Gilles fan Barlaymont

Gilles fan Berlaymont1545 - Maastricht, 18 juny 1579) wie steedhâlder ûnder Spaansk bewâld fan Drinte, Fryslân, Grinslân en Oerisel (1572-1573), steedhâlder fan Gelre en Sutfen (1572-1577), plakferfangend steedhâlder fan Hollân, Seelân en Utert (1574-1577), steedhâlder fan Namen en Arteesje (fanôf 1578, as opfolger fan syn ferstoarne heit) en baron fan Hierges.

Gilles fan Berlaymont

Gilles wie in soan fan Karel fan Berlaymont en Adriana fan Ligne-Barbançon. Yn 1572 waard er talitten ta de Oarder fan it Gulden Flues en op 2 septimber 1577 bemachtige er it lidmaatskip fan de Ried fan Steat.

Yn 1567 hie Gilles in oandiel yn it belis fan Valencijn, de earste belegering fan de Opstân.[1] Teffens wie er by yn 1568 by de Slach fan Jemmingen (Jemgum). Gilles sneuvele by it belis fan Maastricht (1579).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993-2002) s.v. Berlaymont. Microsoft Corporation/Het Spectrum.