Gielegou
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Gielegoufûgels (Oriolidae)
soarte
Oriolus oriolus

De Gielegou (Oriolus oriolus) is in fûgel yn it skift fan de Moskeftigen, it is de ienichste soart út de meast tropyske famylje fan fûgels dy't yn Jeropa foarkomt.

Oriolus oriolus

Foarkommen bewurkje seksje

De Gielegou is mei sa'n 18 oant 24 sm likernôch sa grut as in Klyster mar hat wol in hiel opfallende kleur. It mantsje fan de Gielegou is fel giel mei swarte wjukken, in swarte sturt en in swarte eachstreek. De jonge wyfkes binne meast wat grieneftich en binne lang sa opfallend net. De âldere wyfkes lykje lykwols hieltyd mear op de mantsjes, sadat se op 't lêst hast net mear te ûnderskieden binne.

Fersprieding bewurkje seksje

De Gielegou is fan ein april oant ein augustus yn syn briedgebiet. Dat bestiet út grutte parten fan Jeropa en it westen fan Aazje. De fûgels oerwinterje yn de bosken yn sintraal-Afrika.
De Gielegou is in echte fûgel fan de bosken. Hy komt hast net op de grûn en is ek net maklik te sjen om't er him meast heech yn de beammen tusken de blêden ophâldt.

Iten bewurkje seksje

De Gielegou yt sawol dieren, benammen rûpen en flinters as ek plantaardich iten lykas beien en kersen.

Fuortplanting bewurkje seksje

De Gielegou makket in nêst yn de foarke fan in tûke heech yn in beam. It wyfke briedt meast allinnich yn twa wiken de 3-6 aaien út, wylst se fuorre wurdt troch it mantsje.

Keppeling om utens bewurkje seksje