Gasthûstsjerke (Middelburch)
De Gasthûstsjerke oan 'e Lange Delft is de kristlik-grifformearde tsjerke fan Middelburch, Seelân.
Gasthûstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Lange Delft 94 | |
koördinaten | 51° 29'N 3° 36'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Kristlik Griff. Tsjerken | |
patroanhillige | Sint-Barbara (oarspr.) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1493 | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 29171 | |
Webside | ||
Side Kristlik Griffomearde tsjerke, Middelburch | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt letgoatyske ryksmonumint waard yn 1493 as kapel boud fan it doedestiidske Us Leaffrouwe-gasthûs. De kapel waard oan Sint-Barbara, ien fan 'e Fjirtjin Needhelpers dy't oanroppen wurde koe tsin de pest, wijd. De oarspronklik roomske kapel waard nei de ynfiering fan de reformaasje yn 'e jierren 1579-1589 ferhierd oan Ingelske keaplju. Nei 1589 makke de grifformearden gebrûk fan de kapel en yn 'e Frânske tiid krigen de katoliken harren kapel werom. Mei't de katoliken yn 1846 in nije wettersteatstsjerke yn gebrûk namen, ferkochten hja de kapel oan 'e Kristlik Ofskieden Gemeenten en yn 1936 kochten de Kristlike Grifformearde Tsjerken it gebou oan, dy't de tsjerke noch altiten brûkt.
Yn 'e rin fan de tiid brochten de ferskillende denominaasjes feroarings oan de tsjerke oan. Tusken de tsjerke en it koer waard foar it setten fan in oargel bygelyks in muorre boud. Ek ferfong in houten plafond de oarspronklike goatyske bôgen. It koer die lang tsjinst as wente foar de koster en letter as keuken en om de jas op te hingjen. Tsjintwurdich tsjinnet it koer as konsistoarje.
Oant healwei de 19e iuw omklammen de gebouwen fan it sikehûs de kapel. It gasthûs waard yn 1866 ôfbrutsen, mar it duorre noch oant de ôfbraak fan winkels en hûzen yn 1962, doe't de tsjerke oan 'e foarkant wer foar it sicht kaam.
Ien fan 'e hichtepunten fan 'e tsjerke wie de synoade fan 'e Kristlik Grifformearde Tsjerken yn 1869. Yn dy tiid koe de tsjerke mear folk bergje, om't de sydmuorren elts in kreake hie.[1]
Oan it begjin fan it jier 2000 waard it ynterieur fan de tsjerke restaurearre en modernisearre. Sûnt 2018 waard ek it eksterieur fan de tsjerke restaurearre. Yn it ramt fan 'e foltôging fan 'e restauraasje lieten de kristlik-grifformearden út histoarysk besef in byld fan Sint-Barbara meitsje. It ikehouten byld is basearre op in 15e-iuwsk Dútsk model fan 'e hillige en krige in plak yn 'e nis boppe de tagong. It byld ferfong in folle lytser byldsje fan 'e hillige dat immen dêr ea delset hie.[2][3]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel fan 'e Gasthûstsjerke waard yn 1874 oankocht troch de ôfskieden gemeente fan Middelburch. Earder wie it fan twa oare oargels gearstald en stie it sûnt 1832 yn 'e herfoarme tsjerke fan Sprang. It haadwurk soe oarspronklik út it midden fan de 18e iuw datearje en mooglik fan in skûltsjerke stamme, wylst it boppewurk hast mei wissens fan in hûsoargel út likernôch 1675 stamt. De oargelkas datearret yn alle gefallen út 1832. De oargelbouwers Haspel, Scholgen & van der Weijde bouden it ynstrumint op yn de Gasthûstsjerke en foegen oan 'e tuorren trije neogoatyske spitsen fan ikehout ta. Om it oargel mear lucht te jaan waarden de spuonbalgen ferfongen troch magazynbalgen en der waarden nije registerknoppen oanbrocht. Yn 1945 krige it oargel in elektryske wynfoarsjenning.
Yn 'e rin fan de tiid folgen meardere oanpassings en feroarings oan 'e disposysje fan it oargel. Doe't de tsjerke yn 'e jierren 1950 restaurearre waard, waard yn it ramt dêrfan de kas fan it oargel wyt skildere. Tagelyk waarden de neogoatyske spitsen fan de oargelkas ferwidere.
It oargel waard yn 2008 demontearre en troch de Bruorren Van Vulpen yn Utert hielendal restaurearre. Dêrby waard de disposysje fan 1832 it útgongspunt. De oargelkas waard tegearre mei de preekstoel yn in mahonykleur skildere en op 24 july 2010 koe it ynstrumint wer offisjeel yn gebrûk nommen wurde.[4][5]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|