Giele plomp
De giele plomp (Latynsk: Nuphar lutea), ek dûker, eineblom, pompeblêd, plompeblêd of wetterplomp, is in algemien foarkommende wetterplant, dy't driuwende blêden hat en ta de wetterleeljefamylje (Nymphaeaceae) heart. De blêden fan de giele plomp wurde pompeblêden neamd. De plant groeit benammen yn marren, puollen en plassen mei in djipte oant trije meter. De plant wurdt meastal fûn yn ûndjipper wetter as de swanneblom.
giele plomp | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Nuphar lutea | ||||||||||||
(L.) Smith, 1809 | ||||||||||||
- Net te betiizjen mei de swanneblom.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe giele plomp ferspriedet him mei dikke fersprantele woartelstokken en mei sied. Ek soargje wetterfûgels wol foar de fersprieding fan de siedden, trochdat se de fruchten iepenhakke om de fiedselrike siedden te bemachtigjen. Faak bliuwe dan in inkele mei slym omjûne siedden oan de boarstelfearrren fan de snaffelhoeken sitten. Dy siedden wurde meidroegen en op oare plakken ôfstrutsen.
Dielen fan de plant
bewurkje seksjeBlêd
bewurkje seksjeYn it earste jier hat de plant meast allinnich blêden dy't net boppe wetter komme. Pas yn it twadde jier binne donkergriene driuwblêden te sjen. De grutte blêden sitte mei stâlen ferspraat oan de woartelstokken dy’t yn de boaiem woartelje. In soad blêden hawwe in djip nier- oant hertfoarmich ynsniene foet en de râne fan de grutte blêden is geef. De driuwende blêden binne wat flakker as dy fan de besibbe swanneblom. De giele plomp hat ek ûnderdûkte blêden dy’t trochskinend binne.
Blom
bewurkje seksjeDe twaslachtige giele blom komt yn de simmer boppe wetter. De bloeitiid is tusken maaie en augustus. De blommen stekke sa’n 10 sm boppe wetter út en binne oant 5 sm yn trochsneed.[1] Se ferskine tagelyk mei de blêden. Op de blomboaiem steane fiif oant seis grutte tsjelkblêden en in soad lytse, ek giele kroanblêden ynplante, krektas in soad moaltriedden dy ’t yn in spiraal steane. De blommen slute har by rein en nachts, sadat it stomoal besmoute is. De tsjelkblêden foarmje in kom om de rest fan de blom. De tsjelkblêden binne grutter as de kroanblêden. It boppestannich fruchtbegjinsel is ploaid en draacht in brede stimpelskiif. Der binne in soad moaltriedden. Dy wjerkeatse neist giel ek ultrafiolet ljocht, wêrtroch’t se goed te finen binne foar bijen. [2]
Frucht
bewurkje seksjeNei befruchting troch in protte soarten ynsekten dy’t op de nektar ôfkomme, ûntstiet in flessefoarmige, beieftige frucht mei in soad siedden. De ripe fruchten litte los fan de stâle en driuwe, trochdat de fruchtblêden yn twa lagen skieden binne: in bûtenste, griene, saprike laach en in binnenste, wite laach, dy’t ryk is oan lucht en de siedden omslút. Nei in skoft lit de bûtenste laach los, mar dan splitse de tuskenskotten fan de frucht har yn twaen. Sa ûntsteane healemoannefoarmige skiven mei in fêste bûtenwand. Dêrbinnen lizze de siedden, beklaaid mei slym. Ek dy driuwe troch de luchtblazen yn it slym. Stadichwei ferrottet no dy bûtenwand, de lucht ûntsnapt út de blazen en de siedden sinke. De siedden libje mar koart, minder as in jier, en wurde troch it wetter ferspraat. Se binne twasiedlobbich.
Stâle en woartelstok
bewurkje seksjeDe woartelstokken lizze horizontaal yn de boaiem. Oan de boppekant binne de ynplantingsplakken fan de blêd- en blomstâlen foar foarôfgeande jierren as littekens te sjen, wylst der oan de ûnderkant brune rizelwoartels útkomme. Oan ‘e ein komme der langgstâlige blêden út. De rjochtopsteande blêdstâlen binne oan de foet oan wjersiden fluezich ferbrede en ha gjin steunblêden. Nei boppen ta binne se trijekantich. Nauwe luchtkanalen soargje foar transport fan soerstof fan de hûdmûltsjes yn de blêden nei de ûndergrûnske woartelstokken. Dy kanaaltsjes sitte ek yn de blomstâlen. Guon larven fan ynsekten meitsje ûnder wetter gebrûk fan de luchtkanalen om te sykheljen.
Omjouwing
bewurkje seksjePompeblêden groeie yn stilsteand oant matich streamend fiedselryk wetter dat net al te djip is. Se komme foar yn hast hiel Europa en oangrinzjende dielen fan Aazje en Noard Afrika. It soarte groeit yn oant trije meter djip wetter en draacht by oan de hoemannichte soerstof yn it wetter. Soms is de groei sa wilich dat hiele wetteroerflakken bedekt wurde troch de grutte blêden. Se biede in leefgebiet oan fisken en in soad oare wetterdieren lykas ynsekten, slakken, fûgels, rivierkreeften, elanden, harten, muskusrôten en bevers. De woartelstokken wurde graach fretten troch muskusrôten. Stikken woartelstok komme bytiden boppe driuwen at se los rekke binne troch bygelyks oanfretten troch rôten. De giele plomp produsearret in soad soerstof. De plant kin der min oer as de baoeim omdold wurdt. Yn dit troebele wetter kinne de driuwende blêden noch oan fotosynteze dwaan, mar foar folslein ûnderdûkte wetterplanten is dat ûnmooglik. Beskaadzjen fan it wetter troch beammen wurdt ek net goed ferdroegen.
Ferskaat
bewurkje seksjeGiele plomp waard eartiids oan it fee opfuorre en brûkt tsjin kealheid en hûnsdûmens. Yn de ye ytbere woartel sit de stof nupharine, in fergiftige stof dy’t teneate dien wurdt troch de woartel goed te sieden. De siedden wurde rustere iten sûnt de plant ferskynde nei de lêste kâlde perioade yn it Mesolitikum. De giele plomp is de nasjonale plant fan Fryslân. Sân pompeblêden steane yn it read ôfbylde op de Fryske flagge. Stienhouwers ha de foarmen fan de blommen op de dakken fan de katedraal fan Bristol en de Westminster Abbey kerve, mooglik as oanmoediging fan it selibaat.
-
diagram fan de blom
-
flessefoarmige frucht
-
biotoop
-
blom
-
út Nordens Flora
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Giele plomp fan Wikimedia Commons. |