Grutte Tsjerke (Hoogeveen)
De Grutte Tsjerke is in rjochtsletten trijeskippige halletsjerke yn it Drintske plak Hoogeveen. Sûnt 1965 is it gebou in ryksmonumint.
Grutte Tsjerke
Grote Kerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Hoogeveen | |
adres | Grote Kerkstraat 40 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1652 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22255 (tsjerke) [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan de Grutte Tsjerke |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1652 boud as de earste tsjerke fan Hoogeveen en krige in grûnplan fan in Gryksk krús. Yn 1664 waard de tsjerke yn gebrûk nommen, mar it duorre noch oant 1682 ear't Hoogeveen in eigen dûmny krige.
De tsjerke krige om 1720 hinne in dakruter, dêr't twa klokken út 1649 en 1680 yn Sutfen troch Hemony getten klokken yn hingje. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken troch de besetter foardere, mar nei de befrijing binne de klokken werom fûn en wer ophong yn de dakruter.
Yn 1744 folge in fergrutting fan de westlike earm fan de tsjerke, sadat it grûnplan feroare yn in Latynsk krús. Yn 1801 en yn 1804 waard de tsjerke fierder útboud neffens in ûntwerp fan H.C. Dekker, werby't de tsjerke it hjoeddeiske oansjen as halletsjerke krige. De Grutte Tsjerke waard yn de jierren 1967-1969 foar it lêst restaurearre, werby't benammen it ynterieur in grutte feroaring ûndergyng.
Yn 2017 kaam de Grutte Tsjerke yn it nijs om't de tsjerkeried fan doel wie it gebou te ferkeapjen oan in horeka-ûndernimmer. De tsjerke soe dan sneins iepen bliuwe foar de earetsjinst en troch de wike brûkt wurde as horeka-gelegenheid. Dêrmei kaam de tsjerkeried yn konflikt mei de eigen gemeenteleden, dy't feestpartijen yn de tsjerke net foechsum fûnen en dêrom it útstel dienen om sels de tsjerke oer te keapjen. De ûndernimmer loek him werom en de tsjerkeried naam lang om let it beslút de tsjerke net ferkeapjen, mar te modernisearjen.[2][3][4]
Ynterieur
bewurkje seksjeMei de ferbouwing fan 1801-1804 krige de tsjerke ek in nije iken preekstoel. Fierder besit de tsjerke in rouboerd út 1757, in pakesizzer fan Roelof fan Echten, ien fan de stifters fan Hoogeveen.
Under de oargelgalerij hinget de trommel, wermei't oant 1973 alle sneins in fêste tromslagger it folk optrommele om nei tsjerke te gean. Tsjintwurdich wurdt der allinne noch trommele by spesale tsjinsten.
It doopfont is út 1970 en hat in 18e-iuwsk gielkoperen doopbekken.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1843 troch J.C. Scheuer en Soannen út Swol boud mei 20 registers en oanhongen pedaal. Petrus van Oeckelen fernijde it ynstrumint yn 1861 en wreide it út mei in selsstannich pedaal. Yn 1969 en 2012 waard it oargel restaurearre troch de firma Pels & van Leeuwen út Alkmar. De bylden op de oargelkas stelle it Leauwe, de Hope en de Leafde en tusken de ingels kening David foar. It oargel telt 25 registers ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|