Stedhûs fan Brussel
It Stedhûs fan Brussel (Frânsk: Hôtel de Ville de Bruxelles, Nederlânsk: Stadhuis van Brussel) is it stedhûs it bestjoersplak fan de gemeente Brussel, de haadstêd fan Belgje. It stedhûs stiet oan it sintrale plein de Grutte Merk en is sûnt 1998 part fan it UNESCO-Wrâlderfgoed, dy't de gânse Grutte Merk omfiemet. Oan oare kant it plein stiet it neogoatyske Keningshûs/Breahûs, dêr't it Stedsmuseum fan Brussel yn fêstige is.
Stedhûs fan Brussel Hôtel de Ville de Bruxelles (Frânsk) Stadhuis van Brussel (Nederlânsk) | ||
bouwurk | ||
Foarkant fan it Stedhûs fan Brussel | ||
lokaasje | ||
lân | Belgje | |
gewest | Brusselsk Haadstedsk Gewest | |
gemeente | Brussel | |
plak | Brussel-Sintrum | |
adres | Grutte Merk | |
koördinaten | 50° 50' 48" NB, 4° 21' 19" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | stedhûs | |
boujier | 1401-1455 | |
arsjitekt | Jean Bornoy Jacob van Thienen Jan van Ruysbroek | |
yngenieur | Willem de Voghel | |
boustyl | Brabânske gotyk | |
monumintale status | UNESCO-Wrâlderfgoed | |
monumintnûmer | 857 | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 96 m (toer) | |
kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt Stedhûs waard yn fazen boud tusken 1401 en 1455 oan de súdkant fan de Grutte Merk. It is noch it iennichste midsiuwske gebou om it plein hinne. It âldste part is de eastlike fleugel (oan de lofterkant wannear't jin oan 'e foarkant stiet) en waard mei in lytsere toer tusken 1401 en 1421 boud, mooglik troch arsjitekt en ûntwerper Jacob van Thienen yn 'e mande mei Jean Bornoy. Ynearsten wiene de lettere útwreidings net foarsjoen, dochs troch it opnimmen fan de gilden yn it tradisjonele patrisyske stedsbestjoer moast der sjoen wurde nei mear romte yn it gebou. Yn 1444 waard úteinset mei de bou fan in justjes langere fleugel oan it besteande gebou. Yn 1455 waard de 96 meter hege toer dienmakke, dy't de âlde toer ferfong. Hy waard yn Brabânske goatyske styl boud en waard ûntwurpen troch Jan van Ruysbroeck, de hofarsjitekt fan hartoch Filips de Goede. De toer is boppe it tek in achtkantige iepene pinakel. Boppe op de toer is in fiif meter lange gouden metalen stânbyld fan de aartsingel Michael, de patroanhillige fan de stêd Brussel, dy't in draak delslacht. Neffens in leginde, doe't de arsjitekt ûntdiek dat de toer net alhiel yn it midden fan it gebou stie, die er himsels tekoart troch fan de toer ôf te springen. De wiere reden dat it Stedhûs assymetrysk is komt troch de ferskate tafoegings fan it gebou en brekme oan romte.
Op 13 augustus 1695, yn de Njoggenjierrige Kriich sette in Frânsk leger fan 70.000 manlju útein mei in bombardemint op Brussel om legers fan de Liga fan Augsburg te twingen fan harren belegering fan Namen, dy't ûnder Frânske kontrôle stie, op te jaan. De Frânsken fjurren harren kanonnen ôf op it sintrum fan Brussel, dat ta grutte brannen op de Grutte Merk en omlizzend gebiet late. De brân skansearre de gânse binnenkant fan it Stedhûs, dêr't de samlings argiven en keunstwurk by ferlern giene, lykas skilderings fan Rogier van der Weyden. Allinnich de muorre en de toer bleaune stean, itjinge nijsgjirrich is, want dy wiene nammers it doelwyt fan it artilleryfjoer.
Nei de bombardemint, bekostige it stedsbestjoer it weropbouwen fan it Stedhûs troch lân- en hûzeferkeap. It ynterieur waard al rillegau weropboud en fergrutte troch arsjitekt-byldhouwer Corneille van Nerven, dy't fan 1706 oant 1717 trije efterfleugels yn U-foarm yn Loadewyk XIV-styl oer de ruïnen fan de eardere lekkenhal hinne bouwe liet dêr't it gebou fan in L-foarm feroare yn in fjouwerkant mei in binnenhof. Oant 1795 waarden dy fleugels brûkt troch de trije stannen (adel, geastlikheid en boargerij) fan de Steaten fan Brabân.
Yn de njoggentjinde iuw ûndergie it Stedhûs ferskate restauraasjes. De wichtichste arsjitekt yn dy snuorje wie Victor Jamaer dy't de Brusselske stedsarsjitekt wie. Hy rekonstruearre ek it Keningshûs/Breahûs oan oare kant de Grutte Merk. It ynterieur waard no dominearre troch neogotyk, lykas yn de Maksimiliaan-seal, de Brabânske Steateseal en harren festibule mei wântapiten dy't it libben fan Klovis werjaan, de gemeenteriedseal en de trouseal (earder de rjochtseal).
Ek yn dy snuorje waarden de measte bylden oanbrocht. Foartiids wie it Stedhûs net sa fersierd mei byldhouwurk as nei de restauraasje. Jamaer fernijde de foargevel mei in nije galery en in nij portaal. De sealen waarden oanfolle mei wântipen, skilderings, byldhouwurk, dy't almeast ûnderwerpen fan de pleatslike en regionale skiednis fertsjintwurdigje, allyk in brûnzen stânbyld fan de aartsingel Michael.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe toer, mei in totale hichte fan 96 meter, bestiet út twa parten: it ûnderste part bestiet út in fjouwerkant mei twa ferdjippings dy't fan de earste faze fan de konstruksje stammet en dêrboppe in achtkantige iepen lantearnetoer stipe troch fjouwer hoektuorren dy't troch Jan van Ruysbroek krapoan in heal iuw letter boud waard. Boppe op de spits stiet in fiif meter lange stânbyld yn fergulde metaal fan de aartsingel Michael dy't in draak delslacht. It orizjinale stânbyld komt fan 1455 en waard ferskate kearen restaurearre, mar waard yn 1990 yn it Stedsmuseum fan Brussel pleatst en ferfongen troch in neimakken ien.
De foargevel bestiet út twa assymetryske fleugels mei achtkantige hoektuorren op 'e ein. Eltse fleugel bestiet út arkaden, in balkon en twa ferdjippings mei grutte montrale ruten. It dak is in hege sealtek dêr't ferskate dakkapellen op befêstige binne. Fierders is de foargevel fersierd mei ferskate bylden fan de pleatslike adel, lykas de hartoggen fan Brabân, geastliken en allegoryske figueren. Dy bylden stamje almeast fan de restauraasje fan de 19e iuw, wylst in soad fan de oarspronlike 15e iuwske bylden yn it Brusselske Stedsmuseum steane. De ûnderste ferdjipping is in galery fan arkaden dy't lykwols assymetrysk is; mei oan de lofterkant alve en oan de rjochter kant seis. De arkaden wurde stipe troch pylders, dy't fersierd binne mei bylden fan Brusselske eallju. Yn de galery oan de lofterkant stiet in portyk mei treppen en in stiennen balustrade en twa kolommen mei dêrboppe elts in sittende liuw dy't de wapen fan Brussel draacht. Dy liuwen waarden makke troch G. de Groot yn 1869 by de 19e iuwske restauraasje.
Under de toer is in portaal mei boppe oan in timpaan dêr't de aartsingel Michael yn ôfbylde is omkrige troch de hilligen Sebastiaan, Kristoffel, Joaris en Goarik, dy't neffens in leginde in kapel bouwe liet dat ta it ûntstean fan Brussel late. Oan wjerskanten fan de portaal steane stânbylden fan de fjouwer kardinale deugden: Prudentia (wiisheid en Iustitia (rjochtfeardigens) lofts en Fortitudo (moed) en Temperantia (selsbehearsking) rjochts. It timpaan komt lykwols fan de 19e iuw en net fan it eardere goatyske tiidrek.
Oan de ferskate muorren op it Stedhûs, de foarkant en oan it binnenhôf binne in hiele nust wetterspuiers, dy't minsklike, dierlike en fantasijefigueren foarstelle, oanbrocht. Ek op de achtkantige hoektuorren binne wetterspuiers op eltse ferdjipping oanbrocht.
Yn it binnenhôf is op de flier in stjer oanbrocht dy't nei it geografysk sintrum fan Brussel ferwiist. It is fersierd mei twa moarmeren fonteinen mei twa allegoaryse figueren dy't de rivieren de Skelde en de Maas foarstelle. De noardwestlike en súdeastlike gevels oan it binnenhôf hawwe twa ferdjippings mei lange rjochthoekige ruten mei houten montralen. De súdlike muorre hat op de grûnferdjipping in portaal mei in koerhânselfoarmige bôge.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe haadsalen binne op de grûnferdjipping. By de rjochteryngong komt jin yn de festibule, dy't ek as de Foarstegalery bekend stiet. Dêr hingje portretten fan de foarsten en lânfâden fan de Súdlike Nederlannen fan 1695 ôf en de Kening fan de Belgen. Ek is der in groepsportret fan de yntindanten fan it Kanaal fan Willebroek, mei in útsicht op Klein-Willebroek.
Yn de lange efterfleugel is de Steateseal, dy't yn de iere 18e iuw boud waard foar de Steaten fan Brabân en dêrnei troch de Brusselske gemeenterie brûkt waard. De wylderige dekoraasje is it wurk fan Victor Honoré Janssens. Hy makke de plafondskildering mei in Gearkomste fan 'e Goaden en ek de kartons fan de trije Brusselske wântapiten mei barrens út de skiednis fan Brabân. De trije skilderings tusken de finsters tsjin in gouden eftergrûn oan litte frouljusfigueren sjen dy't de stêden Antwerpen, Brussel en Leuven foarstelle moatte. De houten banken steane yn U-foarm.
De Maksimiliaan-seal dêrnjonken is neamd nei in 19e iuwsk dûbelportret fan keizer Maksimiliaan I en Marije fan Boergonje. De romte wie ornearre foar de bestjoerders fan de Steaten fan Brabân en waard letter oernommen troch it kolleezje fan boargemasters en skepen. De wannen binne beklaaid mei fjouwer tapiten út de searje "Libben fan Klovis" dy't út acht parten bestiet, nei kartons fan de Frânske skilder Charles Poerson. De oare fjouwer fersiere de folgjende keamer. De Grangé-galery by de kant fan it binnenhôf del ferbynt al dy sealen en befettet 18e iuwske foarsteportretten skildere yn 1718 troch Louis Grangé.
It boargemasterskabinet is oan de kant fan de Rue Charles Bul/Karel Bulstraat. De wachtkeamer dy't ynearsten boud waard foar it sekretariaat fan de Steaten fan Brabân, is fersierd mei skilderings fan Jean-Baptiste van Moer. Dy binne yn de ikehouten lambrisearring ynwurke en litte it part fan Brussel sjen dat ornearre wie foar it slopen omreden de oerkaping fan de Senne.
De earetrep is der kommen fanwegen in ein 19e iuwske ferbouwing en meitsje in streekrjochte en monumintale tagong ta it boargemasterskabinet en de goatyske seal. De oarspronklike kapel moast dêrtroch fuorthelle wurde. Op de muorren en plafonds binne skildersdoeken fan Jacques de Lalaing oanbrocht. Yn de oergong steane busten fan de boargemasters.
De goatyske seal yn it âldste part fan it stedhûs is hast alhiel neogoatysk. De houten beklaaiïng is it wurk fan stedsarsjitekt Victor Jamaers. Yn de lange sydkanten bine wântapiten ferwurke fan it Mechelske atelier Braquenié nei ûntwerp fan Willem Geerts. Hja stelle de Brusselske ambachten foar. De twa wântapiten oan de koarte kant hawwe te krijen mei de wapengilden. Oarspronklik wie de seal it plak dêr't it heechste rjocht sprutsen waard. De lange muorre foar de Rue Charles Bul/Karel Bulstraat oer waard fersierd mei "De rjochtfeardigens fan Trajanus en Herkinbaldus", de ferneamde rjochtfeardigenspanielen fan Rogier van der Weyden, rekken ferlern by it Frânske bombardemint op Brussel.
Oan de kant fan de Grutte Merk is de trouseal ynrjochte. Ek waard dêr eartiids rjocht sprutsen en is in neogoatyske transformaasje trochfierd. Op de dakbalken is in Midnederlânsk gedicht oernommen dat al yn d e15e iuw weromtocht oan de manier om de stêd deugdlik te bestjoeren. De konsolen litte de wapenskylden fan de sân Brusselske aadlike skaaien sjen en it plafond dy fan de ambachten.
Ynfloed
bewurkje seksjeIt Brusselske stedhûs wie in foarbyld foar it wurk fan arsjitekten fan de neogotyk. De Eastenrykske arsjitekt Friedrich von Schmidt die ynspiraasje op fan it Brusselske stedhûs doe't er it Stedhûs fan Wenen ûntwurp. Georg von Hauberriser, doe't er it nije Stedhûs fan München boude, brûkte ek it Brabânske patroan as in arsjitektoanysk foarbyld.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Stedhûs Brussel - trabel.com
- Stedhûs fan de stêd Brussel - Belgiumview
- Rûnliedings troch it Stedhûs fan Brussel - brussels.be
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei References op dizze side |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brussels town hall fan Wikimedia Commons. |