Giftige Simmer (oktober 2009) is in boek dêr't 49 Fryske skriuwers, keunstners, wittenskippers en fotografen yn harren soarch útsprekke oer it Fryske lânskip.

Nei in oprop fan Albertina Soepboer en Abe de Vries wienen der in soad tasizzings om mei te wurkjen. Mei dizze útjefte woenen se bestjoerders en 'gewoane' Friezen mei de noas op de feiten drukke. It is in protestboek tsjin te grutte provinsjale projekten yn Fryslân. Sa rjochtsje se har bygelyks tsjin de ôffalferbaarnder yn Harns, de Heak om Ljouwert, de Sintrale As en de teloargong fan it Fryske gea en goa. It boek sit dan ek grôtfol skilderijen, foto’s, ferhalen en gedichten dy't maatskiplike belutsenheid toane. Der is in spesjaal foar dit boek skreaun essay Geert Mak.
It liet Simmertreast fan Gerrit Breteler, Syb van der Ploeg en Fardau van der Woude is in foaroprinner fan it boek De giftige simmer. Dat nûmer is ek ferwurke yn it rekwiëm Opus Exit fan Breteler.

Keppeling om utens

bewurkje seksje