Glengarry (holdeksel)
De glengarry (Ingelsk: glengarry bonnet), ek wol glengarry-baret neamd (hoewol't it eins gjin echte baret is), is in tradisjoneel Skotsk holdeksel dat ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht. It is ien fan trije holdeksels dy't troch manlju yn Skotske klaaiïng droegen wurde kinne (de oaren binne de tam o' shanter en de Balmoral-baret). De glengarry is in opsteand huodsje sûnder râne, dat fan boppen smeller is as oan 'e basis. It hat datoangeande wol wat wei fan 'e kertiermûtse, in holdeksel fan soldaten yn kazernetenu, dat yn guon legers droegen wurdt (û.m. it Amerikaanske). De glengarry is makke fan in grouwollen materiaal, dat yn 'e regel swart of dûnkerblau fan kleur is. Boppe-op sit in reade pompon (toorie), wylst oan 'e rjochtersydkant faak in kokarde (of fan âlds in plomke) befêstige is. By de râne lâns is de glengarry fersierd mei in bân fan tartanstof. It skaaimerk fan in echte glengarry is dat er (op 'e nij krekt as in kertiersmûtse) plat teard wurde kin.
Neffens de oerlevering soe de glengarry foar it earst droegen wêze troch de Glengarry Fencibles, in legerrezjimint dat yn 1794 foarme waard troch Alexander Ranaldson MacDonnell fan Glengarry, haadman fan 'e Clan MacDonnell fan Glengarry. Sa soe dit holdeksel oan syn namme kommen wêze. Yn 'e 1850-er jierren ûntjoech de glengarry him ta it karakteristike holdeksel fan hast alle Skotske rezjiminten yn it Britske leger. Meitiid feroare de tartanbân yn in bân fan reade en wite rútsjes. Yn 1932 naam Percy Sillitoe de plysjekommissaris fan Glasgow, dy rútsjese bân (mar dan yn 'e kleuren swart en wyt) oer foar plysjepetten. Ut Glasgow fersprate dizze rútsjebân, dy't bekend kaam te stean as de Sillitoe-tartan, him oer de rest fan Grut-Brittanje en ek nei de plysje fan lannen as Austraalje en Nij-Seelân en guon oare parten fan 'e wrâld (bgl. Chicago).
Tsjintwurdich wurdt de glengarry noch altyd droegen troch beskate (Skotske) rezjiminten fan it Britske Leger, mar ek troch ûnderdielen fan 'e Ierske en Australyske striidkrêften. Dêrnjonken makket de glengarry ek diel út fan it unifoarm fan 'e manlike leden fan 'e stêf fan it Paleis Holyroodhouse, de offisjele residinsje fan 'e Britske monarch yn Skotlân. Fierders is de glengarry ek by boargers yn gebrûk, benammen by leden fan doedelsekkorpsen. Yn dy kontekst wurdt de glengarry ek wol troch froulju droegen. Los dêrfan kin it ek noch altyd as foechsum holdeksel beskôge wurde foar Skotske priveepersoanen yn tradisjonele dracht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |