Goede Hoedertsjerke (Bedum)

De Goede Hoedertsjerke (ek Noardertsjerke) is in grifformeard tsjerkegebou yn Bedum yn 'e provinsje Grinslân. De tsjerke waard yn 'e styl fan 'e Amsterdamske Skoalle en de Delftse Skoalle boud en is in ryksmonumint.

Goede Hoedertsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Bedum
adres Schultingastraat 1
koördinaten 53° 18' N 6° 35' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde tsjerke (wersteld)
Arsjitektuer
arsjitekt Egbert Reitsma (ûntwerp) en Albert Wiersema (útfierder)
boujier 1937–1938
boustyl Amsterdamske Skoalle , Delftse Skoalle
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 510684
Webside
Side de Grifformearde Kring Grinslân
Kaart
Goede Hoedertsjerke (Grinslân)
Goede Hoedertsjerke

De tsjerke waard boud as Noardertsjerke foar de grifformearde tsjerke fan Bedum. Tusken 1998 en 2011 wie de tsjerke yn gebrûk troch de frijmakke tsjerke fan Bedum. Op 11 july 2014 waard it gebou oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.[1] Tsjintwurdich wurdt de tsjerke brûkt troch De Grifformearde Tsjerke Grinslân. De tsjerke is oansletten is by De Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en hold ynearsten de tsjinsten yn Adorp, mar troch de groei hie de mienskip in grutter gebou nedich.

 
Ynterieur

It as Noardertsjerke boude monumint waard yn 1966 omdoopt ta Goede Hoedertsjerke. De tsjerke is ien fan 'e opmerklike moderne bouwurken, dy't de grifformearden yn 'e jierren 1930 bouwe lieten. Arsjitekt fan it gebou mei it grûnplan fan in gryksk krús is Egbert Reitsma út Grins, dy't earder de Ljouwerter Pelikaantsjerke ûntwurp. De Bedumer Albert Wiersema fierde de bou út. Op 'e súdeastlike hoeke krige it gebou in toer mei sealtek. Oan 'e súdlike kant binne der bygebouwen foar de kategisaasje en de tsjerkeried. De tsjerke is op de bygebouwen nei fierder oarspronklik en jout plak oan 600 minsken.

De brânskildere ramen binne ek troch Reitsma ûntwurpen en litte bibelske foarstellings út it Alde Testamint sjen. De foarstellings binne figuratyf, itjinge foar in grifformeard gebou útsûnderlik is.

Yn 2003 binne by in renovaasje de oarspronklike kleuren hersteld.

It oargel waard yn 'e jierren 1941-1942 troch Valckx & van Kouteren boud. Yn 1969 fûn in restauraasje en op oantrunen fan 'e oargelist fan 'e tsjerke in útwreiding fan de disposysje plak. Yn 'e jierren 1980 waard it oargel op 'e nij feroare en krige it ynstrumint mei gebrûk fan materjaal fan oare oargels twa manualen mei twintich registers. Yn 1995 folge in lêste útwreiding mei tafoeging fan in Trompet Magna 8 (in hegedrukregister) op it tredde manuaal.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: