Theo van Welderen Rengers

Theodorus Marius Theresius van Welderen baron Rengers (Ljouwert, 9 jannewaris 1867 - Ljouwert, 15 july 1945) wie in liberaal politikus mei in sosjaal each en jurist. Hy hie each foar de nije kânsen yn de lânbou. Ek befoardere hy de ôfwettering fan it Fryske boezemwetter en de drûchlizzing fan de Sudersee. Dêroer binne ek publikaasjes fan syn hân ferskynd.

T. M. T. van Welderen baron Rengers
Boarstbyld fan Van Welderen yn Ljouwert

Theodorus van Welderen makke nei syn stúdzje rjochten yn Leien in tal grutte reizen en wurke op it gesantskip yn Parys. Yn 1895 kaam er te wenjen yn Oentsjerk op Heemstra State.

Doe't er yn Oentsjerk wenne krige it hâlden fan bijen him yn de besnijing. It foel him ek op dat in soad minsken harren jild rinteleas lizzen hienen. Mei oaren hat Van Welderen yn 1896 de koöperative Foarskot- en Sparbank Trynwâlden oprjochte. Datselde jier wied er belutsen by de oprjochting fan de koöperative molkfabryk 'Trynwâlden en omkriiten'. Om as stimhawwend lid mei te tellen kocht er in pear kij en sette dy by syn arbeider op stâl. Mei de herfoarme dûmny Evers waard as wurkferskaffing in gemeentlike sângraverij opsetten en in Skieppefûns.

Yn Belgje seach er dat it bewurkjen fan flaaks yn Fryslân folle better koe. Sa waard yn 1898 in flaaksfabryk opsetten yn Mûnein en letter noch in twadden-ien. Oant 1920 wurken in soad minsken yn it fabryk, mar yn 1929 wie it dien. Van Welderen moast Heemstra State ferkeapje en gie nei De Haach te wenjen. Yn Leien hat er noch kolleezjes jûn oan de universiteit. Dy kocht ek Heemstra State en dat ynrjochte waard as âldereinhûs.

Oan de ein fan sin libben hat er noch in skoft yn Toutenburch wenne eardat er oan de Emmakaai yn Ljouwert gie. Flak nei de Twadde Wrâldoarloch is hy dêr ferstoarn.

By de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert stiet in boarstbyld fan Van Welderen dat makke waard troch Hildo Krop, dy't ek it stânbyld fan Piter Jelles Troelstra by de Aldehou makke hat. Efterop it byld steane de dichtrigels:

Yn neare tiden hawwe jo yn Fryslâns takomst leaud
Jo wiisden nije wegen, hawwe dy mei ús bigien
En skoander is hwat jo hjir bouden. Duorsumer as stien
Is dat it folk jins namme earet en jo tankber bliuwt.

It rympatroan abba twingt om de a-wurden te lêzen as 'ljood' en 'bljoot' of 'leaud' en 'bleaut'.

Yn Oentsjerk is noch in plakette fan de baron. J.P. Wiersma publisearre yn 1955 in biografy oer Theodorus van Welderen.

It Rengerspark yn Ljouwert is neamd nei de heit fan de baron, dy't boargemaster fan Ljouwert wie.