Gouden Palm
De Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or) is in wichtige Frânske priis op it mêd fan ynternasjonale films, dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. It is de heechste priis fan dat filmfestival. De Gouden Palm waard yn 1955 foar it earst útrikt, op 'e sânde edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. Foartiid, fan 1946 ôf, en ek fan 1964 oant en mei 1974, waard ynstee de Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival (Frânsk: Grand Prix du Festival International du Film) útrikt. De Gouden Palm bestiet út in gouden palmblêd, it symboal fan Cannes, dat ek prominint op it wapen en de flagge fan dy stêd stiet. De winner fan 'e Gouden Palm wurdt útornearre troch in faksjuery dy't gearstald wurdt troch de organisaasje fan it filmfestival. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes wurde út en troch ek inkele oare 'Palmprizen' ferjûn: de Palm der Palmen, de Gouden Earepalm en de Spesjale Gouden Palm.
Gouden Palm Palme d'Or | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Grutte Priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
útrikt foar | bêste film | |
útrikt troch | Ynternasj. Filmfestival fan Cannes | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | maaie | |
plak | Cannes (Frankryk) | |
ynsteld | 1955 | |
1e útrikking | 1955 | |
offisjele webside | ||
www.festival-cannes.com |
Winners
bewurkje seksje*) De Gouden Palm foar Union Pacific waard mei weromwurkjende krêft takend yn 2002. Yn 'e hjerst fan 1939 soe de earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes holden wurde, mar dat gie oer fanwegen it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Pas yn 1946 waard sadwaande wier de earste edysje fan it filmfestival holden.
Palm der Palmen
bewurkje seksjeYn 1997, doe't it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fyftich jier bestie, waard foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Palm der Palmen (Frânsk: Palme des Palmes) útrikt:
jier | lân | winner | berop |
---|---|---|---|
1997 | Sweden | Ingmar Bergman | regisseur, senarioskriuwer |
Gouden Earepalm
bewurkje seksjeYn 2002 begûn it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes dermei om op sporadyske basis in oeuvrepriis ta te kennen, de Gouden Earepalm (Frânsk: Palme d'Or Honoraire), oan tige foaroansteande regisseurs en akteurs dy't lykwols noch nea in 'gewoane' Gouden Palm wûn hiene.
jier | lân | winner | berop |
---|---|---|---|
2002 | Feriene Steaten | Woody Allen | regisseur, akteur, senarioskriuwer |
2003 | Frankryk | Jeanne Moreau | aktrise |
2005 | Frankryk | Catherine Deneuve | aktrise |
2007 | Feriene Steaten | Jane Fonda | aktrise, regisseur |
2008 | Portegal | Manoel de Oliveira | regisseur, senarioskriuwer |
2009 | Feriene Steaten | Clint Eastwood | akteur, regisseur, produsint |
2011 | Frankryk | Jean-Paul Belmondo | akteur |
Itaalje | Bernardo Bertolucci | regisseur, senarioskriuwer, produsint | |
2015 | Belgje | Agnès Varda | regisseur, senarioskriuwster |
2016 | Frankryk | Jean-Pierre Léaud | akteur |
2017 | Feriene Steaten | Jeffrey Katzenberg | produsint |
2019 | Frankryk | Alain Delon | akteur |
Spesjale Gouden Palm
bewurkje seksjeYn 2018 waard op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes foar de earste en oant no (2020) ta iennichste kear de Spesjale Gouden Palm (Frânsk: Palme d'Or Speciale) útrikt:
jier | lân | titel (ynternasjonale titel) | regisseur |
---|---|---|---|
2018 | Switserlân Frankryk |
Le Livre d'Image (The Image Book) | Jean-Luc Godard |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |