Panhandle fan Floarida

(Trochferwiisd fan Floridiaanske Panhandle)

De Panhandle fan Floarida (Ingelsk: Florida Panhandle), letterlik it "Panhânsel fan Floarida", is in ynformele en ûnoffisjele, mar faak brûkte beneaming foar it útstykjende noardwestlike diel fan 'e Amerikaanske steat Floarida. It is in stripe lân fan rûchwei 320 km lang fan east nei west en 80-160 km breed fan noard nei súd. It wurdt omjûn troch de steat Alabama yn it westen en noardwesten, de steat Georgia yn it noarden en noardeasten, de Golf fan Meksiko yn it suden en de it skiereilân fan Floarida yn it easten. De nammen West-Floarida en Noardwest-Floarida binne tsjintwurdich frijwol synonym mei de Panhandle, hoewol't West-Floarida histoarysk in Britske (1763-1783) en letter Spaanske (1783-1821) koloanje wie, dy't behalven de hjoeddeistige Panhandle fan Floarida ek de súdlike dielen omfieme fan wat no de steaten Alabama en Mississippy binne, en dêropta noch it uterste súdeasten fan Louisiana.

De Panhandle fan Floarida (read) oanjûn op in kaart fan 'e steat Floarida.
It Nasjonaal Wâld Apalachicola, yn 'e Panhandle fan Floarida.

Krekt sa't dat it gefal is mei de oare acht Amerikaanske steaten dy't panhandles hawwe, is de geografyske betsjutting fan it begryp Panhandle fan Floarida ûnsekuer en oprekber. Lykwols kin steld wurde dat mei dizze term yn 'e regel ferwiisd wurdt nei de tsien countys fan Floarida dy't bewesten de rivier de Apalachicola lizze. Net inkeld om't dat in natuerlike grins is, mar ek mei't dat de histoaryske grins tusken de koloanjes West- en East-Floarida wie. Dêrby lizze de countys bewesten de Apalachicola yn 'e Sintrale Tiidsône (útsein Gulf County, dat troch de tiidgrins yn twaen snien wurdt), wylst de rest fan Floarida ta de Eastlike Tiidsône heart. Soms wurde lykwols ek ien, mear of allegear fan 'e acht countys dy't drekt eastlik fan 'e Apalachicola lizze, ta de Panhandle rekkene.

De Panhandle fan Floarida hat in totale befolking fan rom 1,4 miljoen minsken (teljier 2010). De grutste stêd yn it gebiet is Tallahassee, de haadstêd fan Floarida, mei goed 181.000 ynwenners (2010). Histoarysk stipet de ekonomy fan it gebiet swier op lânbou, boskbou en de dêrmei mank geande papieryndustry. Op it mêd fan 'e lânbou waard der tradisjoneel fral dien oan katoen- en tabaksbou. De tylt fan sitrusfruchten, lykas op it skiereilân fan Floarida, hat yn 'e Panhandle nea foet oan 'e grûn krigen, mei't de winters der te strang binne. De haven fan Pensacola is it wichtichste yn- en útfierpunt fan 'e Panhandle, wêrby't Panama City it twadde plak ynnimt. Oan 'e kust wurdt ek wol dien oan skipsbou en fiskerij. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch is de regionale ekonomy sterk groeit troch de fêstiging fan ferskate Amerikaanske militêre bases yn it gebiet, en teffens troch de opkomst fan it toerisme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.