Gerrit Nicolaas Mulier
Gerrit Nicolaas Mulier (Oudenbosch, 26 maaie 1791 - Ljouwert, 24 juny 1861) wie in Nederlânske politikus en abbekaat.[1]
Biografy
bewurkje seksjeMulier, lid fan de famylje Mulier, wie in soan fan mr. dr. Dirk Mulier (1754-1791), Deputearre fan Fryslân en drossaard fan it markizaat fan Bergen op Soom, en Catharina de With (1758-1798). Hy wie in omkesizzer fan mr. Frederik de With, grytman fan East-Dongeradiel.
Mulier studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre yn 1811. Yn 1813 wie er ad interim maire fan Stynsgea. Hy fêstige him as advokaat yn Ljouwert. Hy wie dêr fâd fan de Steds Earmekeamer (1820-1823) en kontroleur fan ryks belestingen (1824-1825).
Mulier wie ek warber yn de polityk. Hy waard lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân yn 1831. Fan 24 maart 1835 oant 17 oktober 1836 wie er lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Yn 1840 kaam er werom yn de provinsjale polityk en wie fan 1846 oant 1851 ek gemeenteriedslid yn Ljouwert.
Houlik en bern
bewurkje seksjeMulier boaske yn 1821 yn Ljouwert oan Petronella Catharina Cats (1797-1837), it pear krige sân bern:
- Catharina Mulier (1822-1877), troude mei Epke Roos Bienema, eigener fan Veenwijk yn Aldskoat en de Heremastate op It Hearrenfean.
- Sible Mulier (1823-1824), jong ferstoarn.
- Dirk Mulier (1824-1827), jong ferstoarn.
- Riemke Lunia Mulier (1826-1854), troude mei Sebald Godfried Manger Cats, griffier by it kantongerjocht yn Aldeberkeap.
- Antje Hoitinga Mulier (1827-1883), troude mei Jan Minnema van Haersma de With, gemeenteriedslid en wethâlder yn Ljouwert. Minnema van Haersma de With wie in efterpakesizzer fan Daniël de Blocq van Haersma, grytman fan Achtkarspelen dat foargonger fan Gerrit Nicolaas.
- Jacoba Catharina Gijsbertina Mulier (1828-1853).
- Dirk Mulier (1830-1830), jong stoarn.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |