Fryske derby (proffuotbal)
De Fryske derby yn it proffuotbal is de wedstriid tusken SC It Hearrenfean en Cambuur Ljouwert. De klups binne de ienichste twa Fryske proffuotbalklups. Oer it algemien wurdt de Fryske derby beskôge as ien fan de meast oansprekkende fuotbalwedstriden yn Nederlân. Cambuur spilet hjoed de dei yn de Earste difyzje, It Hearrenfean komt út yn de Earedifyzje.
Striid
bewurkje seksjeDe Fryske derby, of ‘It kampioenskip fan Fryslân’, is mear as in wedstriid op himsels. In oerwinning yn de derby kin, benammen yn de perioade oant de jierren tachtich, in min seizoen goed meitsje. Fierders foarmet de twastriid ek in unyk duel tusken de haadstêd en it plattelân. Nea oars is de striid tusken de haadstêd fan in provinsje en it plattelân dêrom hinne sa grut as yn Fryslân.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de begjinperioade fan it fuotbal yn Fryslân bestie dizze derby noch net sa at we dy no kenne. Oare klups út bygelyks De Jouwer (De Koai) en Snits wienen foar It Hearrenfean in wichtiger tsjinstanner, wylst Cambuur yn Ljouwert sels syn derby’s útfocht. Pas nei de ynfier fan it betelle fuotbal yn Nederlân waard de wedstriid tusken It Fean en Cambuur de wichtichste partij fan it seizoen foar de klups.
De earste derby’s
bewurkje seksjeDe earste offisjele wedstriid tusken It Hearrenfean en Cambuur waard spile op 10 oktober 1937, yn It Hearrenfean. Ljouwert, sa at de klup doe noch hiet wûn de wedstriid mei 3-6. De Ljouwerters wisten pas trije jier letter, yn it seizoen 1940-1941 wer te winnen fan It Hearrenfean. De beide wedstriden yn de kompetysje waarden wûn. Utslaggen dat jier: 2-9 en 9-0 foar Ljouwert. Opfallend binne dizze útslaggen omdat dit midden yn de perioade wie fan it Gouden Hearrenfean mei ûnder oare Abe Lenstra yn de ploech. Nei dizze twa oerwinnings fan Ljouwert soe it leafst 19 ûnderlinge wedstriden duorje foardat Ljouwert dizze konfrontaasje wer ris wûn.
De derby’s yn de Earedifyzje
bewurkje seksjeDe Fryske derby is op it heechste Nederlânske fuotbal nivo, de Earedifyzje, noch mar seis kear spile. De earste edysje hjirfan waard spile op 8 septimber 1993. It Fean wie yn Ljouwert mei 0-2 te sterk foar Cambuur. De ienichste oerwinning yn de derby fan Cambuur yn de Earedifyzje waard behelle op 18 febrewaris 1994 yn it Abe Lenstra Stadion fan It Hearrenfean. De útslach wie 1-2 foar Cambuur.
Wichtige derby’s
bewurkje seksjeYn de seizoenen fan 1948-1949 en 1949-1950 waard It Fean beide kearen kampioen troch de derby te winnen. Yn 1949 barde dat yn Ljouwert, yn 1950 waard Ljouwert thús ferslein. Yn 1965 spile de Fryske konfrontaasje him ôf yn de Twadde Difyzje. Cambuur, sa’t de klup dat jier foar it earst hiet, waard dat jier op It Hearrenfean kampioen troch mei 0-4 te winnen.
Op Earedifyzjenivo hat de wichtichste wedstriid dy fan 30 april 2000 west. It Hearrenfean wûn mei 0-2 yn it Cambuur Stadion en kwalifisearre him dêrmei foar de Champions League
Stân en útslaggen
bewurkje seksjeKompetysje
bewurkje seksjeKNVB-Beker
bewurkje seksje
1958-1959
1960-1961
1961-1962
1965-1966
|
1967-1968
1992-1993
1994-1995
|
Stân
bewurkje seksjeKlup | Wedstriden | Wûn | Lyk | Ferlern | Foar | Sjin | |
SC It Hearrenfean | 94 | 52 | 21 | 21 | 190- | 137 | |
Cambuur Ljouwert | 94 | 21 | 21 | 52 | 137- | 190 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|