Germerthûs
It Gemerthûs of Jagtlust wie in earder kleasterbesit by Hantumerútbuorren, oan de súdeast kant fan it doarp yn de bocht fan de Peazens dêre.
Untstean
bewurkje seksjeOm't de Bernardynske kleasters Klaarkamp en Sion in protte lân yn besit krigen yn de omkriten fan Hantumerútbuorren, waard der besletten om dêr in úthôf te stiftsjen. De omjouwing wie der gaadlik foar; it lei ôfhandich en oer de Peazens koenen de produkten ôffierd wurde.
De úthôf is noait útgroeid ta in kleaster. Wol hawwe der splitsings pleatsfûn. Neist it Germerthûs waard it Nijenhûs stifte. Letter is it nochris splitst. Nijenhûs en Germerthûs bestienen doe elts út twa pleatsen. Germerthûs waard sa opsplit ta it Germerthûs en it Kommerhûs. Fan it Kommerhûs is hjoeddedei lykwols allinnich noch in rige beammen oer; it gebou is yn de tritiger jierren fan de 20e iuw ôfbrutsen.
Letter is de úthôf opheft en waard de grûn ferhierd en foar in part oan de hierder ferkocht. It hierkontrakt fan Germerthûs is bewarre bleaun. Douwe Syurts moast neist de hier fan 33 goudgûnen, in tûne reade bûter (maitiidsbûter) en sied foar in kwart pûnsmiet oan Sion leverje. Boppedat moast er sân weinen turf foar it kleaster út de Dokkumer Wâlden ophelje.
Wopcke Bartolomeus
bewurkje seksjeNei 1580 ferfoel it kleasterbesit oan de Steaten. Nei in skoftsje ferkochten de Steaten it âlde kleasterbesit. Eigener waard Wopcke Bartholomeus. Wopcke moat in man fan kwizekwânsje west hawwe. Yn 1651 liet hy der in nije pleats mei in poarte delsette. Oant 1754 is syn famylje der wenjen bleaun. Doe hat de feepest der in ein oan makke. De pleats waard sûnt dy tiid ferhierd.
De Mokma's
bewurkje seksjeYn 1794 kochten de sweagers Jan Folkerts en Andries Annes de pleats tegearre. Yn 1798 naam Andries Annes, dy't him letter Mokma neame soe, de pleats allinne oer. Germerthûs bestie út 129 pûnsmiet. Nei 1820 wreide syn soan Anne Andries Mokma dat noch út mei wat earder kleasterbesit wêze moatten hat. Dêr blykt út dat de Mokma's tûke boeren west hawwe.
Yn 1862 naam Andries Annes Mokma it spul oer fan syn ferstoarne heit. Andries wie frijfeint en mocht graach jeie. Yn 1874 liet er de pleats op 'en nij bouwe. De pleats krige doe de namme 'Jagtlust'. Doe't Andries Mokma yn 1890 ferstoar, urven de bern fan syn suster de pleats. Dy ferhierden him.
De poarte
bewurkje seksjeYn 'e folksmûle waard de pleats 'De poartepleats' neamd. De poarte hat der oant 1930 ta stien. Doe is er ôfbrutsen. De slútstien mei WB 1651 derop wurdt bewarre yn in museum te Dokkum.
Germertshûs hie ek it rjocht om boppe yn 'e poarte dowen te hâlden, it hâlden fan in gibbeflecht. Healwylde dowen waarden gibben neamd. Twa kear yn 't jier waard it útmjukse. De dowestront waard ferkocht oan kwekers fan tabaksplanten yn Gelderlân en Utert. Ek de dowen waarden dan úttinne. Dowefleis waard as eat bysûnders beskôge. Neffens de registers waarden der 200 pearen dowen holden. De dowen binne der bleaun oant de poarte yn 1930 ôfbrutsen waard. Der wienen doe noch sa'n 100 wylde dowen.
20e iuw
bewurkje seksjeYn 1939 is de pleats ferboud. It karakteristike kop-hals-romptype is doe ferdwûn.