Reidsjongerfûgels
De reidsjongerfûgels of karrekytfûgels (Acrocephalidae) foarmje in famylje yn it skift fan 'e moskeftigen. Foarhinne waarden de reidsjongers ta de grutte famylje fan 'e sjongers (Sylviidae) rekkene. De reidsjongerfûgels binne lytse ûnopfallende fûgeltsjes fan 11-19 cm, dy 't meast yn reiden of strûken tahâlde. De bekendste soarten yn Fryslân binne de karekyt, reidlyster, reidsjonger, wylgesyske en giele hôfsjonger. It binne meast simmerfûgels.
Reidsjongerfûgels | ||
wylgesyske (Acrocephalus palustris). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
lytsskift: | sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida) | |
boppefamylje: | echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) | |
famylje: | reidsjongerfûgels (Acrocephalidae) | |
Salvin, 1882 | ||
Klassifikaasje
bewurkje seksjeDe skaaien yn de famylje fan de reidsjongers binne:
- Skaai: (Graueria), 1 soarte
- Skaai: (Nesillas), 5 soarten
- Skaai: reidsjongers (Acrocephalus), 37 libbene soarten, 7 útstoarne soarten, dêrûnder:
- Basrareidsjonger (Acrocephalus griseldis)
- Kaapverdyske reidsjonger (Acrocephalus brevipennis)
- papyrusreidsjonger (Acrocephalus rufescens)
- Kaapske reidsjonger (Acrocephalus gracilirostris)
- reidlyster (Acrocephalus arundinaceus)
- Sineeske reidsjonger (Acrocephalus orientalis)
- stentorreidsjonger (Acrocephalus stentoreus)
- Yndyske reidsjonger (Acrocephalus (stentoreus) brunnescens)
- swartbraureidsjonger (Acrocephalus bistrigiceps)
- swartkopreidsjonger (Acrocephalus melanopogon)
- bjintesjonger (Acrocephalus paludicola)
- reidsjonger (Acrocephalus schoenobaenus)
- gierstreidsjonger (Acrocephalus sorghophilus)
- stompwjukreidsjonger (Acrocephalus concinens)
- Mantsjoeryske reidsjonger (Acrocephalus tangorum)
- grutsnaffelreidsjonger (Acrocephalus orinus)
- fjildreidsjonger (Acrocephalus agricola)
- strúkreidsjonger (Acrocephalus dumetorum)
- karrekyt (Acrocephalus scirpaceus)
- Afrikaanske karrekyt (Acrocephalus baeticatus)
- wylgesyske (Acrocephalus palustris)
- Skaai: (Arundinax), 1 soarte:
- tsjoksnaffelreidsjonger (Arundinax aedon)
- Skaai: (Iduna), 6 soarten:
- giele reidsjonger (Iduna natalensis)
- berchreidsjonger (Iduna similis)
- lytse spotfûgel (Iduna caligata)
- steppespotfûgel (Iduna rama)
- feale spotfûgel (Iduna pallida)
- isabelspotfûgel (Iduna opaca)
- Skaai: (Calamonastides), 1 soarte
- Skaai: hôfsjongers (Hippolais), 4 soarten:
- skiere hôfsjonger of skiere spotfûgel (Hippolais languida)
- Grykske hôfsjonger of olivespotfûgel (Hippolais olivetorum)
- Spaanske hôfsjonger of orfeusspotfûgel (Hippolais polyglotta)
- giele hôfsjonger (Hippolais icterina)