Frouwepoartsbrêge

De Frouwepoartsbrêge is in yn 1933 - 1934 boude baskulebrêge oer de westlike stedsgrêft yn Ljouwert. De brêge is in ryksmonumint.

Frouwepoartsbrêge
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
oer Wester Stedsgrêft
koördinaten 53°12' N 5°47' E
Algemiene gegevens
arsjitekt Justus Zuidema
boujier 1933-1934
iepening 1934
Eigenskippen
type baskulebrêge
lingte 10 m
breedte 15 m
trochfarbreedte 8,25 m
Oars
monumintnûmer 516451
Kaart
Frouwepoartsbrêge (Ljouwert-Binnenstêd)
Frouwepoartsbrêge

De hjoeddeiske brêge ferfong in draaibrêge út de 19e iuw, dy't sawat op it plak fan de bûtenpoarte fan de eardere Us Leaffroupoarte lei. De brêge fan no is ûntwurpen yn ekspresjonistyske styl troch Justus Zuidema (1890-1970), stedsarsjitekt fan Ljouwert. Oan de eastkant hat it bouwurk in achthoekich brêgewachtershûske.

Fuort by de Frouwepoartsbrêge steane oan 'e kant fan 'e binnenstêd keunstwurken dy't Theodorus Marius Theresius van Welderen en François Haverschmidt útbyldzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frouwepoartsbrêge fan Wikimedia Commons.