Glenmor (echte namme: Émile Le Scanf, Bretonsk: Milig Ar Skañv; Maël-Carhaix, 25 juny 1931Quimperlé, 18 juny 1996) wie in Frânsk sjonger, muzikant en dichter fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonsk nasjonalist dy't benammen bekendheid krige om syn protestlieten yn 'e Bretonske taal, wêrmei't er de tradysjes fan 'e folksmuzyk fan Bretanje oanpaste oan 'e popkultuer fan 'e 1960-er en 1970-er jierren. Glenmor skreau ek gedichten en wie dêrnjonken in aktivist foar de Bretonske saak.

Glenmor
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Émile Le Scanf
nasjonaliteit Frânsk
berne 25 juny 1931
berteplak Maël-Carhaix (Bretanje)
stoarn 18 juny 1996
stjerplak Quimperlé (Bretanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
sjenre folksmuzyk, popmuzyk
sjongtaal Bretonsk, Frânsk
ynstrumint stim, gitaar
jierren aktyf 19591990
offisjele webside
Glenmor yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Glenmor waard yn 1931 as Émile Le Scanf berne yn Maël-Carhaix, in plak yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord, op it skiereilân Bretanje. Mei tsien jier gied er yn 1941 nei it seminaarje yn Quintin. Nei't er syn militêre tsjinst úttsjinne hie, folge er in stúdzje filosofy oan 'e Universiteit fan Rennes, dy't er yn 1952 mei súkses ôfrûne. Neitiid reizge Glenmor oant yn 1954 oan ien wei troch yn Itaalje, Grikelân, Turkije, Joegoslaavje en de Sovjet-Uny. It wie yn dy snuorje dat er úteinsette mei it komponearjen fan meldijen en it skriuwen fan lietteksten.

De muzikale karriêre fan Glenmor begûn yn 1959 mei in optreden yn Parys. Syn artystenamme stalde er gear út 'e Bretonske wurden foar "lân" (glen) en "see" (mor). Yn 1961 brocht Glenmor syn earste 45-toereplaat út mei as titel Glenmor, en yn 1967 ferskynde syn earste album ûnder de titel Glenmor à la Mutualité.

 
De Espace Glenmor, de nei de sjonger ferneamde evenemintehal yn Carhaix, draacht syn byltenis prominint op 'e foargevel fan it gebou.

Glenmor hiet himsels in politike radikaal te wêzen mei anty-klerikale en anargistyske ideeën. Nei de tradisjonele styl fan 'e Bretonske boeren hied er lang hier en in burd, mar gjin snor. Mei syn protestlieten kaam er op agressive wize op 'e foar de kulturele identiteit fan syn heitelân Bretanje. Glenmor wie dêrmei in opfallende ferskining yn 'e Frânske popmuzyk fan 'e 1960-er jierren, dy't benammen ûnder de Bretonnen al rillegau populariteit krige.

Benammen yn 'e 1970-er jierren wie Glenmor as Bretonsk nasjonalist aktyf belutsen by polityk aktivisme dat him tsjin 'e Frânske steat kearde. Hy skreau it liet Kan bale lu poblek Breizh, dat letter omneamd waard ta Kan Bale an ARB en it marsliet waard fan it Bretonske Revolúsjonêre Leger (ARB). Yn juny 1979 naam Glenmor diel oan in hongerstaking om 'e frijlitting te easkjen fan in troch de Frânske autoriteiten arrestearre Bretonske aktivist dy't fertocht waard fan it útfieren fan in oanslach op it Paleis fan Versailles.

Yn 'e mande mei syn freonen Alain Guel en Xavier Grall rjochte Glenmor de útjouwerij Kalenn op, dy't yn 1968 syn earste dichtbondel publisearre, Le Livre des Chansons. Begjin jierren '70 ferskynden fan 'e hân fan Grall de wurken Barde imaginé en La fête de la nuit, wêrfan't de haadpersoan de bard Arzel is, eins in fiksjonalisearre foarm fan Glenmor. Yn dyselde snuorje rjochten Glenmor, Guel en Grall ek de krante La Nation Bretonne ("It Bretonske Folk") op, dy't grutte ynfloed útoefene op 'e Bretonske yntelligintsia.

Yn 1977 wurke Glenmor mei oan 'e film C'était un Québecois en Bretagne, madame! fan Pierre Perrault. Tegearre mei in oare Bretonske nasjonalist, Meavenn, wurdt er dêryn presintearre as in "ûnteigene dichter" en in "stim fan in wanhoopjende nasjonale identiteit". Sels omskreau er syn rol yn 'e film as dy fan in "mûnlinge sjoernalist mei mienings". Yn 1978 waard Glenmor troch it tydskrift Armor Magazine útroppen ta de "Breton fan it Jier". Yn 1990 waard him de Oarder fan 'e Harmeling takend, in hege Bretonske ûnderskieding foar maatskiplike fertsjinste. Datselde jiers hold er op mei it jaan fan optredens.

 
It grêf fan Glenmor yn Maël-Carhaix.

Glenmor kaam op 18 juny 1996 yn 'e âlderdom fan 64 jier te ferstjerren yn Quimperlé. Hy waard ûnder grutte tarin fan mear as 4.000 belangstellenden dy't him de lêste eare bewize woene, te hôf brocht yn syn berteplak Maël-Carhaix. Op syn grêfsark stiet de tekst: "Émile LE SCANF (1931–1996) Et voici bien ma terre, la vallée de mes amours. Glenmor" ("En sjochhjir myn moaie lânsdouwe, de delling fan myn leafden.").

Studio-albums
  • 1969 – Cet amour-là
  • 1971 – Hommage à Morvan Lebesque
  • 1972 – Vivre
  • 1973 – Princes, entendez bien...
  • 1974 – Ouvrez les portes de la nuit
  • 1977 – E dibenn miz gwengolo
  • 1978 – Tous ces vingt ans déjà... Pour un vingt ans d'abord
  • 1979 – La Coupe et la Mémoire
  • 1984 – Tristan Corbière: Le Paria, dit par Glenmor
  • 1985 – Si tu ne chantais pas pour eux à quoi bon demeurer?
  • 1987 – Après la fleur le fruit, sous la rose l'épine
  • 1987 – En Bretagne, noces et fest-noz
Live-albums
  • 1967 – Glenmor à la Mutualité
Kompilaasje-albums
  • 1990 – Les Principales Œuvres
  • 1998 – Apocalypse
  • 2011 – L'Intégrale

45-toereplaten

bewurkje seksje
  • 1961 – Glenmor (ek mei Tout au bout du sillon, Memento, Les nations, Viviana)
  • 1963 – Les hommes de notre temps (ek mei De rêves et d'étoiles, Le retour, Les croisades)
  • 1968 – Cet amour-là (ek mei Sodome, Toi l'enfant, Dieu me damne)
  • 1969 – O Keltia: Cinq chansons en breton (ek mei Koumoulen an hañv, An tousegi, Hiraezh, Groñvel)
  • 1970 – Les Temps de la colère (ek mei Les larmes d’un copain, Les chemins de la bohême, Tour de Babel)
  • 197? – Klemm Breizh-Izel (La plainte de la Bretagne) (ek mei O Langonnet, Pa vin maro, Kan bale Névénoé)
  • 1975 – Katell dit Glenmor: Poèmes (ek mei Ce peuple est fou, Sables et dunes, Aux sans dieu, La demeure est close)

Gastoptredens

bewurkje seksje
  • 1968 – Livre des Chansons
  • 1971 – Sables et Dunes
  • 1974 – Livre des Chansons, tome II
  • 1974 – La Septième Mort
  • 1975 – Le Sang nomade
  • 1977 – Les emblaves et la moisson
  • 1977 – Retraites paysannes
  • 1981 – Chantres de toutes les Bretagnes: 20 ans de la chanson bretonne (foarwurd by dit boek fan André-Georges Hamon)
  • 1992 – L'Homme du dernier jour
  • 1995 – Les Derniers Feux de la Vallée
  • 1996 – La Sanguine
  • 1997 – La Férule
  • 2000 – Xavier Grall in memoriam
  • 2007 – Kan ha diskan

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.