Heart's Blood
Heart's Blood is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Nijseelânske skriuwster Juliet Marillier. De titel betsjut: "Hertebloed" en ferwiist sawol nei in (fiktive) plant dy't yn it boek foarkomt, as nei wier bloed út it hert. De roman fertelt it ferhaal fan Caitrin, in jonge frou dy't útnaait út in thússitewaasje wêryn't se mishannele wurdt en beskûl fynt yn âld kastiel dêr't it spûket. Heart's Blood is in op himsels steand boek, dat spilet yn in Midsiuwske foarm fan Ierlân en sadwaande ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy rekkene wurde kin. It waard foar it earst yn 2009 publisearre troch de Australyske poat fan Pan Macmillan. Datselde jiers ferskynde it ek by de Londenske haadfêstiging fan dy útjouwerij en yn 2010 kaam ûnder de titel Hartenbloed in Nederlânske oersetting út by Luitingh-Sijthoff.
Heart's Blood | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Juliet Marillier | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2009, Sydney | |
oarspr. útjwr. | Pan Macmillan | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 23 00 17 917 |
Ynhâld
bewurkje seksjeCaitrin is in jonge frou, de dochter fan 'e widner Berach. Har heit is in kopiïst út it plak Krúsmerk, dy't wiid en siid bekend stiet om 'e treflike kwaliteit fan syn wurk. Tsjin alle maatskiplike gewoanten yn hat Berach syn jongste dochter ek oplaat as kopiïste. Nei't Berach op in dei hommels komt te ferstjerren oan in hertoanfal, rekket Caitrin in skoftke wei yn sa'n djip fertriet dat dêr nearne trochhinne kringe kin. Yn dy tiid jout har âldere suster Maraid har by har frijer Shea, in omdoarmjend minstreel, en lûke Ita, in fiere nicht fan Berach, en har soan Cillian by Caitrin yn. Se beare dat se dat dogge om't sy net by steat is en soargje foar harsels, mar eins binne se út op Berach syn neilittenskip. Ita is wisberet om Cillian mei Caitrin trouwe te litten, en sy makket al rillegau de tsjinst út yn 'e hûs. Cillian blykt in sadist te wêzen dy't wachtet oant syn mem om in boadskip giet en dan Caitrin bûnt en blau slacht. Uteinlik fynt Caitrin op in dei de moed om fuort te rinnen. Se naait út sa fluch en fier as mar mooglik is, oant se de westkust berikt en net fierder kin.
Dêr bedarret Caitrin yn in doarpke oan 'e foet fan in heuvel, de Fluitsjende Rots, dy't bekroane is mei in stiennen kastiel, in seldsumheid yn it keninkryk Connacht, dêr't de measte fêstingwurken fan hout makke binne. De bewenners fan it doarp hawwe net folle goeds te sizzen oer harren hear, dy't it kastiel bewennet: hy sjocht net nei harren om en se hawwe neat oan him. Mar it is noch helte minder, want it spûket op 'e heuvel, en de doarpelingen binne deabenaud foar de boppenatuerlike wêzens dy't neffens harren yn it kastiel omdoarmje. Caitrin is skeptysk oer alle spûkferhalen, en as de oare moarns Magnus, in tsjinner fan 'e hear, yn it doarp komt en de herbergier opdracht jout om út te sjen nei in kopiïst, mei't de hear ferlet fan sa'nent hat, grypt se har kâns. It docht al rillegau bliken dat de ferhalen fan 'e doarpelingen net oerdreaun wiene, mar ynstee stjerrende wier. Caitrin, lykwols, is skjin troch har jild hinne, en yn it ljocht fan 'e sitewaasje dy't se ûntflechte hat, liket it op 'e heuvel sa raar noch net.
De hear, Anluan, dy't sels gjin Latyn sprekt, hiert Caitrin yn om 'e âlde, yn it Latyn skreaune boekrôlen fan syn oerpake en pake, dy't fan âlderdom suver útinoar falle, oer te skriuwen ear't se ferlern geane. Hy is in man fan yn 'e tweintich, dy't as opslûpen jonge in oerhaal hân hat en sadwaande de iene helte fan syn lichem mar beheind brûke kin. Hy bewennet it kastiel mei de kriger en hantsjemuoisfeint Magnus, en fierders de riedsman Rioghan, de mûnts Eichri, de jonge frou Muirne en de âldman Olcan. It duorret in hoartsje ear't Caitrin foar it ferstân kriget dat Rioghan, Eichri en Muirne omdoarmjende geasten binne mei fysike lichems sûnder lichemswaarmte. Olcan is gjin spûk, mar likemin in minske; hy is eat dat folle âlder is, en hy hâldt al sûnt minskewitten op 'e heuvel ta, mei syn meunstereftige hûn Fianchu, dy't sa grut is as in hynder. Fianchu mei Caitrin lykwols daliks lije, en ek mei Olcan, Rioghan, Eichri en Magnus kin se goed oer de wei. Muirne sjocht har lykwols as in ynkringster dy't yn it kastiel neat te sykjen hat, en Anluan sels is in opljeppend man dy't har koartôf behannelet en foar wa't Caitrin eins wat bang is.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Troch de teksten dy't se kopiëarje moat te kombinearjen mei de betize ferhalen dy't se fan 'e doarpelingen heard hat, puzelet Caitrin stadichoan út wat der op 'e Fluitsjende Rots yn it ferline bard is. Hoewol't it altyd al in magysk plak wie, sa't de oanwêzigens fan Olcan en Fianchu bewiist, hat it der nammentlik net altyd spûke. Dat is pas begûn yn 'e tiid fan Anluan syn oerpake Nechtan. Dyselde komt út syn eigen teksten nei foarren as in aaklik en erchtinkend man, dy't deilis rekke mei al syn buorlju. Syn oplossing wie om nei magyske middels te sykjen om 'e hegemony fan himsels as hear fan 'e Fluitsjende Rots oer de omlizzende krite te fêstigjen. Mei help fan 'e tsjinstfaam Aislinn iepene er op 'e iene of oare wize in poarte nei it hjirneimels en helle in legermacht fan geasten fan 'e ferstoarnen werom nei dizze wrâld. Nechtan syn plannen draaiden lykwols op neat út doe't bliken die dat er dy legermacht inkeld syn wil oplizze koe op 'e Fluitsjende Rots. Sadree't er de geasten fan 'e heuvel ôf late, ferlear er ier of let syn macht oer harren oan in flústerjend kwea dat mank harren wie, mei as gefolch dat de geasten net inkeld syn fijannen deasloegen, mar eltsenien dy't se krije koene.
Nechtan syn soan Conan besocht yn 't earstoan ek om 'e boppenatuerlike legermacht te brûken, mei deselde rampsillige gefolgen. Neitiid loek er him werom yn syn kastiel op 'e heuvel, dêr't er bliuwe moast om syn wil oan 'e legermacht op te lizzen. Wylst yn Nechtan syn tiid it oansjen fan 'e hearen fan 'e Fluitsjende Rots al yn 'e nederklits rekke wie, ûntstie der yn Conan syn tiid ek in isolemint, mei't alle minsklike tsjinstfolk fan 'e heuvel ferdwûn, wylst inkele sterke persoanlikheden fan 'e legermacht (Rioghan, Eichri en Muirne) harren yndividualiteit safierhinne weromwûnen, dat se as tsjinners yn it kastiel kamen te wenjen. Conan syn soan Irial (Anluan syn heit) besocht de Fluitsjende Rots út it isolemint te heljen troch wer betrekkings oan te knoopjen mei de oanbuorjende hearlikheden Witekust en Sulvermar. Doe't er lykwols de heuvel ferliet foar in moeting mei de hearen fan dy gebieten, kaam syn frou Emer om by in brân. Neitiid wie Irial ûntreastber en in pear jier letter, doe't syn soan Anluan noch mar acht jier wie, makke er him fan kant troch himsels te fergiftigjen. Anluan waard neitiid grutbrocht troch Magnus, de iennichst oerbleaune minsklike tsjinner fan Irial.
In wikemannich nei't Caitrin yn it kastiel arrivearre is, wurdt se, as se troch de tunen kuieret, oerfallen troch Cillian en in fjouwertal trewanten, dy't har fêstbine en ûntfiere wolle, om har mei werom nei hûs te nimmen sadat Cillian mei har trouwe kin. Anluan trappearret harren lykwols en set syn spûkige legermacht yn om Caitrin te befrijen en Cillian-en-dy mei in flink wan bruien fan 'e heuvel te jeien. Foartiid wie Caitrin in bytsje bang foar him, mar fan dat punt ôf begjint se de jonge hear mei oare eagen te sjen. Fierders stiet se derop om sels de legermacht te tankjen foar harren help, wêrby't se ûnthjit om yn 'e teksten dy't se kopiëarje moat, te sykjen nei in metoade om 'e geasten te befrijen fan 'e bannen dêr't Nechtan harren mei bûn hat oan 'e wil fan 'e hearen fan 'e Fluitsjende Rots. Neitiid komt Caitrin stadichoan yn 'e kunde mei inkele leden fan 'e legermacht, lykas de krigers Cathaír en Gearróg, dy't har bewekje, en in nammeleas famke fan in jier as fiif, dat nachts by har yn 'e sliepkeamer sliept.
Der ûntsteane nije swierrichheden as de ûntjouwings út 'e bûtenwrâld harsels op 'e Fluitsjende Rots fielber meitsje. Yn it lân is nammentlik in slûpende ynvaazje geande troch Normandyske eallju út Ingelân, dy't harsels neat oan 'e Ierske wet gelegen lizze litte, en harren ta-eigenje wat se mar wolle. Ien fan harren, Stephen de Courcy, hat syn each falle litten op Anluan syn stiennene kastiel, en stjoert in boadskipper dy't it kastiel út namme fan Courcy opeasket. Anluan giet dêr net op yn, mar it is dúdlik dat wat Courcy yn goedens net krije kin, hy yn kweadens besykje sil te nimmen. De Fluitsjende Rots moat dêrom tariedings meitsje foar in belegering troch Normandyske troepen. Fan 'e kening fan Connacht hoecht Anluan gjin help te ferwachtsjen, mei't dy in froulik famyljelid oan Courcy úthylke hat. Caitrin is oan kop en earen ta behelle yn it besykjen fan Anluan om bettere bannen te krijen mei syn legermacht fan geasten, dy't er troch har hâlden en dragen foar it earst as libbene, tinkende persoanen begjint te sjen, en teffens mei de doarpelingen oan 'e foet fan 'e heuvel, dy't dochs leaver spûken as Normanjers hawwe, sa docht bliken.
As Anluan Caitrin op in dei sûnder lykfol hokker foarôfgeande warskôging fuortstjoert út syn kastiel, is se ferplettere. Se besefte noch mar koart dat se fereale op him oan it reitsjen wie, en har hert brekt om't er neat mear mei har te krijen hawwe wol. Sûnder doel reizget Caitrin ôf en bedarret yn it plak Stienfurde, dêr't se mei inkele reisgenoaten op 'e brulloft fan 'e wetsman Donal bedarret. As dyselde har ferhaal heart oer har heite ferstjerren en hoe't Ita en Cillian har behannele hawwe, jout er har te ferstean dat har grut ûnrjocht oandien is, net inkeld wat de mishanneling oanbelanget, mar ek oangeande har heite beërf. De Ierske wet is dúdlik: as in man stjert sûnder soannen, dan krije syn dochters gelikense erfdielen fan alles dat er besit. In fiere nicht as Ita kin dêr gjin oanspraak op meitsjen. Neitiid keart Caitrin mei guon nijwûne freonen en in poatige stâlfeint fan 'e wetsman werom nei Krúsmerk, dêr't Ita en Cillian út har âldershûs set wurde en oanklage wurde foar harren misdieden, dêr't se neitiid swier foar beboete wurde.
Yn har heite hûs wurdt Caitrin ek weriene mei har suster Maraid, dy't yn 'e tuskentiid nei in houlik fan minder as in jier widdo wurden is. Har man, de minstreel Shea, is beswykt oan in besmetlike sykte, en Maraid is efterbleaun mei in nijberne poppe, Etain. Caitrin helpt yn 'e folgjende moannen har suster oer har grutste fertriet hinne. Underwilens hat se ûnderyn har tas in notysjeboekje fan Anluan fûn, dêr't dy syn tinzen yn opskreaun hat fan 'e dei ôf dat Caitrin op 'e Fluitsjende Rots arrivearre. Dêrút kin se opmeitsje dat har leafde foar him net ûnbeäntwurde wie, sa't se miende, en dat er har fuortstjoerd hat om't er oer har feiligens ynsiet, no't de striid mei de Normanjers deroan kaam. Nei't Caitrin in ûntrêstgjend fizioen sjoen hat yn in betsjoend spegeltsje dat se meinommen hat út it kastiel, beslút se om werom te reizgjen nei de Fluitsjende Rots. Underweis heart se om it hoartsje nijs oer Normandyske soldaten dy't nei it westen ta optsjogge, en as se úteinlik by har bestimming oankomt, blykt it kastiel al belegere te wurden troch de troepen fan Courcy.
Caitrin besiket troch de linys te glûpen en wurdt finzen nommen, mar suver daliks wer befrijd troch Eichri, dy't har nei it kastiel bringt. Dat wurdt no net inkeld mear bewenne troch Anluan en syn neiste tsjinners, mar troch de hiele spûkige legermacht, wylst ek de doarpelingen harren dêre weromlutsen hawwe. Op 'e Fluitsjende Rots wurdt Caitrin weriene mei Anluan. Sy beiden doare einlings harren gefoelens foarinoar út te sprekken, en bedriuwe de leafde. Fuort neitiid komt Anluan suver te stjerren as him in beker drinken brocht wurdt mei fergif deryn. Mei help fan 'e geasten fan 'e legermacht wit Caitrin in tsjingif te finen, en tagelyk fynt se in notysjeboekje fan Muirne, dy't dejinge is dy't it gif oan it drinken tafoege hie.
Fermoedens dy't Caitrin ûnderweis werom nei de Fluitsjende Rots krigen hiene, wurde befêstige as út it boekje blykt dat Muirne nimmen oars is Aislinn, de helpster fan Anluan syn oerpake Nechtan. Om syn boppenatuerlike legermacht te krijen, wie nammentlik it offer fan in jongfaam nedich, en dêrfoar brûkte Nechtan Aislinn. It fanke, dat fereale wie op Nechtan, krige pas op it alderlêste stuit troch wat der oan 'e hân wie. Se hie lykwols goed fan har learmaster leard, en hie de macht om mei har lêste siken noch in flok fan hûndert jier ûnheil út te sprekken. Dat wie de reden dat Nechtan syn grutte plan mislearre en tagelyk de boarne fan alle ellinde dy't de hearen fan 'e Fluitsjende Rots sûnt troffen hat. Mei har flok bûn Aislinn har eigen geast oan 'e legermacht, en sûnt is sy de flústerjende stim dy't de oare geasten ta razernij bringt as se net op 'e heuvel en dêrmei yn it direkte domein fan 'e hear binne. Ferskate oare misdieden komme no oan it ljocht, lykas it feit dat de dea fan Anluan syn heit Irial gjin selsmoard wie, mar moard (hy is fergiftige troch Aislinn/Muirne).
Dyselde jûns komt it ta in fjildslach as Anluan mei syn doarpelingen en spûken de Normanjers fan 'e iene kant oanfalt, wylst de hearen fan Witekust en Sulvermar, dy't gjin Normandyske buorlju hawwe wolle, fan 'e oare kant oanfalle. Sa komme de Ieren de fijân folslein oer it mad. Fral de ynset fan 'e geasten, dy't nei beleavjen ferskine en ferdwine kinne, hat in protte ynfloed op it brekken fan it Normandyske ferset. Uteinlik spatte de oerlibjende fijannen alle kanten út en wurdt de Fluitsjende Rots ûntset. Pas as in wurge Anluan yn triomf weromkomt yn syn kastiel, fertelt Caitrin him dat Muirne ferantwurdlik wie foar syn eardere fergiftiging, foar de fergiftiging fan syn heit en foar withoefolle oare misdieden. Se fertelt him ek dat se yn Muirne har boekje einlings en te'n lêsten in beskriuwing fûn hat fan it ritueel dat Nechtan brûkte om 'e legermacht op te roppen. It soe dêrmei no mooglik wêze moatte om 'e legermacht werom te stjoeren nei wêr't de geasten weikommen binne, en dat moat dizze jûn barre, mei't it no Alderheljen is, en persiis hûndert jier lyn dat Nechtan de legermacht oprôp.
Dat Muirne meiwurket oan it ritueel troch frijwillich it plak yn it sintrum fan in reuseftich pentagram yn te nimmen, is lykwols in faai teken. De earste kear wurket it ritueel net, ta Muirne har iepentlik leedfermaak. Dan beseft Caitrin dat Muirne net mear de ûnskuldige jongfaam is dy't se hûndert jier lyn wie. Ien fan 'e oare geasten moat har plak ynnimme. No begjint Muirne har te fersetten, mar se wurdt oermastere troch Cathaír-en-dy. De iennichste dy't har plak ynnimme kin is it lytse famke fan fiif, en hoewol't it Caitrin har hert brekt om it famke dat oan te dwaan, mei't folslein ûnbekend is wat der no fan har wurde sil, bestiet der gjin oare kar. As it ritueel diskear wol begjint te wurkjen, en it famke deabenaud rekket, stapt de kriger Gearróg oer de linen fan it pentagram hinne om har selskip te hâlden en har ûnbekende lot te dielen. De oare geasten wurde weromstjoerd nei it plak dêr't Nechtan harren wei helle hie, mar Gearróg en it famke bliuwe efter, no as libbene minsken: wylst it oproppen fan 'e legermacht in libben koste (Aislinn harres), hat it weromstjoeren fan 'e legermacht twa nije libbens skonken.
Neitiid trouwe Caitrin en Anluan en nimme se it lytse famke as harren eigen dochter oan. Se jouwe har de namme Emer, nei Anluan syn mem. Al rillegau is der in twadde bern op komst. Gearróg wurdt njonken Magnus ien fan Anluan syn meast fertroude tsjinners. Maraid komt mei har dochterke Etain oer nei de Fluitsjende Rots foar de brulloft fan Caitrin en Anluan, en bliuwt dêrnei. Tsjin 'e ein fan it boek is se hast dien mei har rou om har ferstoarne man Shea, wylst Magnus rêstich wachtet oant se ree foar him is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|