Fredy Hirsch (offisjeel: Alfred Hirsch; berne op 11 febrewaris 1916 yn Aken; fermoarde op 8 maart 1944 yn it KZ Auschwitz-Birkenau) wie in Dútsk-joadske atleet, sportlearaar en lieder fan in sionistyske jongereinbeweging. Hy holp yn de tiid fan de Dútske besetting fan Tsjechoslowakije tûzenen joadske bern yn Praach, it konsintraasjekamp Theresienstadt en Auschwitz.

Fredy Hirsch
Stroffelstien foar Fredy Hirsch yn Aken
Stroffelstien foar Fredy Hirsch yn Aken
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alfred Hirsch
nasjonaliteit Dútsk
berne 11 febrewaris 1916
berteplak Aken
stoarn 8 maart 1944
stjerplak Auschwitz
etnisiteit Joad

Yn de kampen holpen syn Dútske komôf, karisma en kreaze ferskining him om fan de SS-bewakers privileezjes foar de bern te ûntfytmanjen, lykas frijstellings fan deportaasje en hegere rantsoenen, dy't it libben fan de bern yn alle gefallen tydlik sparren of draachliker makken. Under drege omstannichheden joegen Hirsch en syn helpers yn de kampen klandestyn ûnderwiis oan de bern. Hirsch' ynspannings om de bern beweging, disipline en hygiëne by te bringen, soargen foar legere stjertesifers ûnder de bern.

Nei de deportaasje fan Hirsch nei Auschwitz bleau er dêr mei de oaren fan it transport yn in fan de rest ôfsûndere diel, it saneamde Tsjechyske famyljekamp. Doe't de Dútsers nei likernôch seis moanne dêr it famyljekamp likwidearje woene, besocht it joadsk ferset fan Auschwitz him oan te trunen om in opstân te lieden. Ta in opstân kaam it net, Hirsch waard noch foar de likwidaasje fan it kamp yn ûnmacht fûn en it like in gefal fan selsdeading, nei't him dúdlik woarn wie dat hja ek fergast wurde soene. Oerlibbers oernearren lykwols dat Hirsch fergiftige waard troch joadske dokters, dy't wisten dat hja net op de list stiene om fergast te wurden, mar grif ek fermoarde wurde soene as it ta in opstân kaam.

Fredy Hirsch waard op 11 febrewaris 1916 yn Aken as twadde soan fan Heinrich en Olga Hirsch berne. Syn heit hie in saak, mar ferstoar al doe't Freddy noch mar tsien wie. Olga Hirsch koe net goed mei de dea fan har man oerwei en fanwegen de sitewaasje thús sochten Freddy en syn twa jier âldere broer Paul harren fertier bûtendoar yn jongereinorganisaasjes. Beide bruorren folgen in oplieding op it net-joadske Couven-Gymnasium yn Aken, de joadske mienskip fan Aken wie goed yntegrearre en oant de nazy's de macht pakten hiene hja net mei in soad antysemitisme te meitsjen.

Yn 1931 waard Hirsch aktyf yn paadfinerij en yn 1932 wurke er mei oan it opsetten fan de Akener ôfdieling fan de Jüdischer Pfadfinderbund Deutschland. In jier letter ferhûze Fredy Hirsch nei Düsseldorf, om 't er dêr wurk krige by de Jüdischer Pfadfinderbund Deutschland. De organisaasje hie sionistyske skaaimerken en wie nau mei de ynternasjonale Maccabi Hatzair ferbûn, in yn 1929 stifte sionistyske jongereinorganisaasje, dy't sport ûnder joaden befoardere. Wylst syn broer Paul ek by de JPD siet, mar foaral in foarstanner wie fan assimilaasje yn de net-joadske mienskip, ûntwikkele Fredy him ta in fûle sionist en grut foarstanner fan de stifting fan in joadske steat yn Palestina.

Yn 1933 fusearre de JPD mei de Maccabi Hatzair. Hirsch ferhûze nei Frankfurt, dêr't er in appartemint dielde mei oare JPD-funksjonarissen en in paadfinersgroep liede. Hy bleau dêr net sa lang. Hirsch hie gjin ferkearing en syn hâlden en dragen foar in tal jonges oer hiene it praat fuorre dat er homoseksuëel wie, ek hie nimmen him beskuldige fan ûnfoech gedrach. Hirsch ferhûze yn 1934 nei Dresden, dêr't er as sportynstrukteur wurke foar Maccabi Hatzair.

Tsjechoslowakije

bewurkje seksje

Nei de ynfiering fan de Neurenberger rassenwetten yn 1935 ferhûze Hirsch nei Praach. Neffens de Dútske skiedkundige Dirk Kämper, dy 't de earste biografy oer Hirsch skreau, soe de motivaasje fan dy ferhûzing nei it bûtenlân lein ha yn de tanimmende ferfolging fan homoseksuëlen yn Dútslân. Ek yn Praach sette er him yn foar Maccabi Hatzair. Fredy Hirsch makke dêr gjin geheim fan syn homoseksualiteit, mar hy slagge der yn de foarsitter fan de Tsjechyske Maccabi Hatzair, Arthur Herzog, der fan te oertsjûgjen dat er syn wurk likegoed dwaan koe.

 
In Makabi-fuotbalteam yn Białystok (1933)

Tusken oktober 1936 en april 1939 wenne Hirsch tegearre mei Jan Mautner yn Brno, dy't fjouwer jier âlder wie en dêr medisinen studearre. Neffens Holocaust-oerlibber Ruth Kopečková wie harren relaasje bekend yn de stêd. Hirsch publisearre artikels yn de krante Maccabi en Mautner sette de artikels fan Hirsch oer yn it Tsjechysk, dat Hirsch net machtich wie. Mei jild fan de Zionist World Federation organisearre Hirsch de lokale Maccabi Spullen en rjochte groepen op foar jongerein en folwoeksenen foar sportbeoefening. Hij makke de Maccabi Spullen fan 1937 mooglik yn Žilina, Slowakije, dêr't 1.600 sporters oan dielnommen. Oant 1940 organisearre Hirsch alle jieren in jongereinkamp yn Bezpráví, dêr't bern en jongerein beweging krigen en Hebriuwsk learden. Syn broer Paul, dy't yntusken foar rabyn studearre, emigrearre yn 1938 mei harren mem en twadde man nei Bolivia; Paul waard lang om let rabyn yn Buenos Aires. Fredy hie de kar om mei te gean, mar die dat net. Syn broer sei letter dat Fredy's zionistyske idealen him dêryn wjerholden hiene.

Nei't Brno Fredy Hirsch in ferbliuwsfergunning wegere en him drige mei útsetting, ferhûze Hirsch wer nei Praach. Dêr wurke Fredy op in sionistyske skoalle en organisearre er hakhshara, tariedingsboerderijen foar jonge joaden dy't nei Israel woene om dêr skielk te wurken op in kibboets.

 
Tsjechyske joaden dy't nei de Dútske ynfal twangarbeid út 'e wei sette

Yn 1938 waard Sudetenlân oan Dútslân jûn en op 15 maart 1939 foelen de Dútsers Tsjechoslowakije binnen. Under Dútsk bewâld waard Techoslowakije it Protektoraat Bohemen en Moraavje. De assimilaasje fan de Tsjechyske joaden wie safier hinne, dat in soad bern harren net iens bewust wiene dat se joaden wiene. Noch wiene der mooglikheden om te emigrearjen en achttjin bern dy't Hirsch trainde koene yn oktober 1939 nei Denemark reizgje en fan dêr út emmigrearje nei Palestina. It wie lotsjen mei oare lieders wa't mei de bern mei mochten; Fredy Hirsch ferlear en bleau efter yn Praach. Om't de Tsjechyske universiteiten sletten waarden en hy net fierder koe mei syn stúdzje ferhûze Fredy's freon Jan Mautner nei Praach.

De joaden fan Tsjechoslowakije krigen ûnder de nazy's jimmeroan mear te meitsjen mei beheinings yn it deistige libben. Hja ferlearen harren wurk, besit waard yn beslach nommen, moasten stjerren drage en waarden jimmeroan mear út de publike romte ferballe. Hirsch wist foar de joadske bern oan de râne fan Praach in plak te regeljen, dêr't it mooglik bleau sport te beoefenjen. Tegearre mei Mautner organisearre Hirsch dêr fuotbalwedstriden, atletykwedstriden, stúdzjegroepen en toanielfoarstellings. Hirsch koe net goed Tsjechysk en joech yn it Hebriuwsk ynstruksjes, hy trune de bern oan om ek dy taal te praten. Tsjin it ein fan 1941 setten de nazy's útein mei de earste deportaasjes fan de Tsjechyske joaden, ynearsten nei it getto fan Łódź.

Theresienstadt

bewurkje seksje

Fredy Hirsch wie ien fan de earste joaden dy't op 4 desimber 1941 op transport steld waard nei Theresienstadt, dêr't er holp om it kamp op te bouwen. Letter waard Hirsch de ferfanger fan Egon Redlich, de lieder fan de ôfdieling Jongereinsoarch. Begjin 1942 waard ek Jan Mautner nei Theresienstadt deportearre. De bern wennen yn Theresienstat apart fan de folwoeksenen. Om de bern maksimale oerlibbingskânsen te bieden sette Hirsch him ek dêr yn foar selsrespekt, disipline, regelmjittige lichemsbeweging, strikte hygiëne en sels wedstriden wa't it skjinste wie. En ek al wie dat ferbean, de lieders fan de jongereinsoarch besochten in breed oanbod oan ûnderwerpen te ûnderwizen, wêrûnder Hebriuwsk, Ingelsk, wiskunde, skiednis en ierdrykskunde. De Dútsers lieten it gewurde, want hja wisten ek dat dy aktiviteiten holpen by it handhavenjen fan de oarder. Bern fan 14 en âlder moasten wurkje, mar Hirsch besocht foar har wurk te regeljen by it ferbouwen fan griente, om't er tocht dat it bûtenwurk goed wie foar harren sûnens en hja sa ûnderfining krije koene foar in libben yn Palestina.

Op 24 augustus 1943 kaam der in transport fan 1.200 bern út it getto fan Białystok nei Theresienstadt. De bern waarden strikt ôfsûndere fan de rest fan it kamp troch in hek fan stikeltried. Tsjechen soargen der foar dat nimmen hin en wer koene en der stiene strange straffen op it oertrêdzjen fan it ferbod. Hirsch slagge der lykwols yn om oer it hek te kommen dat de bern út Białystok skiede fan de oare finzenen, mar hy waard pakt en arrestearre troch in Tsjechyske bewaker. Mooglik ek om't Hirsch gjin Tsjechysk prate waard er slein en nei it kantoar fan de kommandant brocht. Sa't it liket waard Hirsch fanwegen dy oertrêding op 8 septimber 1943 mei in transport nei Auschwitz deportearre.

 
Lokaasje fan it Tsjechyske famyljekamp

De joaden fan it transport út Theresienstadt waarden nei oankomst yn Auschwitz konfrontearre mei in tige befoarrjochte behanneling. Hja waarden yn in apart blok (BIIb) ûnderbrocht, dat bekend stie as it famyljekamp Theresienstadt (of Tsjechyske famyljekamp). Hja krigen in tatoeaazje, mar ûndergyngen gjin seleksje en mochten de gewoane klean oanhâlde. Ek hoegden harren hollen net keal skeard te wurden. Famyljes bleaune byinoar en hja mochten skriuwe nei oare famyljeleden yn Theresienstadt of nei dyjingen dy't noch net deportearre wiene en sels nei minsken yn neutrale lannen. Sa waard de yndruk jûn dat in deportaasje nei it easten net perfoarst de dea betsjutte.

Om't de SS respekt hie foar syn liederskwaliteiten waard Fredy Hirsch troch de Dútsers beneamd ta lagerälteste fan it famyljekamp. Hy wegere lykwols geweld te brûken tsjin oare finzenen en waard dêrom in moanne letter ferfongen troch de Dútske krimineel Arno Böhm. Hirsch wist Böhm oer te heljen om in barak foar bern jonger dan 14 ta te wizen, Blok 31, en waard opsichter fan dy barak. Nachts bleaune de bern by harren âlden, mar oerdeis wiene hja yn dy spesjale barak. Hirsch wist de bewakers ek te oertsjûgjen dat it yn harren belang wie om de bern Dútsk by te bringen. Mar op in pear Dútske wurden en sinnen nei, dy't de bern by ynspeksjes opsizze moasten, krigen de bern les yn skiednis, muzyk, Tsjechysk en oer it joadendom. Materjaal wie der op wat boeken nei net foarhannen, sadat de ûnderwizers alles út de holle dwaan moasten en om't de bern al sûnt de deportaasje net mear nei skoalle west hiene, wie dat in drege saak. Der waard songen en in berne-opera opfierd. De wanden fan de barak waarden beskildere mei Disney-figuren troch de keunstner Dina Gottliebová. Om't it blok der sa kreas by stie, mochten SS-ers út oare dielen fan it kamp graach in besite bringe oan it berneblok. Sa wiene der SS-ers dy't streekrjocht meidiene oan it ferneatigingsproses, lykas Josef Mengele, mar dochs regelmjittich yn it famyljekamp kamen en holpen by it regeljen fan better iten foar de bern.

 
Restanten fan it famyljekamp

Tanksij Hirsch krigen de bern fan it famyljekamp better ite en fiedselpakketten fan finzenen dy't ferstoarn wiene, waarden oan de bern jûn. It berneblok krige ek ektra koalen en waard better ferwaarme. Hirsch wist de Dútsers ek safier te krijen, dat it appèl yn de barak holden waard, sadat de bern net oerenlang bûten yn 'e kjeld hoegden te stean. Nei't yn desimber 1943 noch in transport kaam, telde it famyljekamp likernôch 700 bern. By dat transport siet ek Jan Mautner. De Tsjechyske musikus Zuzana Růžičková, dy't ek yn desimber oankommen wie, gong sûnder tastimming nei de bernbarak om te freegjen oft hja dêr as fersoargster wurkje mocht. Hja waard lykwols betrape troch in SS-er. Om him ôf te lieden frege Hirsch oan de SS-er: "Herr Oberscharführer, wa hawwe jo hjoed wer fermoarde en bestellen?" Yn stee fan Hirsch ôf te seamen bea de SS-er him in sigaret oan, dy't Hirsch wegere. Dochs waard Hirsch net hielendal útsundere fan de wredens fan bewakers. Doe't in jonge by it appèl stie te slûgjen, krige ek Hirsch in wan bruien.

Hirsch wist Böhm oer te heljen om in twadde barak ta te wizen foar bern fan trije oant acht jier, sadat de âldere bern harren tariede koene foar in foarstelling fan Sniewytsje, dêr't de SS om frege hie. It stik waard op 23 jannewaris 1944 opfierd yn oanwêzigens fan in grut tal SS-ers. Hirsch easke dat de bern harren alle dagen wosken, ek yn de iiskâlde winter fan 1943-1944, en kontrolearre regelmjittich op lús. Troch alle ynspannings fan Hirsch wie it stjertesifer ûnder de bern hast nul, ferlikene mei in totale stjerte fan likernôch 25% ûnder de bewenners fan it famyljekamp yn de earste seis moannen.

Al it wurk fan Hirsch waarden troch de bern en harren âlders tige wurdearre en op 11 febrewaris 1944 joegen hja him in ferrassingsfeest foar syn 28e jierdei. Yn febrewaris 1944 brocht in delegaasje fan it Reichssicherheitshauptamt en it Dútske Reade Krús in besite oan it famyljekamp. De besikers wiene it meast ynteressearre yn de bernebarakken, it iennige plak yn Auschwitz dêr't besocht waard ûnderwiis te organisearjen. De meast opfallende besiker, Adolf Eichmann, liet him posityf út oer de kulturele aktiviteit fan de bern yn Birkenau.

De minsken yn it famyljekamp waarden by oankomst registrearre mei de kryptyske ôfkoarting "SB6". De ûndergrûnske fan Auschwitz wist út te finen dat SB foar Sonderbehandlung stie, nazytaal foar moard, en de 6 foar it tal moannen dat de minsken nei oankomst fergast wurde soene. It transport fan Hirsch wie op 8 septimber 1943 oankommen en doe't yn maart 1944 bekend makke waard dat de bewenners fan it famyljekamp deportearre wurde soene nei in wurkkamp, wie dat foar it ferset it sinjaal dat de Dútsers fan doel wiene om de bewenners te fergassen. Tsjin dy tiid waard it foar de finzenen dúdlik dat de Dútsers de kriich oan it ferliezen wiene en guon hopen op in flugge alliearre oerwinning foar't de seis moannen om wiene. De fersetsbeweging fan Auschwitz warskôgen Fredy Hirsch en oare lieders en trunen op in opstân oan. Alhoewol't de kânsen tige lyts wiene op súkses, soe it yn 'e brân stekken fan it kamp sjoen wurde as in symboalyske fersetsdied. Om 't er goed by de Dútsers lei waard Fredy Hirsch as de natuerlike lieder fan sa'n opstân oanwiisd. Op 5 maart krige it transport fan Hirsch te hearren dat hja gaueftich nei in wurkkamp yn Heydebreck oerbrocht wurde soene. De bewenners krigen de opdracht om harren famylje yn Theresienstadt noch in kaart te stjoeren en dêrby de datum 25 maart te brûken. Nettsjinsteande de warskôging dat de nazy's fan doel wiene it famyljekamp te likwidearjen, gyng Hirsch op 7 maart mei de oaren nei it karantêneblok (BIIa).

Wat dêrnei barde is net dúdlik. Rudolf Vrba hie Hirsch ynformearre dat op 8 maart it famyljekamp likwidearre wurde soe. Nei't dy Hirsch frege hie it ferset te lieden woe Hirsch dêr oer neitinke, om 't er twifele oft ferset wol sin hie. Dêrnjonken fûn Hirsch it ek net logysk dat de nazy's har nei in spesjale behanneling dochs noch fermoardzje soene. Doe't Rudolf Vrba letter werom kaam lei Hirsch yn koma mei skûm op 'e mûle. Vrba helle der in joadske dokter by, dy't fêststelde dat Hirsch himsels deade hie troch in oerdoasis barbituraat yn te nimmen. As dat sa west hat, dan is it ûndúdlik hoe't Hirsch oer in deadlike doasis beskikke koe sûnder de meiwurking fan de dokters.

 
Oerbliuwsels gaskeamer en krematoarium Auschwitz

Neffens oare oerlibbenen hie frege Hirsch om in lytse doasis fan in kalmearingsmiddel frege om wat rêst te krijen, mar de joadske dokters soene him mei sin fergiftige ha om tefoarren te kommen dat Hirsch in opstân liede soe. Mei in opstân soene harren eigen kânsen op it oerlibjen fan Auschwitz yn gefaar komme. Mengele hie harren nammentlik ûnthjitten dat hja net fermoarde wurde soene. Dy lêste ferklearring wurdt ek ûnderskreaun troch Dirk Kämper. Fanwegen harren spesjale talinten dy't noch fan pas komme koene foar de SS wiene de dokters mei in tal oaren (lykas de keunstner Dina Gottliebová) op in list set dy't útsundere waarden foar de Sonderbehandlung. Yn 'e nacht fan 8 maart waard in jûnsklok ynsteld en waarden de joaden yn de karantêneblokken yn frachtweinen laden en nei de gaskeamers riden. Op dat stuit lei Hirsch noch hieltiten yn koma. Hy waard op in baar nei de frachtwein droegen en tegearre mei likernôch 3.800 oare bewenners fan it famyljekamp nei de gaskeamer riden. Tsjûgen fan it Sonderkommando ferklearren dat de bewenners fan it famyljekamp noch foar't de gaskraan iepen gyng it Hatikva en it Tsjechyske folksliet songen. 87 bern fan Fredy Hirsch oerlibben de kriich.

Jan Mautner oerlibbe Auschwitz. Hy fûn in nije leafde yn de apoteker Walter Löwy en ferstoar yn 1951 oan tuberkuloaze.

 
Plakette yn Theresienstadt

Tsjûgen beskriuwe Hirsch as in "man fan útsûnderlike moed" en "troch de berne ferôfgoade waard", hoewol't guon folwoeksen kollega's him ek as arrogant, oerflakkich, en wizich ôfwiisden. It wiene benammen de bern dy't nei de kriich seine, dat it oan Hirsch te tankjen wie dat hja it oerlibbe hiene. By in betinking yn de synagoge fan Aken yn it ramt fan de 100e bertedei fan Hirsch neamde boargemaster Marcel Philipp him "ien fan de meast wichtige soannen fan de stêd". Nina Weilová, die it famyljekamp Theresienstadt as jonge faam oerlibbe, sei: "Der wie nimmen sa selsopofferjend en tawijd oan de bern as him". De Tsjechyske klavesinist Zuzana Růžičková wurke as ûnderwiis-assistine yn de bernebarak en joech Hirsch de eare foar it redden fan har libben. Jierren letter holp hja by it realisearjen fan in monumint foar him. By de ynhuldiging sei hja: "wy joaden hawwe gjin hillingen, mar wy hawwe tzadikim (it wurd soe oerset wurde kinne as rjochtfeardich). Fredy Hirsch wie in man mei syn fouten, hy wie gjin hillige, mar hy wie rjochtfeardich - in tsaddyk - en dêrom hoopje wy dat wannear't de lêsten fan ús dy't him kind ha ferstoarn binne, der skielk minsken wêze sille, dy't foar de plakette stean en dan sizze sille: Hy moat goed, moedich en in moai persoan west ha".

Yn 2016 waard der in dokumintêre oer Hirsch makke ûnder de titel "Heaven in Auschwitz". Yn de dokumintêre dogge trettjin oerlibbenen fan Theresienstadt en Auschwitz harren ferslach. Hirsch wie ek it ûnderwerp fan de yn 2017 útkommen Israelyske dokumintêre "Dear Fredy" fan Rubi Gat.

Neffens Dirk Kämper waard de rol fan Hirsch nei de kriich marzjinalisearre om't er homoseksuëel wie. Om dy reden en fanwegen syn Dútske komôf en zionistyske tinkbylden mocht Fredy Hirsch yn it kommunistyske Tsjechoslowakije gjin held wêze. De skiedkundige Anna Hájková die ûndersyk nei de relaasje tusken Fredy Hirsch en Jan Mautner en skreau dat harren relaasje "ien fan de seldsume homoseksuële libbensferhalen binne, dy't foar it nazy-tiidrek rekonstruearre wurde kin". Hirsch foarmet in selsume útsûndering fan de holocaust op homoseksëlen, om't hy wurke mei bern en jongerein, dy't lang genôch libben om de wierheid oer him te fertellen yn in tiid dat homoseksualiteit oars beöardiele wurdt. Anna Hájková helle ek it slommerjende homofoby fan it Terezínská iniciativa oan, de Tsjechyske frijwilligersorganisaasje fan holocaustslachtoffers, dy't wegere har ûndersyk oer de relaasje fan Hirsch en Mautner te printsjen. Neffens Anna Hájková "is it ûntrêstigjend dat sels noch yn 2018 de homoseksualiteit fan in holocaustslachtoffer as beledigjend ûnderfûn wurdt".

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side