In geus is in (almeast) rjochthoekige flagge dy't troch in skip fierd wurdt by wize fan groetnis. Hoewol't yn prinsipe alle skippen in geus fiere meie, binne sokke flachjes fral yn gebrûk op marineskippen, platboaiem boaten en jachten út 'e plezierfeart. In geus is lytser as de nasjonale flagge, dy't ek op sokke skippen fierd wurdt. Geuzen wapperje ornaris op in stjûne, botteloef, boechspriet of klúffokstôk. Yn in protte lannen en territoaria wurdt ûnderskie makke tusken de geus fan 'e marine en de geus dy't troch de boargerskipfeart fierd wurde mei. By de marine wurde der strikt foarskriften yn acht nommen foar it fieren fan flaggen. Sa wurdt in geus inkeld fierd:

  • as it skip op sneinen of hjeldagen foar anker of oan 'e kade leit;
  • as it skip yn in haven leit dêr't ek in bûtenlânsk skip oanwêzich is;
  • as it skip yn in bûtenlânske haven leit.

De geus wurdt troch marineskippen sadwaande nea fierd as it skip ûnderweis is.

Yn guon lannen en territoaria is de geus gelyk oan 'e nasjonale flagge (bgl. Austraalje, it Feriene Keninkryk, Frankryk, Yndia, Japan, Kanada en Nij-Seelân). Oare lannen hawwe in fjouwerkantige ferzje fan 'e lânsflagge as geus (bgl. Belgje en Noarwegen) of se hawwe it kanton (de lofterboppehoeke) fan 'e nasjonale flagge as geus (bgl. de Feriene Steaten, Grikelân, Sily en Taiwan). It komt ek foar dat de oarlochsflagge tsjinst docht as geus (bgl. Denemark, Dútslân, Iislân, Sina en Sweden). Wer oare lannen hawwe har geus basearre op it nasjonale wapen (bgl. Finlân, Litouwen, Montenegro, Portegal en Spanje). Mar gauris hat de geus in hiel eigen ûntwerp, faak wol mei kleuren dy't ûntliend binne oan 'e nasjonale flagge (bgl. Argentynje, Brazylje, Yndoneezje, Letlân, Nederlân en Ruslân).

Yn Nederlân fiert de Keninklike Marine neffens Keninklik Beslút 315 fan 20 july 1931 de saneamde Dûbele of Prinsegeus. Dy bestiet út tolve kleurflakken dy't út it mulpunt wei de flagge opdiele yn segminten. De flakken hawwe de kleuren read, wyt en blau oernommen fan 'e nasjonale Nederlânske flagge. De boargerskipfeart fiert in ferienfâldige, saneamde "inkele geus". Dy hat deselde kleuren, mar dan ferdield oer acht segminten. By tradisjonele roeiferienings yn Nederlân is it gebrûklik dat de âldste roeiboat fan 'e 'float' in geus yn 'e kleuren fan 'e feriening fiert.

De term "geus" komt fan 'e wettergeuzen, de op see farrende sechstjinde-iuwske opstannelingen út it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. Dy soene in geus yn 'e kleuren oranje, wyt en blau fierd hawwe by de ynname fan Den Briel yn 1572. Dy saneamde Brylske Geus wurdt yn Den Briel by beskate festiviteiten noch wol brûkt. Neffens de oerlevering soe de geus ynspirearre wêze op 'e dracht fan bidlers (om't "geus" komt fan it Frânske geux, dat "bidlers" betsjut), mar dat wurdt yn 'e literatuer net befêstige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side