Grutte of Sint-Gertrudistsjerke

(Trochferwiisd fan Grutte of Gertrudistsjerke)

De Grutte of Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum is de grutste krústsjerke fan Fryslân en de tsjerke fan de Protestantske gemeente fan Warkum.

Grutte of Sint-Gertrudistsjerke
Lokaasje
Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Warkum
adres Merk 5
koördinaten 52° 58' N 5° 26' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Gertrudis fan Nijvel
Arsjitektuer
boujier 16e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39458
Kaart
Grutte of Sint-Gertrudistsjerke (Warkum)
Grutte of Sint-Gertrudistsjerke
 
Ynterieur

Dizze goatyske tsjerke ûntstie ein 15e iuw troch útwreiding fan in foargonger, dêr't fierder gjin dielen fan oerbleaun binne. It âldste diel fan de hjoeddeiske tsjerke is it koer, dat om 1480 ferriisde. Fuort dêrnei folgen it transept en de toer. Yn de 16e iuw waard it âlde skip ferfongen troch de hjoeddeiske trijeskippige halletsjerke, dat ûnfoltôge bleau en oant 1946 ôfsluten wie mei in houten westgevel.

De frijsteande tsjerketoer waard begjin 17e iuw oanpast, mar bleau ûnfoltôge. Yn de toer hingje twa klokken. Yn 2007 bruts fan ien fan dy klokken de jitizeren bingel ôf.

Yn 2010 waard begûn mei de restauraasje.

De barokke preekstoel út 1718 is makke trou Gerbrandus van der Haven en fersierd mei fiif Bibelske foarstellings. It renêssânse koerhek waard yn 1569 makke troch Claes Thiebbes.

It besjen wurdich binne inkele gildebieren. Der binne acht monumintale lykbieren. Yn 'e tsjerke binne âlde grêftsjerken, wêrfan de âldste út 1523 stamt.

De tsjerke hat twa oargels.

Yn 1696-1697 boude Jan Harmenss. Camp út Berltsum in nij oargel foar de Grutte Tsjerke. Mooglik waard dêr piipwurk by brûkt fan it eardere oargel. Yn 'e Holpijp 8' fan it haadwurk binne noch likernôch 30 ier-16e-iuwske pipen. De oargelkas en de balustrade waarden makke troch Jan Claessen en Symon Joostes. It fykwurk waard levere troch de Ljouwerter Jan Freecks. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it oargel restaurearre en feroare, oant yn 'e jierren 1877-1878 Eeltje Sjoerds Ypma fan Boalsert mei gebrûk fan in soad âld piipwurk in hiel nij oargel efter de âlde oargelkas boude. Ek dat oargel waard yn 'e rin fan 'e tiid oanpast en feroare. Yn 'e jierren 1980-1981 folge troch de firma Flentrop út Saandam in rekonstruksje fan it oargel yn 'e styl fan Jan Harmenss. Camp.

It koeroargel waard yn 1784 troch J.P. Künckel boud foar in notaris yn Delft. De tsjerke waard yn 1934 yn de doe nije rjochtsinnich-herfoarme Eikstraatkerk fan Hoarn delset en yn 1973 restaurearre. Nei't de tsjerke yn 2001 sletten waard, ferhûze it oargel yn 2005 nei de Grutte Tsjerke fan Warkum.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grutte Tsjerke, Warkum fan Wikimedia Commons.