Fryske Reklamepriis
De Fryske Reklamepriis is in jierlikse priis foar de bêste Frysktalige reklame. Doel fan de jierlikse útrikking fan de Fryske reklamerpriis is om bedriuwen en reklameburo’s te stimulearjen hieltyd mear it Frysk en/of Fryske streektalen te brûken yn reklameboadskippen op radio en telefyzje yn Fryslân. Der binne prizen foar de kategory Radio en foar Telefyzje. De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân en wurdt mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.
De Fryske Reklamepriis wurdt takend oan sawol de opdrachtjouwer as it reclameburo, dat de commercial ûntwikkele hat. De priis sels bestiet út in jildbedrach (om reklamestjoertiid yn te keapjen) en in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert. De prizen waarden ynsteld yn 1998 (?) en wurde de lêste jierren útrikt by Tresoar yn Ljouwert. Yn 1992 is Omrop Fryslân úteinset mei it útstjoeren fan reklameboadskippen op de radio. Troch Omrop Fryslân wurdt dêrom ek in publykspriis bepaald.
In ûnôfhinklike sjuery fan saakkundigen kiest sawol foar radio as telefyzje fjouwer foar de priis nominearre spots út en op de útrikking wurdt ien dêrfan as winner oanwiisd. Op de útrikking binne de nominearre spots te hearren en/of te sjen. De reklameboadskippen wurde hifke op:
- kommunikaasjewearde
- technyk, lykas montaazje en voice-overs
- kwaliteit fan it Frysk
- Humor
- Frysk Taaleigen
Priiswinners wienen oant no ta:.
Jier | Telefyzje | Radio | bysûnderheden |
---|---|---|---|
2011 | Bêst Genôch - RESI Wensintrum | Dong Energy | |
2010 | Frans - Jansma Burdaard | Vitalis | |
2009 | Bit: Agri Retail | Stichting Frysk Festival | |
2008 | Jou Lûd: Provinsjale Steateferkiezings | ||
2007 | Thússoarch De Friese Wouden | ||
2006 | autobedriuw Haaima | UMCG yn Grins | |
2005 | |||
2004 | |||
2003 | |||
2002 | |||
2001 | Het Friese Land (Maaike). | CBD-Fryslân (biblionet CBD) | telefyzjepublykspriis: "Maaike" - Het Friese Land radiopublykspriis: Simmertime - Pro Acts |
2000 | |||
1999 | |||
1998 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |