Gerbrich van Dekken

Gerbrich van Dekken (Eastermar, 1980) is in Frysk sjongster dy't hikke en tein is yn Eastermar. Neffens harsels wie se hielendal net fan doel om in sjongkarriêre te begjinnen (se woe inkeld thús út leafhawwerij wat sjonge en gitaarspylje), en is se der troch omstannichheden yn rûgele. Se sette útein mei in repertwaar fan Ingelsktalige country, en hie dêr net in geweldich soad súkses mei. Yn 2005 mette hja sjonger Gurbe Douwstra, dy't min ofte mear har mentor waard. Hy sette foar har it nûmer A Living Prayer, fan 'e Amerikaanske countrysjongster Alison Krauss yn it Frysk oer, as Mear as in Freon. De registraasje dêrfan, yn 2007, wie sûnt geregeldwei te beharkjen en besjen op 'e radio en tillefyzje fan Omrop Fryslân, en makket stiiffêst diel út fan 'e Fryske Top 100.

Gerbrich van Dekken
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerbrich van Dekken
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1980
berteplak Eastermar (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre country
sjongtaal Frysk
ynstrumint gitaar
grutste hit(s) Mear as in Freon
Dimjen fan de Dei
jierren aktyf ±2000 – no
offisjele webside
www.gerbrichvandekken.nl

Yn 2008 koe Van Dekken op it lêste nipperke noch meidwaan oan it projekt De Partisanen – Cohen yn it Frysk, as ûnderdiel wêrfan't se Hey, That's No Way to Say Goodbye fan Leonard Cohen yn it Frysk fertolke as Ik Wol Dy op Sa'n Dei Noch Net by My Wei. It projekt wie in geweldich súkses, en mei de folsleine sjongersploech stie Van Dekken yn 2009 trijeris foar de útferkochte grutte seal fan teäter De Lawei yn Drachten.

Yn juny 2011 kaam Van Dekken har earste cd, Bubbels, út, mei dêrop Mear as in Freon en tsien oare nûmers, wêrûnder in pear duëtten mei Gurbe Douwstra. It is allegear sûnder mear countrymuzyk; der binne rêstige nûmers, lykas Dimjen fan de Dei en Myn Thús, mar ek in stikmannich nûmers dy't ta de bluegrass, de fluch geande countrymuzyk fan Kentucky, hearre: Bubbels, Nei Wytse ta en It Sil Oait Wol Wer Better Gean. It liet In part fan dy, dat se song mei Marcel Smit, stie fan 2013 oant 2017 yn de Top 10 fan de Fryske Top 100.

Keppelings om utens

bewurkje seksje