Goffers
De goffers (wittenskiplike namme: Geomyidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e bevers en goffers (Castorimorpha), it tuskenskift fan 'e goffereftigen (Geomorpha) en de boppefamylje fan 'e goffers en mûsgoffers (Geomyoidea).
Goffers | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | bevers en goffers (Castorimorpha) | |
tuskenskift: | goffereftigen (Geomorpha) | |
boppefamylje: | goffers en mûsgoffers (Geomyoidea) | |
famylje: | goffers (Geomyidae) | |
Bonaparte, 1845 | ||
Etymology
bewurkje seksjeDe oarsprong fan it wurd "goffer" (Ingelsk: gopher) is ûnwis. Der wurdt wol sein dat it in ferbastering is fan it Frânske gaufre, dat "wafel" betsjut, om't de troch goffers oanleine ûndergrûnske hoalestelsels wol wat hawwe fan 'e hunichskiifstruktuer fan in wafelkoek. In oare, en faaks wierskynlikere etymology fan it wurd is dat it in ûntliening is út ien fan 'e Yndiaanske Muskogeeske talen.
Beskriuwing
bewurkje seksjeGoffers binne middelgrutte kjifdieren, mei in kop-romplingte fan 15–20 sm mei dêropta in lyts sturtsje fan 21/2–5 sm. It gewicht fan 'e bisten bedraacht foar de measte soarten sa'n 200 g, hoewol't inkelen in gewicht fan 2 kg helje. By eltse soarte binne de mantsjes grutter as de wyfkes. Goffers hawwe eksterne wangpûden, d.w.s net yn 'e mûle mar oan 'e bûtenkant fan 'e wangen, mei de yngong nei foarren wizend, dêr't se iten yn sammelje en sa mei weromnimme nei har hoale. De wangpûden binne ek oan 'e binnenkant mei hier begroeid en kinne binnenstbûtenst keard wurde om se te himmeljen.
Goffers libje sa'n 3 jier mei in absolút maksikum fan 5 jier. Se steane bekend as fûleindige gravers, dy't grutte ûndergrûnske hoalestelsels oanlizze en dêr it oergrutte part fan harren libben trochbringe. It binne foar it meastepart solitêre herbivoaren, dy't mar komselden boppe de grûn komme en besteane op in dieet fan plantewoartels oanfolle mei strewelleguod. Teffens frette se graach sophâldende grienten, lykas woartels, slaad en radiis. Sadwaande wurde se troch túnkers faak beskôge as in pleachdier.
Famylje-opbou
bewurkje seksje
1) guon mammalogen diele dit skaai yn as in ûnderskaai fan 'e bullergoffers (Pappogeomys) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|