Gerrit Aalfs
Gerrit Aalfs (Vries, 31 july 1892 - Assen, 26 oktober 1970) wie in learaar en filmmakker.
Aalfs wie in soan fan boargemaster Hendrik Arnoldus Aalfs en Gerritdina Maria Vermeulen. Hy studearre oan de Haachske Akadeemje en sette him nei it foltôgjen fan syn stúdzje yn 1922 út Drinte wei yn Harns nei wenjen. Hy troude op 27 oktober 1922 yn Sint-Anne mei Wytske van Gelder (1894). Sy krigen twa dochters.
Aalfs wie tekenlearaar oan de Ryks-HBS yn Harns tusken 1922 - 1957. Hy wurdt beskôge as de nestor fan de Fryske smelfilm-amateurs. Hy wie mei-oprjochter fan it Fryske filmkollektyf Film yn Fryslân (F.Y.F.). Hy krúste op syn Harley Davidson-motorfyts troch hiel Fryslân om te filmjen en te fotografearjen. Hy hie in foarkar foar it Waad en de Súdwesthoeke.
Yn syn Suderseefilm docht er in krekt ferslach fan it wurk oan de Ofslútdyk tusken 1926 - 1932. De film is yn besit fan de Direksje Suderseewurken en is yn hiel Nederlân te sjen west. Oare bekende films fan him binne in Lânboufilm út ± 1930 en Fryske dokumintêres oer sportgebeurtenissen en it lânskip. teffens wie er ien fan de filmers dy't belutsen wie by it meitsjen fan de earste Fryske spylfilm Kar út twa.
Yn 1950 giet Aalfs werom nei Drinte en hâldt him dan wer dwaande mei fotografy, dêr't alles mei begûn wie.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |