Gerrit van Asbeck
Politikus yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen
Gerrit Ferdinand baron van Asbeck tot Berge en Münsterhausen (Wurdum, 1764 - Ljouwert 1836) wie ritmaster yn it rezjimint Oranje-Fryslân tusken 1789 en 1795.
As katolyk troude er yn 1788 yn de herfoarme tsjerke mei Petronella Agatha van Plettenberg (1765-1843). Syn pakesizzers waarden allegear herfoarme.
Under de Bataafske Republyk wie hy amtleas. Hy wie kertierdrost fan Ljouwert en siet yn 1807 yn de Steatsried. Fan 1811-1816 wie Van Asbeck maire fan It Amelân. As kommandant fan de nasjonale garde wied er belutsen by de befrijing fan Fryslân yn 1813. Under de Fryske eallju beneamd, lid fan de Provinsjale Steaten yn 1814. Yn 1815 wie hy lid fan de Earste Keamer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|