Fridshuisterastate

Fridshuisterastate of Fritshuys soe in stins as state op de terp Fridshuistra benoarden Mitselwier, mar op de himrik fan Moarre, yn de gemeente Dongeradiel west hawwe.

Kadastrale kaart út 1832
Fridhuistra anno 2010

De wichtichste state yn Mitselwier wie Roptastate. Dêrneist wienen ek Wibalda en Jaersma âlde haadlingehuzen. Trijeresom waarden dizze machtsposysjes yn 1422 al neamd. Fierder wienen der noch twa states dy't om harren namme, omgrêfting of (16e-iuwske) bewenning opfalle: Oldhuistera en Fridshuistera. Beide goeden waarden ek yn it Register van de Aanbreng fan 1511 al neamd. De beskerme terp Fridhuistra is omskreaun as terrein mei mooglik resten fan in stins.

Yn 1511 brûkte Aeltie to Frijtze Hustma lân, dêr't it kleaster Weerd lânhear fan wie. Ek yn 1578 wurdt it goed troch in pachter bewenne. Hy wurdt ûnder de namme Reijmer to Fridshuijs neamd en blykt Entshuijs te hjitten en troud te wêzen mei Barbara fan Scheltema. [1]. Yn de boelguodbeskriuwing fan haren neilittenskip blykt in grote eecken kast te wêzen, dy't Barbara zecht van de convente Weert van de Priorinne geschoncken is. It op de terp sugerearre stinsstee soe dan oan et kleaster Weerd skonken wêze kinne. It troch in grêft omjûne terrein [2] wie noch dúdlik te werkennen op de lêste topografyske kaart.

It terrein is sûnt ein 19e iuw ûnbehuze; yn 2010 wurdt it trochsnien troch in sleat. Yn de noardlike helte fan it stateterrein binne in diel fan de grêft en singel noch krekt werkenber en wurdt brûkt as greide. De súdlike singel is yn it oanswettende stik bou opnomd.

  • 1598 Reyner Entshuys en Barbara Scheltesd Scheltema

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg, De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen
  • De website hisgis

  1. Dochter fan Schelte Sybeths Scheltema en Ursel Herckema. Houlikskontakten tusken partners út famyljes fan lytse haadlingen en kleastermeiers kamen faker foar. Sjoch Jaersma te Holwert
  2. Omgrêfting fan Uthôf (kleaster)kleasterúthôven en wichtige kleasterpleatsen kamen faker foar. Sjoch Dearsum te Achlum en Germerhûs yn Hantumerútbuorren. Mar der wie faaks in stiennen ‘spiker’ of stins op it terrein. Dy geografyske represintaasje hie in parallel yn de sibskipsrelaasjes tusken kleastermeiers, grutte eigenierden en lytse haadlingen.