Grutte Merk (Brussel)

De Grutte Merk fan Brussel (Frânsk: Grand Place, Nederlânsk: Grote Markt) is it sintrale plein yn de Belgyske haadstêd Brussel.

Grutte Merk
Grand Place (Frânsk)
Grote Markt (Nederlânsk)
bouwurk
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel (lofts)
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel (lofts)
lokaasje
lân Belgje
gewest Brusselsk Haadstedsk Gewest
gemeente Brussel
plak Brussel-Sintrum
koördinaten 50° 50' 48" NB, 4° 21' 19" EL
bysûnderheden
type bouwurk plein
boujier 11e iuw-17e iuw
boustyl strjitstiennen
monumintale status UNESCO-Wrâlderfgoed
monumintnûmer 857
oare ynformaasje
lingte 111 m
breedte 56 m
kaart
Grutte Merk (Brusselsk Haadstedsk Gewest)
Grutte Merk

Beskriuwing bewurkje seksje

 
Twatalige strjitnammeboerd fan de Grutte Merk yn âlde stavering

It plein is sûnt 1998 in UNESCO-Wrâlderfgoed en wurdt omkringe troch ympossante gebouwen lykas de barokken gildehûzen fan de eardere Brusselske gilden en twa grutte gebouwen foarinoar oer: it grutte goatyske Stedhûs fan Brussel mei barokken foarkant út de fjirtjinde iuw; it neogoatyske Keningshûs of Breahûs (Maison du Roi/Broodhuis), dêr't hjoed-de-dei it Stedsmuseum fan Brussel yn fêstige is. It plein is 111 by 56 meter [1] en is folslein befluorre mei strjitstiennen.

De Grutte Merk is de wichtichste toeristebestimming en histoarysk monumint fan Brussel en it is ek ien fan de moaiste pleinen fan de wrâld. Der wurde ferskate kulturele eveneminten en festiviteiten holden op it plein en yn augustus elts jier wurdt der in ûnbidich grut blommekleed yn it midden fan it plein oanmakke. It is ek it sintrum fan de jierlikse kryst- en âld-en-nij-festiviteiten.

It plein wurdt betsjinne troch metrostasjon Bourse/Beurs op linen 3 en 4.

Skiednis bewurkje seksje

Mei de bou fan de Grutte Merk waard yn de alfde iuw úteinset en wie folslein foltôge yn de santjinde iuw. It plein krige syn hjoeddeistige namme yn it tiidrek 1777-1789. Ynearsten hiet it plein Nedermerckt troch de legere lizzing en ûntstie op de rjochterouwer fan de rivier de Senne, eastlik fan it Senne-eilân dêr't it hjoeddeistich Place Saint-Géry/Sint-Goriksplein op leit, en eastlik fan de Werf, it kommersjele oanlisplak. It wie in sompich gebiet, dêr't Brussel syn namme wei hat (Bruocsella fan bruoc - broek/sompe en sella - wenplak), dy't doe drûchlein waard. De oarspronklike befluorring wie 1,20 meter leger as de hjoeddeistige. Der rûnen fan oarsprong sân strjitsjes op it plein ôf.

De bou barde stik foar stik en wie net gelyk. Yn de fyftjinde iuw kaam it Boergondysk Hof nei Brussel. Om Brussel in goed oansjen te jaan, liet de magistraat fan Brussel oan it plein in grut stedhûs bouwe. Tagelyk krigen de gilden en naasjes, dy't harren yn de fjirtjinde iuw organisearren, de kâns en bemachtigje harren eigen gildehûs.

Yn de Njoggenjierrige Kriich rekke it plein foar it grutste part skeind troch it Bombardemint op Brussel yn 1695 troch Frânske troepen. Allinnich de foarkant fan it Stedhûs, dy't as doelwyt foar de artillery tsjinne, en guon stiennen muorren koe it kanonnefjoer wjerstean. De hûzen om it plein hinne, dy't almeast fan hout boud wiene, waarden alhiel ferfongen troch stiennen hûzen yn barokstyl, dy't de rykdom fan de gilden werjaan moasten. It weropbouwen barde yn in Flaamsk-Italjaanske styl. De homogeniteit fan de gebouwen waard befoardere troch in stedsoardering dy't útmakke dat de bou-ûntwerpen foartiids troch it stedsbestjoer goedkard wurde moasten.

Yn de rin fan de achttjinde iuw ferrinnewearre it plein lykwols troch it ferearmjen fan de gilden. Nei de Frânske Revolúsje waarden se ôfskaft en waarden de gildehûzen as nasjonaal guod iepenbier ferkocht. Byldhouwurk waard fuorthelle of plondere troch sanskulotten. De nije eigeners lieten de saken fierder fertutearzje en lieten se nei de moade fan de tiid oanpasse en beplasterje.

Nei de twadde helte fan de njoggentjinde iuw ûntstie der gefoel fan de erfgoedwearde fan de gebouwen. It stedsbestjoer liet it Stedhûs restaurearje en it Keningshûs/Breahûs fannijs opbouwe. Foar gebouwen yn privee-eigendom waarden joegen se ynearsten subsydzjes foar it werompleatsen of ferfangen fan it ferdwûne byldhouwurk oan de gevels. Stadichoan waarden alle gebouwen restaurearre.

Yn 1990 waard it plein frijmakke fan it autoferkear.

Gebouwen om it plein hinne bewurkje seksje

 
It Keningshûs/Breahûs, dêr't it Stedsmuseum fan Brussel yn fêstige is
Stedhûs fan Brussel (Hôtel de Ville/Stadhuis)

It stedhûs is it sintrale gebou fan it plein dy't yn fazen tusken 1401 en 1455 boud waard oan de súdwestkant fan it plein. It gebou is it iennich oerbleaune gebou fan de midsiuwen fan it plein. It gebou waard it sit fan it stedsbestjoer en oant 1795 ek foan de Steaten fan Brabân. Yn 1830 wie it gebou de lokaasje fan it Foaariedich Bewâld nei de ûnôfhinklikens fan Belgje. It stedhûs, dy't boppe op syn toer bekroand wurdt mei in gouden stânbyld fan de aartsingel Michael, waard boud fan 1402 ôf. Mei de toer waard yn 1444 úteinset. Hy waard 96 meter heech, dochs stiet net alhiel yn it midden fan it gebou. It gebou is fersierd mei byldhouwurk.

Keningshûs/Breahûs (Maison du Roi/Broodhuis)

Yn de iere 13e iuw stie der op it plein in houten gebou dêr't bakkers harren brea ferkochten. Dy houten barak waard yn 1495 ferfongen troch in stiennen gebou, dêr't it bestjoer fan de hartoch fan Brabân yn fêstige waard. Dêrom waard it gebou doe it Hartochshûs {Midnederlânsk: 's Hertogenhuys) neamd waard, en doe't dyselde hartoch kenng fan Spanje waard, waard it it Keningshûs (Midnederlânsk: 's Conincxhuys). Under it bewâld fan keizer Karel V waard it gebou folslein ôfbrutsen en waard troch syn hofarsjitekt Antoon II Keldermans in nij gebou ûntwurpen yn flamboyante gotyk, te ferlykjen mei it hjoeddeistich gebou sûnder de tuorren en galeryen.

It Keningshûs waard weropboud nei't er skansearre rekke wie nei it Bombardemint op Brussel yn 1695. In twadde restauraasje folge yn 1767 doe't er in neoklassike portaal en in grut tek dêr't trije kowe-eachruten op befêstige waarden. Tusken 1874 en 1866 waard it gebou fannijs rekonstruearre yn syn hjoeddeistige neogoatyske foarm troch arsjitekt Victor Jamaer yn de styl fan syn master Eugène Viollet-le-Duc. Jamaer liet twa galeryen en in sintrale toer bouwe en fersierde de foargevels mei byldhouwurk en oare sierwurk. Oan de efterkant heakke er in fleugel yn mear sobere Flaamske Neorenêssânse-styl . It nije keningshûs waard yn 1896 offisjeel iepene. It ynterieur waard yn 1985 renovearre.

Yn it gebou is hjoed-de-dei it Stedsmuseum fan Brussel fêstige mei in weardefolle samling fan skilderings, retabels, wântapiten, byldhouwurk, sulverwurk en diggelguod dy't in mearsidich byld jouwe fan de skiednis fan Brussel.

Gildehûzen om it plein hinne
 
Plattegrûn fan de Grutte Merk mei de nûmering fan de hûzen
Nûmer Frânske namme Nederlânske namme Fryske oersetting Ornearre foar
1 Le Roi d'Espagne Den Coninck van Spaigniën De Kening fan Spanje gilde fan de bakkers
2-3 La Brouette Den Cruywagen De Kroade gilde fan de fetkeapers
4 Le Sac Den Sack De Pûde gilde fan de kûpers
en skrynmakkers
5 La Louve Den Wolf De Wolf gilde fan de bôchsjitters
6 Le Cornette Den Horen De Hoarne gilde fan de skippers
7 Le Renard Den Vos De Foks gilde fan de kreamers
8 L'Étoille De Sterre De Stjer hûs fan de amman
9 La Cygne De Zwane De Swan gilde fan de slachters
10 L'Arbre d'Or Den Gulden Boom De Gouden Beam gilde fan de brouwers
11 La Rose De Roos De Roas priveehûs
12 La Mont Thabor Den Berg Thabor De Berch Tabor priveehûs
12A Maison d'Alsemberg/
Le Roi de Bavière
Huis van Alsemberg/
Koning van Beieren
Hûs fan Alsemberg/
Kening fan Beieren
priveehûs
13-19 Maison des Ducs
de Brabant
Huis van de
Hertogen van Brabant
Hús fan de
Hartoggen fan Brabân
ferskate
13 La Renommée De Faem De Faam priveehûs
14 L'Ermitage De Cluyse De Klûs gilde fan flierkleedmakkers
15 La Fortune De Fortuin It Lok gilde fan learloaiers
16 Le Moulin à Vent De Windmolen De Wynmûne gilde fan mûnders
17 Le Pot d'Étain De Tinnepot De Tinnepot gilde fan weinemakkers
18 La Colline De Heuvel De Heuvel gilde fan byldhouwers
19 La Bourse De Beurs De Beurs priveehûs
20 Le Cerf Den Hert/
Het Heert
It Hart priveehûs
21-22 Joseph et Anne Joseph en Anna Joazef en Anne priveehûzen
23 L'Ange Den Engel De Ingel priveehûs
24-25 La Chaloupe d'Or Den Gulden Boot De Gouden Boat gilde fan kleanmakkers
26-27 Le Pigeon De Duif De Do gilde fan skilders
28 Le Marchand d'Or/
Aux Armes de Brabant
De Gulden Koopman/
De Wapens van Brabant
De Gouden Keapman/
De Wapens fan Brabân
gilde fan smarders
34 Le Heaume De Helm De Helm priveehûs
35 Le Paon Den Pauw De Pau priveehûs
36-37 Le Petit Renard/
Le Samaritain en
Le Chêne
't Voske/
De Samaritaen en
Den Eycke
De Lytse Foks/De Samaritaan en
De Iik
priveehûzen
38 Sainte-Barbe Sint-Barbara Sint Barbara priveehûs
39 L'Âne Den Ezel De Ezel priveehûs

Galery bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mario Damen: , The town as a stage? Urban space and tournaments in late medieval Brussels yn: Urban History, 2016, nr. 1, 53-54. DOI:10.1017/S0963926814000790

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grand Place (Brussels) fan Wikimedia Commons.