Genêts leit oan de baai fan de Mont Saint-Michel en biedt in goed útsicht op de baai mei it fûgeleilân Tombelaine en de Mont Saint-Michel. Fanôf it noardlik fan it plak lizzende sânstrân is it mooglik mei te dwaan oan organisearre waadtochten lâns it fûgeleilân nei de Mont Saint-Michel.
Genêts wie eartiids it lêste plak op de pylgerroute nei Mont Saint-Michel. Yn dy tiid stiene der mear kapellen en kristlike symboalen yn it plak. Dêrfan binne oerblean de parochytsjerke, in pear weikrusen en de Sint-Annakapel. De 12e-iuwske parochytsjerke fan Genêts is wijd oan Us-Leaffrou (Notre-Dame) en ek oan Sint-Sebastiaan.
Tombelaine is in rots yn 'e see dat by Genêts heart. Eigner fan it ornitologysk reservaat is de Frânske steat.
Le bec d'Andaine is it startpunt foar it oerstekken fan de baai nei it fûgeleilân Tombelaine of Mont Saint-Michel. Ek beafearten nei de abdij begjinne fan dit punt ôf.