Giele hôfsjonger

De giele hôfsjonger (Hippolais icterina; ek gielboarstke) is in moskeftige fûgel fan de famylje Acrocephalidae. De soarte briedt benammen yn it noarden en easten fan Europa oant West-Aazje ta en oerwinteret yn Afrika. It yn Fryslân algemien foarkommende fûgeltsje is fanôf maaie oant septimber op de klaai- en feangrûn te hearren op tradisjonele boerehiemen en yn parken, singels en houtwâlen. Sûnt 1975 nimt it tal fûgels fan de soarte yn West-Europa stadichoan ôf, mar fanwegen it ekstreem grutte areaal en de grutte populaasje rint de fûgel ynearsten noch gjin gefaar. BirdLife International rûst it tal eksimplaren tusken de 8.000.000 en 16.000.000.[1] De lêste jierren liket de populaasje yn Nederlân te stabilisearjen.[2]

giele hôfsjonger
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae)
skaai hôfsjongers (Hippolais)
soarte
Hippolais icterina
Vieillot, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedgebiet
     trochtrekker
     wintergast

De giele hôfsjonger is 12 oant 13,5 sintimeter lang en hat in gewicht fan 11 oant 19 gram. Dêrmei is it fûgeltsje dúdlik lytser as de mosk. Folwoeksen fûgels binne boppe hielendal brún-oliifkleurich en ûnder giel, dat nei de poatsjes en de sturt ta fealer wurdt. De fleugels en de boppekant fan de sturt binne donker- oant oliifbrún. Fan de snaffel nei each en om it donkerbrune each hinne rint in gieleftige streek. De poatsjes binne blaugriis.

Wat kleur oanbelanget is der gjin ûnderskie tusken mantsjes en wyfkes.

De giele hôfsjongers meie graach ynsekten, rûpen en spinnen, dy't fral fan de blêden fan beammen en strûken pikt wurde. Yn 'e simmer wurde beien oan it menu tafoege.

Sjongende giele hôfsjonger op Teksel

It sjongen fan de fûgel giet yn heech tempo. Typysk foar de soarte binne de tige lûde en lang oanhâldende sang. De fûgel stiet bekend om de imitaasjes fan oare fûgels, lykas de swel, klyster, gielegou en de putter. Ek sjongt de fûgel net allinne yn de briedtiid, mar ek yn de oerwinteringsgebieten as er nei it ferfearjen yn febrewaris of maart syn territoarium ôfbeakenet.

De rop is in fleurich trijedielich teh-teh-lüüit.

It biotoop fan de giele hôfsjonger wurdt foarme troch tunen, parken en in iepen lânskip mei beammen en hegere strûken. De foarkar jildt blêdferliezende strûken mei in tichte ûndergroei. Yn Midden-Europa komt de soarte foar yn wiete leafbosken, mar ek yn houtwâlen, tsjerkhôven en beammen yn it fjild.

 
Aaien fan de giele hôfsjonger

Der wurde troch de giele hôfsjonger sa'n fjouwer oant seis aaikes lein, dy't nei likernôch twa wiken útkomme. De aaien binne rôze en hawwe donkerbrune oant swarte flekjes. nei't de aaien útkommen binne bliuwe de jongen noch twa wiken yn it nêst. Nei't se it nêst ferlitte hawwe, wurde se noch twa oant trije wiken troch de âlden fuorre.

Ein july of begjin augustus giet de fûgel op trek. De giele hôfsjonger siket dan it oerwinteringsgebiet op, dat súdlik fan de evener leit yn Namybje, Súd-Afrika, Mozambyk, Tanzania en Madagaskar. Dêr bliuwe se yn alle gefallen oant ein febrewaris en trekke dan wer nei harren briedgebieten yn it noarden, dêr't se begjin maaie oankomme.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: