Great Yarmouth
Great Yarmouth, pleatslik Yarmouth neamd, is in Ingelsk plak oan de Noardsee. It plak leit op in lânútsteksel tusken de Noardsee en de mûning fan de rivier Yare 32 km east fan Norwich.
Great Yarmouth Yarmouth | ||
Yarmouth oan de Yare | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Greefskip (County) | Norfolk | |
Regio | East Ingelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 47.288 (2010) | |
Oerflak | 26,54 km² | |
Befolkingsticht. | 1782 / km² |
Great Yarmouth is it haadplak fan it distrikt Great Yarmouth. It hie yn 2002 47.288 ynwenners[1].
Great Yarmouth leit oan de grutte diken A47, A143 en A12, en der is ek in treinferbining mei Norwich. It helikopterfleanfjild fan Great Yarmouth, North Denes Airport, wurdt meast brûkt foar it befoarriedzjen fan boarplatfoarms.
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Fice-admiraal Horatio Nelson (1758–1805)
- Thomas Girdlestone (1758–1822) - dokter en skriuwer
- William Hovell (1786–1875), ûntdekkingsreizger yn Austraalje.
- Sir James Paget (1814–99), sjirurch en medysk wittenskipper.
- Anna Sewell (1820–78), skriuwster fan it boek Black Beauty
- Rebecca Nurse ( 1621-1692 ) slachtoffer fan hekseferfolging yn Salem, waard berne yn Great Yarmouth.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|