | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje | |
sjenre | fantasy | |
oarspr. útjwr. | Pan Macmillan |
Searje
bewurkje seksje- de Sevenwaters-searje
- de Sevenwaters-trilogy
- 1999 – Daughter of the Forest
- Nederlânske oersetting: Dochter van het Woud (fert. Pauline Moody, 2001)
- 2000 – Son of the Shadows
- 2001 – Child of the Prophecy
- 1999 – Daughter of the Forest
- ferfolchboeken
- 2008 – Heir to Sevenwaters
- 2010 – Seer of Sevenwaters
- 2012 – Flame of Sevenwaters
- koart ferhaal
- 2013 – Twixt Firelight and Water (yn 'e ferhalebondel Prickle Moon)
- de Sevenwaters-trilogy
Daughter of the Forest
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Daughter of the Forest.
Daughter of the Forest hat as haadpersoan Sorcha, it sânde bern en de iennichste dochter fan 'e Midsiuwske Ierske ealman Colum fan Sevenwaters, dy't sûnder mem en mei in heit dy't net nei har omsjocht, grutbrocht wurdt troch har seis bruorren. As harren nije styfmem Oonagh in boaze tsjoenster blykt te wêzen, bynt dy har bruorren mei in skriklike betsjoening, dy't Sorcha inkeld opheffe kin troch gjin wurd te uterjen foar't se in opdracht fan in fee foltôge hat. Foar't har dat slagget, wurdt se lykwols ûntfierd troch fijannen fan Sevenwaters en meinommen nei in frjemd lân, dêr't se har grutte leafde fynt. Ferskuord tusken har leafde foar har bruorren en dy foar de man dy't se fûn hat, wanhopet se oft se ea wol har taak foltôgje sil, mar tsjoenderij ken gjin grinzen en leafde, sa docht bliken, is de machtichste soarte tsjoenderij fan allegear.
Son of the Shadows
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Son of the Shadows.
Yn 'e folgjende dielen fan 'e searje folget Marillier de neiteam fan Sorcha troch de jierren hinne. Son of the Shadows giet oer Sorcha har dochter Liadan, dy't har memme talinten urven hat. Hja wurdt finzen nommen troch de beruchte en ferspijde hierlingelieder dy't bekendstiet as de Beskildere Man. Stadichoan ûnttizet se syn skiednis, dy't ûnskiedber ferbûn blykt te wêzen mei de histoarje fan har eigen famylje. As har ferbeane leafde foar dizze man him ûntjout, moat Liadan kieze tusken him en de ferfolling fan in oerâlde profesije, dy't hawwe wol dat doem útstoart wurde sil oer har famylje as se yn dizze saak har hert folget.
Child of Prophecy
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Child of the Prophecy.
Yn Child of the Prophecy is Sorcha har beppesizzer Fainne de haadrolspylster. Dat is in yn isolaasje grutbrochte jongfaam mei boppenatuerlike krêften, dy't troch har oare beppe Oonagh, deselde boaze tsjoenster mei wa't Sorcha yn Daughter of the Forest de striid oanbûn, twongen wurdt om mei te wurkjen oan 'e ferneatiging fan Sevenwaters. As de langferwachte ferfolling fan 'e profesije einlings wurklikheid wurde sil, moat hja de ultime kar meitsje tusken goed en kwea.
Heir to Sevenwaters
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Heir to Sevenwaters.
Heir to Sevenwaters fertelt it ferhaal fan Clodagh, in oare beppesizzer fan Sorcha, dy't fereale rekket op 'e ûnfatsoenlike jonge ealman Cathall. As har broer Finbar, in poppe, ûntfierd wurdt en der in wikselbern fan twigen en blêden foar him yn 't plak efterlitten wurdt, moat se de Oare Wrâld yngean om mei de elven te ûnderhanneljen oer de weromjefte fan 'e poppe.
Seer of Sevenwaters
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Seer of Sevenwaters.
Seer of Sevenwaters hat as haadpersoan Clodagh har suster Sibeal, dy't har lêste simmer op it eilân Inis Eala trochbringt foar't se ta druïde wijd wurde sil om 'e rest fan har libben in bestean fan iensumens en meditaasje yn it wâld fan Sevenwaters te lieden. Wat in fredich besyk oan it eilân wie, feroaret al rillegau yn hiel wat oars as trije oerlibbenen fan in skipbrek op 'e kust oanspile, wêrûnder in mysterieuze man dy't oan ûnthâldsferlies lijt. It libben fan Sibeal, dy't him fersoarget, feroaret alhiel as se mei him op in reis fan selsûntdekking ôfset, dy't harren fier fuort mar tichter byinoar bringe sil.
Twixt Firelight and Water
bewurkje seksjeYn it koarte ferhaal Twixt Firelight and Water giet it oer Conri, in soan fan 'e tsjoenster Oonagh. Foar it rêden fan syn healbroer Ciarán (de heit fan Fainne) feroaret syn mem him yn in raven oant er in frou fan it skaai fan Sevenwaters fynt dy't mei him trouwe wol. Nei desennia as de hûsgeast fan Ciarán trochbrocht te hawwen, wit er de leafde te winnen fan Aisha, de dochter fan Padriac, de jongste broer fan Sorcha. As Ciarán harren houlik follûkt, wurdt de flok ferbrutsen en kriget Conri syn minsklik stal werom.
Flame of Sevenwaters
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Flame of Sevenwaters.
Yn Flame of Sevenwaters wurdt Maeve folge, de jongere suster fan Clodagh en Sibeal, dy't nei tsien jier yn Kumbria weromkeard nei Sevenwaters. Om't hja as bern by in brân skriklik skeind rekke is, hat hja har betinkings om werom te gean nei in plak mei safolle drege oantinkens en ferwachtings. Mar as se der ienris is, wurdt se it mulpunt fan in aparte striid dy't, lykas alles yn Sevenwaters, te krijen hat mei de Oare Wrâld. En inkeld Maeve en har broer Finbar beskikke oer it fermogen om harren famylje, Sevenwaters sels en miskien wol hiele Ierlân te rêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|