Herman van Wissen
Hermanus Johannes (Herman) van Wissen (Grins, 27 desimber 1910 - dêre, 23 april 2000) wie in Nederlânske arsjitekt en keunstskilder.
Herman van Wissen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hermanus Johannes van Wissen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 desimber 1910 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 23 april 2000 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Arsjitekt, Keunstskilder |
Biografy
bewurkje seksjeVan Wissen's heit wie arsjitekt A.L. van Wissen (1878-1955), dy't û.o. it gemeentehûs fan Uithuizermeeden ûntwurpen hat. Van Wissen krige syn opliedingen oan de HTS-boukunde yn Grins, it Keunsthistoarysk Ynstitút Rome en it Grafysk Sintrum yn Grins. Yn de jierren '30 wie er learling fan Jan Derksen Staats (skilderjen) en letter Anne Huitema (grafyske techniken).
As skilder wurke Van Wissen fral mei Siberysk kryt, wetterferve (akwarel), tempera en oaljeferve. Hy skildere meast lânskippen yn in figuratyf-ekspresjonistyske styl. Van Wissen wie lid fan de keunstrûnte ‘De Regenboog’ yn Grins en (besjoers)lid fan de Grinzer keunstrûnte De Ploeg. Hy makke stúdzjereizen nei Grikelân, Hongarije, Israel, Joegoslaavje, Eastenryk, Rome en de Feriene Staten.
Yn 1946 ûntwurp Van Wissen in fersetsmonumint foar Grins yn de foarm fan in poarte; it krige in plak op it R.K. Kerkhof oan de Hereweg. As arsjitekt krige Van Wissen nei de oarloch in protte opdrachten foar wenningbou. Yn de twadde helte fan de jierren '50 wienen it meast opdrachten foar it ûntwerpen fan tsjerken.
Van Wissen waard nei syn pensjonearing opfolge as arsjitekt troch syn âldste soan Ad. Syn soan Driek (1943-2010) waard yn 2005 útroppen as Dichter des Vaderlands, soan Jan van Wissen (1946) is byldzjend keunstner.
Bouwurken
bewurkje seksjeJier | Plak | Omskriuwing |
---|---|---|
1935 | Grins, hoeke Esserweg/Verlengde Hereweg | dûbel lânhûs |
1950 | Grins, Herebinnensingel 1 | bedriuwsgebou |
1956 | Amersfoort, Liendertseweg | Heilig Kruiskerk |
1957 | De Gordyk, Compagnonstraat | RK-tsjerke Sint Paulusfikary |
1959 | Hengelo, Haydnlaan | RK-tsjerke St. Raphael |
1961 | Tollebeek, Vosseburcht | RK-tsjerke St. Hubertus |
1962 | Musselkanaal, De Brink | Kleasterkapel Fransiskanessen |
1962 | Ljouwert, Archipelweg | RK-tsjerke St. Franciscus |
1963 | Frjentsjer, Godsacker | RK-tsjerke St. Fransiskus |
1964 | Klazienaveen, Stellingstraat | RK-tsjerke St. Henricus |
1965 | Irnsum, Rykswei | RK-tsjerke St. Marcus |
1966 | Wytgaard, Tjissema | Marije-Himelfearttsjerke (Wytgaart) |
1971 | Grins | âldereinsintrum Corpus den Hoorn |
Ferskaat
bewurkje seksjeVan Wissen wie yn 1959 belutsen by it bouwen oan de Houtmanlaan yn Helpman (Grins). Dêr waard doe in urne fûn, dy't datearre waard op it tiidrek fan it Grutte Folkeferfarren. Nei Van Wissen syn dea hawwe de erfgenamten de urn oan it Grinzer Museum skonken (2004).
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|