Gerhard Willem Spitzen

(Trochferwiisd fan Geert Teis Pzn)

Gerhard Willem Spitzen (Stedskanaal, 13 novimber 1864Ruurlo, 13 maart 1945) wie in Nederlânsk skriuwer en dichter yn ie Grinslânsk.

Gerhard Willem Spitzen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Geert Teis Pzn
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1864
berteplak Stedskanaal
stoarn 1945
stjerplak Ruurlo (Gelderlân)
wurk
taal Grinslânsk
sjenre poëzij, proaza en toanielstikken
bekendste
  wurk(en)
Grinslânsk folksliet
offisjele webside
gjin

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Búste fan Geert Teis yn de foyer fan Teäter Geert Teis yn Stedskanaal

Gerhard Willem Spitzen is better bekend wurden ûnder de skriuwersnamme Geart Teis Pzn., in anagram foar Geert Spitzen. Hy waard op 13 novimber 1864 yn Stedskanaal berne as soan fan Johannes Spitzen Henderikus en Wilhelmina Catharina Hegge. Hy groeide op yn 'e Kanaalstreek. Syn heit wie dêr ferfeanter en winkelman en tagelyk riedslid fan de gemeente Wildervank, dêr't it stik fan Stedskanaal, dêr't de Spitzens wennen, ta behearde. Nei de kweekskoalle yn 's-Hertogenbosch waard er learaar Dútsk en Nederlânsk. Hy is benammen bekend wurden troch it skriuwen fan poëzij, ferhalen en toanielstikken yn it Grinslânsk.

Bekende gedichten fan him binne ûnder mear it Grinslânsk folksliet "Van Lauwerszee tot Dollard tou" en de "Knoalster Lorelei" mei de bekende rigels: "Ik wait nait, wat zel 't toch beduden, dat ik zo miesderig bin". In toanielstik fan syn hân dat faak yn it Grinslânsk opfierd waard, is "Dizzepie-dizzepu".

Spitzen liet him ek kenne as in wichtich promotor fan de Grinslânske taal. Hy waard yn 1918 redakteur fan it nije moanneblêd fan de feriening "De Grunneger Sproak". It wie syn fertsjinste dat it him slagge de ferskate tydskriften foar de Grinslânske taal en kultuer te bondeljen yn in nij tydskrift, "Groningen", in yllustrearre moanneblêd foar skiednis, streektaal, keunst, yndustry en lânbou, dêr't Spitzen sels de earste haadredakteur fan waard.

Spitzen wie yn syn jonkheid in tiid- en plakgenoat fan de komponist Cornelis Dopper, dy't er neffens Joop Stam, de biograaf fan Dopper, bot bewûndere.[1]

Spitzen wenne it grutste part fan syn libben yn ferskate plakken bûten Grinslân. Hy troude op 20 desimber 1894 mei âld-buorfamke Jantina Brouwer út Stedskanaal. Ut dat houlik waard yn 1896 in soan berne, Derk Gerard Willem Spitzen, de lettere sekretaris-generaal en minister fan Ferkear en Wettersteat.
Spitzen stoar noch foar de ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn 1945 yn it Gelderske Ruurlo.

  • Yn Stedskanaal binne de strjitten G.W. Spitzenstraat, de Geert Teisstraat, it Geert Teisplein, it 'Teäter Geert Teis') en de G.W. Spitzenskoalle nei him ferneamd. Yn de sydmoarre fan syn bertehûs is in betinkingsplakette pleatst.
  • Sûnt 2007 stiet de, troch byldhouwer Willem Valk makke, búste fan Geert Teis yn it nei him neamde teater yn Stedskanaal. Dat byld waard yn 1948 troch it destiidsje gemeentebestjoer fan Onstwedde oan de stedsskouboarch fan Grins skonken. It gemeentebestjoer fan Grins hat it byld permanint yn brûklien oan Teater Geert Teis jûn.[2]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • K. ter Laan, Nieuw Groninger Woordenboek, Grins 1989
  1. Stam, Joop Schitteren op de tweede rang: Cornelis Dopper (1870-1939), zijn leven, werk en wereld (2002)
  2. "Buste dichter Geert Teis terug" yn Blikopnieuws d.d. 21 maart 2007]