In fonnis of fûnis is in beslissing fan in rjochter. Mear spesifyk fan in legere rjochter, dy't ferbûn is oan in rjochtbank. Yn Nederlân jildt dat sûnt yn 2002 de kantongerjochten by de rjochtbanken ûnderbrocht binne en dêryn de sektor kanton foarmen, dat it dêrby ek giet om útspraken fan de kantonrjochter.

Der besteane meardere soarten fonnissen:

De rjochter nimt syn beslissing nei kennisnimming fan de skriftlike stikken, dy't beide partijen dêrta yntsjinne hawwe, eventueel nei it hearen fan partijen, tsjûgen en deskundigen.

Yn Nederland mei in boargerlike rjochter by de beoardieling allinnich de feiten mei wage litte, dy't troch de partijen sels ynbrocht binne. Hy mei gjin feiten tafoegje. As de rjochter sels bepaalde feiten wit, dy't net troch de partijen by it proses behannele binne, mei hy dy kennis net brûke foar it fonnis. Feiten of omstannichheden dy't algemien bekend binne en algemiene ûnderfiningsregels mei in rjochter wol brûke. Dat jildt ek foar feiten dy't út iepenbiere boarnen op ienfâldige wize bekend wurde kinne.