Juliet Marillier
Juliet Marillier (Dunedin (Nij-Seelân), 27 july 1948) is in Nijseelânsk skriuwster fan fantasyromans en -ferhalen. Hja leit har benammen ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy. Marillier is it bekendst wurden mei har tige súksesfolle en populêre Sevenwaters-searje en mei de Bridei Chronicles. Hja hat al fjouwer kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award wûn.
Juliet Marillier | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Juliet Marillier | |
nasjonaliteit | Nijseelânsk | |
berne | 27 july 1948 | |
berteplak | Dunedin (Nij-Seelân) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Nijseelânsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy | |
bekendste wurk(en) |
Sevenwaters-searje Bridei Chronicles | |
útjouwer | Tor Books, Roc Books, Knopf, Voyager, Utj. Luitingh-Sijthoff | |
prizen | 4x Sir Julius Vogel Award | |
jierren aktyf | 1999 – no | |
offisjele webside | ||
www.julietmarillier.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjePriveelibben
bewurkje seksjeMarillier waard yn 1948 berne op yn Dunedin, op it Sudereilân fan Nij-Seelân. Hja genoat har oplieding oan 'e Universiteit fan Otago, dêr't se cum laude ôfstudearre mei in bachelortitel yn 'e skiene keunsten en in twadden yn 'e muzyk. Neitiid ûnderhold se harsels as muzykdosinte oan 'e middelbere skoalle en de universiteit, en dêrnjonken tsjinne se ek as koardirigint en wurke se as operasjongster. Yn 2009 waard der boarstkanker by Marillier fêststeld, mar dy sykte wist se te boppen te kommen. Hja wennet yn Perth, yn West-Austraalje.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeYn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren sette Marillier útein mei in nije karriêre as skriuwster fan fantasyromans. Yn dat ferbân lei hja har ta op it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy, wêrby't se fantasy-eleminten lykas tsjoenderij en mytyske wêzens yntrodusearre tsjin in histoaryske eftergrûn. Se briek yn 1999 daliks troch mei har earste boek, Daughter of the Forest, dat it earste diel fan har Sevenwaters-trilogy wie.
Daughter of the Forest hie as haadpersoan Sorcha, it sânde bern en de iennichste dochter fan 'e Midsiuwske Ierske ealman Colum fan Sevenwaters, dy't sûnder mem en mei in heit dy't net nei har omsjocht grutbrocht wurdt troch har seis bruorren. As harren nije styfmem in boaze tsjoenster blykt te wêzen, bynt dy har bruorren mei in skriklike betsjoening, dy't Sorcha inkeld opheffe kin troch gjin wurd te uterjen foar't se in opdracht fan in fee foltôge hat. Foar't har dat slagget, wurdt se lykwols ûntfierd troch fijannen fan Sevenwaters en meinommen nei in frjemd lân, dêr't se har grutte leafde fynt. Ferskuord tusken har leafde foar har bruorren en dy foar de man dy't se fûn hat, wanhopet se oft se ea wol har taak ferfolje sil, mar tsjoenderij ken gjin grinzen en leafde is de machtichste soarte tsjoenderij fan allegear.
Yn 'e folgjende beide dielen fan 'e trilogy, Son of the Shadows (2000) en Child of the Prophecy (2001) folge Marillier de neiteam fan Sorcha troch de jierren hinne. Letter kearde se nei Sevenwaters werom mei trije ferfolchromans op 'e trilogy: Heir to Sevenwaters (2008), Seer of Sevenwaters (2010) en Flame of Sevenwaters (2012). Nij súkses belibbe Marillier mei de roman Wolfskin (2002), oer de kolonisaasje fan 'e Orkney-eilannen troch de iere Wytsingen, en it ferfolch dêrop, Foxmask (2003). Dêrnei folge in nij hichtepunt yn har oeuvre mei de Bridei Chronicles, in trilogy oer de Piktyske kening Bridei III († 693), besteande út 'e romans The Dark Mirror (2004), Blade of Fortriu (2005) en The Well of Shades (2006).
Mei Wildwood Dancing (2006) en Cybele's Secret (2007), in duology oer in groep fan fiif Roemeenske susters, wêrfan't benammen it earste diel de foarm fan in modern mearke oannimt, skreau Marillier foar it earst mei sin foar jongfolwoeksenen. Foar Cybele's Secret krige hja yn 2008 foar de earste kear de prestizjeuze Nijseelânske Sir Julius Vogel Award taparte yn 'e kategory bêste fantasyroman. Yn 2009 publisearre Marillier de op himsels steande roman Heart's Blood, dy't krekt as har ierdere wurk wer yn Ierlân spilet.
Fan har Shadowfell-rige waarden it twadde diel, Raven Flight, en it trêde diel, The Caller, yn 2014, resp. 2015 bekroane mei de Sir Julius Vogel Award foar bêste jeugdboek. Yn 2014 sette Marillier útein mei in nije romansearje, de Blackthorn and Grim-rige. Yn 2013 publisearre se fierders Prickle Moon, in ferhalebondel mei sechstjin koarte ferhalen, wêrfant't ien, By Bone-Light, yn 2014 bekroand waard mei de Sir Julius Vogel Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Marillier har wurk is oerset yn ferskate oare talen; de Nederlânske oersettings binne útbrocht by Utjouwerij Luitingh-Sijthoff, yn Amsterdam.
Wurk
bewurkje seksje(N.B.: hjirûnder wurde de publikaasjejierren yn Australaazje jûn; Noard-Amearika en Jeropa kamen datoangeande gauris ien of twa jier efteroan.)
Romans
bewurkje seksje- Sevenwaters-searje
- Sevenwaters-trilogy
- 1999 – Daughter of the Forest
- Nederlânske oersetting: Dochter van het Woud (fert. Pauline Moody, 2001)
- 2000 – Son of the Shadows
- 2001 – Child of the Prophecy
- 1999 – Daughter of the Forest
- ferfolchboeken
- 2008 – Heir to Sevenwaters
- 2010 – Seer of Sevenwaters
- 2012 – Flame of Sevenwaters
- koart ferhaal
- 2013 – Twixt Firelight and Water (yn 'e ferhalebondel Prickle Moon)
- Sevenwaters-trilogy
- Saga of the Light Isles
- Bridei Chronicles
- Wildwood-duology
- Whistling Tor-rige
- 2009 – Heart's Blood
- Shadowfell-trilogy
- 2012 – Shadowfell
- 2013 – Raven Flight
- 2014 – The Caller
- Blackthorn and Grim-trilogy
- Warrior Bards-trilogy
- 2019 – The Harp of Kings
- 2020 – A Dance with Fate
- 2021 – A Song of Flight
Koarte fiksje
bewurkje seksje(N.B.: yn 'e ûndersteande list giet it om koarte ferhalen, of it moat oars oanjûn stean)
- 2000 – Otherling
- 2013 – Prickle Moon (ferhalebondel)
- Prickle Moon
- Otherling
- Let Down Your Hair
- Poppy Seeds
- In Coed Celyddon
- Juggling Silver
- Twixt Firelight and Water (in ferhaal út 'e Sevenwaters-wrâld)
- Gift of Hope
- Letters from Robert
- Jack's Day
- Far Horizons
- Tough Love 3001
- Wraith, Level One
- Back and Beyond
- The Angel of Death
- By Bone-Light
- 2019 – Once Upon an Enchanted Forest (blomlêzing, mei Bethany Adams, Morgan Jensen, Autumn Shelley, Charissa Weaks, Alisha Klapheke, Emma Hamm, Angela J. Ford, Elva Birch en Michelle Tang)
- 2021 – Mother Thorn and Other Tales of Courage and Kindness (ferhalebondel)
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2000 | Aurealis Award | wûn | bêste fantasyroman | Son of the Shadows |
2001 | Alex Award | wûn | bêste roman | Daughter of the Forest |
2005 | Aurealis Award | wûn | bêste fantasyroman | Blade of Fortriu |
2006 | Aurealis Award | wûn | bêste fantasyroman | Wildwood Dancing |
2008 | Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste fantasyroman | Cybele's Secret |
2009 | Beehive Book Award | wûn | bêste fiksje foar jongfolwoeksenen | Wildwood Dancing |
2010 | Prix Imaginales | wûn | bêste oersetting (yn it Frânsk) fan in roman | Daughter of the Forest |
Tin Duck Award | wûn | bêste profesjonele lange fiksje | Seer of Sevenwaters | |
2013 | Tin Duck Award | wûn | bêste spekulative fiksje | Shadowfell |
2014 | Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste jeugdboek | Raven Flight |
Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste koarte ferhaal | By Bone-Light | |
Tin Duck Award | wûn | bêste profesjonele koarte fiksje | Prickle Moon | |
2015 | Aurealis Award | wûn | bêste fantasyroman | Dreamer's Pool |
Sir Julius Vogel Award | wûn | bêste jeugdboek | The Caller |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |