Gronologysk oersjoch fan de skiednis fan de EU
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Hjirûnder wurdt de skiednis fan de Europeeske Uny op tiidsfolchoarder beskreaun.
1950Bewurkje
- Taspraak Robert Schuman as minister fan Bûtenlânske saken fan Frankryk oer yntinsive Europeeske gearwurking en yntegraasje.
1951Bewurkje
- It Ferdrach fan Parys wurdt tekene. Oprjochting fan de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel mei Belgje, Frankryk, Itaalje, Lúksemboarch, Nederlân en West-Dútslân as lidsteaten.
1952Bewurkje
- It Ferdrach fan Parys wurdt fan krêft.
1957Bewurkje
- Mei it tekenjen fan it Ferdrach fan Rome wurde de Jeropeeske Mienskip foar Atoomenerzjy en de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip oprjochte.
1958Bewurkje
- It Ferdrach fan Rome wurdt fan krêft.
1965Bewurkje
- It Fúzjeferdrach wurdt tekene. Unstean fan de Jeropeeske Mienskippen:
- Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel
- Europeeske Mienskip foar Atoomenerzjy (Euratom)
- Europeeske Ekonomyske Mienskip
Troch it ûndertekenjen fan it fúzjeferdrach krije dizze trije mienskippen tenei ien Jeropeeske Kommisje, ien Ried fan Ministers, ien budzjet, en ien Hôf fan Jústysje.
1967Bewurkje
- It Fúzjeferdrach wurdt fan krêft.
1973Bewurkje
- Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje wurde lidsteaten fan de Europeeske Mienskippen.
1979Bewurkje
- Direkte ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint foar de earste kear holden.
1981Bewurkje
- Grikelân wurdt lidsteat fan de Europeeske Mienskippen.
1986Bewurkje
1990Bewurkje
- Mei de werieniging fan Dútslân groeit it tal ynwenners fan de Jeropeeske Mienskip mei 16 miljoen minsken, dy binne ôfkomstich út de eardere DDR.
1992Bewurkje
- It Ferdrach fan Maastricht wurdt tekene, dêr't de Europeeske Uny mei oprjochte wurdt. De eardere Jeropeeske Mienskippen foarmje tenei de earste pylder fan de Jeropeeske Uny.
1993Bewurkje
- It Ferdrach fan Maastricht wurdt fan krêft.
1995Bewurkje
- Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lidsteaten fan de Europeeske Uny.
1997Bewurkje
- It Ferdrach fan Amsterdam wurdt tekene.
1999Bewurkje
- It Ferdrach fan Amsterdam wurdt fan krêft.
2001Bewurkje
- It Ferdrach fan Nice wurdt tekene.
2003Bewurkje
- It Ferdrach fan Nice wurdt fan krêft.
2004Bewurkje
2005Bewurkje
- By referinda yn Frankryk en Nederlân wurdt it útstel ta in Europeeske Grûnwet fersmiten troch in mearderheid fan de befolking.
2007Bewurkje
- Roemeenje en Bulgarije wurde lidsteaten fan de Europeeske Uny.
- It Ferdrach fan Lissabon wurdt tekene.
2009Bewurkje
- It Ferdrach fan Lissabon wurdt fan krêft.
2012Bewurkje
- De Europeeske Uny wint de Nobelpriis foar de Frede mei as taljochting fan de Nobelpriis organisaasje: "De EU en syn foarrinders hawwe mear as seis desennia bydroegen oan frede, fersoening, demokrasy en minskerjochten yn Europa."
2013Bewurkje
- Kroaasje wurdt lidsteat fan de Europeeske Uny.