Grutte benearing
It begryp grutte benearing of grutte delklap (fan it Grykske μεγάλη θλίψις, megale thlipsis, dat "grutte druk" of "grutte delklap" betsjut) betsjut yn de kristlike eskatology in tiidrek fan benearing op ierde sân jier lang yn de snuorje fan de eintiid foar it weromkommen fan Jezus, dy't dêrnei it Tûzenjierrich Ryk fêstigje sil. Yn it evangeelje fan Mattéus 24:21 en yn de Iepenbiering fan Jehannes 7:4 wurdt neamd dat Jezus it tiidrek foarsein hat.
Eftergrûn
bewurkje seksjeEar't de grutte benearing plakfynt, fine der earst in stikmannich foarfallen plak: de Antykrist sil frede mei Israel slute. Foar it tiidrek fan de benearing wurdt sân jier oannaam op grûn fan de profesij fan Daniël fan santich wiken yn Daniel 9:24-27 út it Alde Testamint. De grutte benearing is in straf foar de folken en foar Israel, dy't liede moat ta it erkennen fan Jezus as de Messias troch Israel oan 'e ein fan de grutte benearing.
De grutte benearing of de grutte delklap, dêr't fan sprutsen wurdt yn Mattéus 24, Markus 13 en Iepenbiering 7, wurdt brûkt om al dy teksten gear te fetsjen en wurdt as in tiid fan kriich en natuerrampen omskreaun. Dêrta hearre benammen de sân segels en de fjouwer ruters dy't yn Iepenbiering neamd wurde.
Ynterpretaasje
bewurkje seksjeDer besteane ferskate mooglikheden foar de grutte benearing:
- as in symboalyske tiid;
- as foarfallen troch de skiednis hinne, sa as kristenferfolgings,
- in straf fan God foar de Joaden troch it oermasterjen fan Jeruzalim troch keizer Titus yn it jier 70,
- in foarfal dat yn de neie of lettere takomst barre sil, dêr't dizze ynterpretaasje as it tiidrek mei sân jier sjoen wurdt.
De lêstneamde mooglikheid spilet benammen by premilennialisten en dipensasjonalisten in wichtige rôl, sawol yn de teology as yn de foarstelling fan de leauwigen. Dêrnjonken binne der yn it premilennialisme noch trije ynterpretaasjes dy't de ferhâlding tusken de grutte benearing, de opname fan de gemeente en it weromkommen fan Jezus oanbelangje:
- de opname fan de gemeente bart foar it begjin fan de grutte benearing (pretribulasjonisme),
- de opname fan de gemeente bart healwei de grutte benearing,
- de opname fan de gemeente bart nei de grutte benearing, dus yn 'e mande mei it weromkommen fan Jezus (posttribulasjonisme).
Guon teologen leauwe dat in part fan de gemeente opnaam wurde sil. Dêrfan wurdt útgien dat allinnich de leauwige kristenen foar de grutte benearing opnaam wurde en de oaren dy't bekeard binne en dy't harren leauwe wer ferfetsje sille nei de grutte benearing by it weromkommen fan Jezus opnaam wurde en de guon dy't in marteldea ferstoaren sille wer opstean.
Ferskate teologen tsjutte de twadde helte fan it tiidrek fan de benearing oan as de grutte benearing. It wurdt dêrmei ûnderskaat fan de "benearing" dy't sân jier duorret en de "grutte benearing" is dan de lêste trijeënheal jier. Eftergrûn is dat de yn de Bibel beskreaune foarfallen yn de twadde helte noch folle mâler geane.
Ferrin en wichtichste foarfallen
bewurkje seksjeNeffens it premilennialisme wurdt it tiidrek fan de benearing eins yn twa helten ferdield. Healwei de benearingtiid "komt in fernieler (de Antykrist) yn fleanende faasje mei gâns grouwélichheden, yn syn flecht lit er neat hiel. Alles wat fêststeld is, sil him útstoarte oer ien dy't him deroer besauwe sil" (Daniel 9:27). Yn de earste helte sil de profeet Elía optrede en sil der in wrâldwiid regearsysteem mei tsien keningen mei tsien keninkriken wêze. Guon teologen tinke dat it likernôch tsien wêze kinne, ynstee fan presys tsien.
Foar de earste helte fan de grutte benearing ferwize teologen nei de seis segels út Iepenbiering 6 en de seis trompetten út Iepenbiering 9. Foar de twadde helte leit de neidruk op de sân gouden skalen fan de ingels út Iepenbiering 15.
Fan Iepenbiering 9:20 geane de measte teologen derfan út dat de grutte mearderheid fan de minsken yn it tiidrek fan de grutte benearing God net opsykje sille. De oaren, dy't God al opsykje, sille dêr as martelders yn omkomme, mar sille by it weromkommen fan Jezus wer opstean. Dêrfoaroer ûntstiet der yn Israel in mannichte dy't Jezus as Messias erkenne sil, dêr't it symboalyske tal fan 144.000 foar oantsjutten waard.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|