Fyskatsja
De fyskatsja (ek wol stavere as viscacha) of flaktefyskatsja (wittenskiplike namme: Lagostomus maximus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wolmûzen (Chichillidae) en it skaai fan 'e flaktefyskatsja's (Lagostomus), dat foarkomt yn súdlike dielen fan Súd-Amearika. Dit is de iennichste noch libbene soarte fan it skaai fan 'e flaktefyskatsja's en de ûnderfamylje fan 'e fyskatsja-eftigen (Lagostominae). Der besteane noch wol fjouwer soarten berchfyskatsja's (Lagidium), mar nettsjinsteande de namme binne dy net hiel nau mei de fyskatsja besibbe. De fyskatsja is it grutste kjifdier út 'e wolmûzefamylje.
fyskatsja | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lagostomus maximus | ||||||||||||
Desmarest, 1817 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding en biotoop
bewurkje seksjeDe fyskatsja is lânseigen op 'e pampa's fan it Argentynske Patagoanje, en fierders yn dielen fan noardlik en eastlik Argentynje, súdlik en westlik Paraguay en súdeastlik Bolivia. Hoewol't se flaktebewenners hjitte te wêzen, komme dizze bisten ek foar yn it Andesberchtme, dêr't se berchgreiden befolkje, en likernôch deselde ekologyske nys ferfolje as marmotten yn 'e Alpen.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe fyskatsja hat trochinoar in kop-romplingte fan 45-55 sm, mei in sturtlingte fan 17-23 sm en in gewicht fan 5-9 kg. Dêrmei is it fierwei it grutste kjifdier út 'e famylje fan 'e wolmûzen (Chinchillidae). De mantsjes kinne oant twa kear sa swier wurde as de wyfkes. De tichte, sêfte pels rint op 'e rêch yn kleur útinoar fan griis oant brún (wat gear liket te hingjen mei de grûnkleur fan 'e krite dêr't de bisten libje), wylst de bealch witich is. De kop is blokkich, mei wite plakken boppe en ûnder de eagen en ûnder it kin. De mantsjes hawwe in opfallende swarte 'snor' en stive, útsteande snorhierren. Oan 'e foarpoaten hawwe fyskatsja's fjouwer teannen, en oan 'e efterpoaten trije. De sturt is hat deselde kleur as de rêch, mar einiget yn in swarte punt.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeFyskatsja's steane der yn Súd-Amearika om bekend dat se yn koloanjes libje, dy't yngewikkelde ûndergrûnske hoalekompleksen, saneamde viscacheras, oanlizze om dy dêrnei generaasjeslang te befolkjen. Mei-inoar kinne de gongen fan sa'n viscachera wol 300 m lang wêze. Fyskatsja's foerazjearje nachts en hâlde oerdeis rêst yn harren viscachera. It binne herbivoaren, dy't fral gerzen, krûden, sied en woartels frette, mar út en troch ek wolris blêden fan strewellen beplúzje.
De koloanjes besteane út 15-50 eksimplaren, mei dêrûnder ien of mear mantsjes, ferskate wyfkes en fierders jongen en healfolwoeksen bisten. By ûnrie wurdt der benammen troch folwoeksen mantsjes in alaarmrop utere. Dy folwoeksen mantsjes binne swalkers, dy't faak mar in jier by in koloanje bliuwe en dan wer fierder tsjogge. It hert fan in fyskatsjakoloanje wurdt sadwaande foarme troch de wyfkes, dy't ûnderling gjin rangoarder hawwe.
Status
bewurkje seksjeDe fyskatsja hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Dat is nettsjinsteande it feit dat fyskatsja's yn in soad gebieten frij fûleindich troch de minske bejage wurdt, net inkeld om it fleis en de pels, mar ek om't se mei fee konkurrearje om fretten, mei har soere urine lânbougrûn ferrinnewearje, en ûndergrûnske gongen grave dy't in gefaar binne foar minsken, mar fral foar fee en hynders.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|