Reidklyster

(Trochferwiisd fan Reidlyster)

De reidklyster of de grutte karrekyt[1] (Acrocephalus arundinaceus) is in sjongfûgel út de famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae). It is in trekfûgel yn Europa en dielen yn Aazje, dy't yn Afrika oerwinteret. It is net in bedrige fûgel, mar yn Nederlân is it tal reidklysters yn 'e 20e iuw bot werom rûn, al liket de soarte him de de lêste tiid foarsichtich te herstellen.[2]

Reidklyster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje reidsjongerfûgels (Acrocephalidae)
skaai reidsjongers (Acrocephalus)
soarte
Acrocephalus arundinaceus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trochtrekker
     wintergast

 
Sjongende reidklyster.

Fan it skaai is de reidklyster mei 18 oant 20 sm de grutste fan 'e reidsjongerfûgels. Beide geslachten binne allyk. De Reidklyster liket in soad op de koartere lytse karrekyt (Acrocephalus scirpaceus). De snaffel is swierder yn ferlikening mei de oare, mar net folle langer. De boppekant fan it bealchje hat waarmbrune fearren, mei fierder gjin bysûnderheden. De kleur jout in yn 't reid in poerbêste kamûflaazje. Lykas by de oare reidsjongers hat er in tekening op 'e kop, in krêmkleurige eachbraustreek en donkere eachstreek. De poatsjes binne griis. Faak fluitet de fûgel mei de snaffel wiid iepen tusken it reid, mei de fearkes op 'e kop omheech. De fûgel hat in skrille en gnjirrende sang.

It iten fan 'e reidklyster bestiet út grutte libellelarven en larven fan wettertoarren, mar ek lytse fiskjes.

 
Nêst

Ein april begjin maaie komt de reidklyster nei Nederlân. It nêst fan 'e fûgel is keunstich fêstmakke oan it reid op sa'n 50 sm oant 100 sm boppe it wetter. Yn augustus of september giet de reidsjonger wer nei syn oerwinteringsgebiet yn Afrika.

Fersprieding

bewurkje seksje

Reidklysters komme yn it briedseizoen hast yn hiel Europa foar, mar net op 'e Britske Eilannen en Skandinaavje (útsein dan in pear plakken yn it midden fan Sweden, dêr't de fûgel it goed docht). It biotoop fan 'e fûgel bestiet út reidlân oan 'e iggen fan marren en rivieren.

De soarte hat twa ûndersoarten:

 
De Reidklyster is yn Nederlân in seldsume fûgel woarn.

Tusken 1975 en 2015 is de Nederlânske populaasje mei 85% ôfnommen. Oant 2017 bleau de ûntwikkeling fan 'e stân negatyf. De oarsaak wurdt socht yn 'e ôfname fan relatyf djip yn it wetter steande reidfjilden. Neffens SOVON wie de ôfname fan 'e reidklyster sûnt 1990 alle jierren mear as 5%. Yn 15 jier tiid wie dêrmei de helte derôf. Dêrom waard de soarte as bedrige op 'e Nederlânske Reade list set. Sûnt 2017 giet it wer wat better mei de fûgel. Tusken 2020 en 2022 skommele it tal briedpearkes tusken de 95 en 155. Foar 2023 waard nei goede briedresultaten it tal pearkes tusken de 100 oant 130 rûsd. By de measte mislearre lechsels wie predaasje fan aaien en jongen troch bygelyks rotten de oarsaak.[3]

Yn Fryslân kaam de reidklyster yn 'e jierren 1970 yn it grutste diel fan Súdwest-Fryslân, de Alde Feanen en eastlik fan Ljouwert foar. De fûgel is tsjintwurdich (2024) hast folslein út Fryslân ferdwûn.[4]

Maatregels om de fûgel te beskermjen binne it herstellen fan stevige reidseames oan iepen wetter. Dat wurdt bygelyks dien mei it oanbringen fan rasters fan gaas, om sa tefoarren te kommen dat de tsjintwurdich talrike skiere guozzen en oare wetterfûgels de reidseames oanfrette. It hat bliken dien dat dy maatregels fertuten dogge.[5] Yn Nederlân is de reidklyster noch fral oanwêzich yn it noardlike diel fan 'e Rânemar en it plassegebiet fan 'e Utertske Fecht.[6]

Ynternasjonaal is de fûgel net in bedrige soarte.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside nl:Grote Karekiet (ferzje fan 4 jannewaris 2024)