Mausoleum
(Trochferwiisd fan Greftombe)
In mausoleum is in gebou dêr't it lichem fan in ferstoarn persoan, meastentiids in hearsker bewarre wurdt.
It wurd komt fan it Mausoleum fan Halikarnassus, in grêftombe foar Maussollos, satraap fan Karje tusken 377 f.Kr. en 353 f.Kr., dat rekkene wurdt oant de Sân Wrâldswûnders út de klassike âldheid.
Foarbylden fan mausoleums :
- it Mausoleum fan Lenin op it Reade Plein yn Moskou.
- Taj Mahal yn Agra (Yndia)
- Enver Hoxha's mausoleum yn Tirana (Albaanje)
- Che Guevara's mausoleum yn Santa Clara (Kuba)
- Timoer Lenk's mausoleum "Gur-e Amir" yn Samarkand (Oezbekistan)
- Grant's tombe yn New York
- Mausoleum yn Aldenboarch (Dútslân)
- it Mausoleum fan Augustus en de Ingelenburcht yn Rome.
- it Masoleum fan Anit Kabir yn Ankara fan Atatürk.
- it Mausoleum fan Hodja Ahmed Yasavi yn Turkestan yn Kazachstan.
- it mausoleum fan Diderik de Grutte yn Ravenna.
- it mausoleum foar Jan Amos Comenius yn Naarden.
- it mausoleum foar Hastings Kamuzu Banda yn Lilongwe, (Banda wie eartiids diktator fan it Afrikaanske lân Malawy).
- it mausoleum fan Kim Il Sung yn Pyongyang.
- it mausoleum fan de famylje Medici yn Cappelle Medicee fan de Basilica San Lorenzo yn Florâns.
- it mausoleum fan Folkert Harmens Kuipers by Coopersburg yn Akkrum
- it mausoleum fan Hồ Chí Minh yn Hanoi (Fietnam)
- it mausoleum foar fersetsstriders uit de Twadde Wrâldoarloch op it Earebegraafplak yn Ede
- it mausoleum mei it terrakottaleger fan keizer Qin Shi Huang yn Xian