Franz Marc (München, 8 febrewaris 1880Braquis, ûnder Ferdun, 4 maart 1916) wie in Dútsk ekspresjonistysk keunstskilder, tekener en graveur.

Franz Marc
keunstner
Franz Marc (1910)
Franz Marc (1910)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Dútsk
berne 8 febrewaris 1880
berteplak München
stoarn 4 maart 1916 (36 jier)
stjerplak Braquis
etnisiteit Beiersk dútsk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener, grafikus
streaming Ekspresjonisme
Frans en Maria Marc yn 1911
Foto: Wassilly Kandinsky

Marc lei him foar alles ta op bisteportretten, wêrby't er no net drekt de úterlike ferskiningsfoarm, mar wol de ynderlike essinsje fan it bist besiket te begripen. Dêrby spile de troch him betochte kleuresymbolyk in grutte rol. Bygelyks blau stie by him foar it "it manlik prinsipe, steech en geastlik" en giel foar "it froulik prinsipe, sêft, fleurich en sinlikheid". Under ynvloed fan it kubisme ferienfâldige er de foarmen ek sterk. Dêrtroch hingje syn skilderijen hieltyd mear oer nei it abstrakte. Syk lêste wurk ferwiist dúdlik nei de wiere útdrukkingskrêft fan it abstrakte ekspresjonisme.

Biografysk gegevens

bewurkje seksje
  • Berne op 8 febrewaris 1880 yn München.
  • Yn 1900 wurdt er learling oan de Münchenske Keunstakademy, nei't er ophâlden wie mei syn stúdzje filosofy en teology. Ek mei dy nije stúdzje stoppet er al gau, om't er ek dêrmei gjin nije ynspiraasje opdwaan kinme.
  • Tusken 1903 en 1907 wennet en wurket er yn Parys, dêr't er ûnder mear âlde masters bestudearret yn it Louvre.
  • Yn 1907 boasket er oan Marie Schnür. It houlik rint lykwols rillegau op 'e non.
  • Yn 1910 kriget er kunde oan de lyksinnige skilder August Macke, mei wa't er rillegau goefreon wurdt en in yntinsive briefwikseling oer harren keunst fiert. Macke bringt him yn as lid fan de Neue Künstlervereinigung München.
  • Yn 1911 kriget er kunde oan Wassily Kandinsky, mei wa't er in skoftke letter de Blaue Reiter oprjochtet en it tydskrift 'de Almanak' begjint. Hy troude fannijs mei Maria Franck.
  • Yn augustus 1914 wurdt er oarlochsfrijwilliger. Hy moast kamûflaazjedoeken skilderje. Hy rekke al gau desyllúsjonearre oer de oarloch.
  • Op 4 maart 1916 wurdt er op patrûlje rekke troch in granaat en stjert.

Wichtichste ynvloeden

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel Franz Marc yn de Nederlânsktalige Wikipedy