Gripedei is in keatspartij dy't elts jier troch Keatsferiening OKK yn it Fryske doarp Bitgum organisearre wurdt. It is de ôfsluting fan it keatsseizoen foar de leden fan OKK. Gripedei waard foar it earst holden yn 1913. It is in famyljekeatsdei dy't organisearre wurdt op 'e earste sneon fan septimber.

Gripedei
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Bitgum
tiid fan it jier 1e sneon yn septimber
bysûnderheden
oanlieding ein keatsseizoen OKK
soarte evenemint sportevenemint (keatspartij)
bestean 1913 – no
org. troch Keatsferiening OKK
offisjele webside
okkbeetgum.nl

Tradisjoneel begjint Gripedei moarns mei in mienskiplik kofjedrinken, wêrnei't it keatsen op fiif fjilden úteinset. Tsjin 'e jûn is it winnende partoer bekend. De kening wint de Gripe, in wikselpriis dêr't de keatspartij nei ferneamd is. Njonken de wedstriden sels binne der aktiviteiten om it keatsen hinne, benammen foar de lytsere bern.

Yn 2019 waard Gripedei foar de 106e kear holden en krige it evenemint foar it earst yn syn skiednis subsydzje fan 'e Provinsje Fryslân. Dat wie foar de organisaasje reden om 'e dei oars yn te dielen: om persiis healwei ienen middeis waarden de wedstriden stillein foar in waarm miel fan hamburgers, kroketten en knackwoarstjes, dat op it keatsfjild servearre waard.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Gripedei afsluiting kaatsseizoen leden OKK, yn: de Frjentsjerter Krante, 4 septimber 2019, s. 11.