Franciscus Binkes

Franciscus Binkes (Amsterdam, 17 jannewaris 1794 - Snits, 16 april 1835) wie in Snitser abbekaat dy't op 27 desimber 1819 as sadanich ynskreaun waard oan it Hof fan Fryslân. Fan 17 febrewaris 1825 oant 18 febrewaris 1832 wie hy as rjochter ferbûn oan de rjochtbank fan Snits.

Op 27 septimber 1827 rjochtte Franciscus Binkes tegearre mei Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde op. Binkes wie dêrfoar al lid fan de Ljouwerter literêr histoaryske Constanter rûnte.

Franciscus Binkes studearre te Leiden dêr't yn 1819 syn dissertaasje Disputatio de Agriculturae prae Mercatura apud Romanos Favore it ljocht seach. Yn 1818 hie er in ferhanneling skreaun mei as titel Responsio ad Quaestionem Juridicam: De Analysi et Constitutione Doctrinae in Ciceronis Libris de Officiis.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rechterlijk Friesland 1811-1999: naamlijst leden rechterlijke macht ensfh. - Rienk Wegener Sleeswyk, L. Oldersma.
  • Skiednis fan de Fryske biweging, Sjoerd van der Schaaf, De Tille, Ljouwert, 1977