Genius loci
- Dizze side giet oer de beskermgeast. Foar oare betsjuttings, sjoch: genius loci (betsjuttingsside).
In genius loci (meartal: genii locorum; útspr.: ['ɡɛnius lo:ki], likernôch: "gen-ni-ûs loo-ki", letterlik: "plakgeast" oftewol "pleatslike geast") is in mytysk wêzen dat yn it Romeinske heidendom de beskermgeast fan in lokaasje wie. Dêrby koe it gean om in berch, in heuvel, in eilân, in mar of lykfol hokker oar ôfbeakene plak. Yn 'e religieuze ikonografy fan 'e Romeinen waard sa'n wêzen gauris ôfbylde as in figuer dat attributen fêsthold as in hoarn fan oerfloed, in patera (skaal foar it bringen fan plingoffers) of in slange.
In protte alters yn hiele it Westromeinske Ryk wiene wijd oan in beskate genius loci. De Romeinske keizerlike kultus (d.w.s. de ferearing fan 'e Romeinske keizer as wied er in god) ûntjoech him foar in part yn ferbân mei de offers dy't troch buertferienings (vici) yn Rome brocht waarden oan harren pleatslike genius loci. Der wiene 265 fan sokke buertferienings, dy't allegear lares compitales (lares of beskermgeasten fan in krúspunt) ferearen. Keizer Augustus Oktavianus feroare dy lares compitales yn lares augusti, yn 'e mande mei de Genius Augusti. Neitiid waard de genius fan 'e keizer beskôge as de genius loci fan it hiele Romeinske Ryk.
In bekend foarbyld fan in ôfbylding fan in genius loci komt foar yn 'e Sint-Gillestsjerke yn Tockenham, yn it Ingelske greefskip Wiltshire, yn 'e foarm fan in reliëf op 'e muorre fan 'e Normandyske tsjerke dy't boud waard mei stien út 'e Romeinske Tiid. Op it reliëf is in jongeling mei krolhier te sjen, dy't in hoarn fan oerfloed yn 'e lofterhân en in patera yn 'e rjochterhân hâldt. Earder waard dit by fersin ynterpretearre as in ôfbylding fan 'e god Asklepius.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side. |